Berne: 16-06-1942, Marum (Grinslân)

Jan Popkema is frisist en nearlandikus. Hy wurke ûnder oare by de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk yn Ljouwert en wie leksikograaf by de Fryske Akademy. Dêrneist hat er literêr wurk fan bygelyks Gysbert Japicx oerset en Fryske learmiddels skreaun. Yn 2018 kaam de Fryske oersetting fan Das Parfum fan Patrick Süskind út. Foar dat boek waard de dr. Obe Postmapriis 2020 takend.

Libben en wurk
Nei de HBS folge Popkema de oplieiding skiekunde, mar bruts dy ôf. Dêrnei studearre er Nederlânsk en nei in kandidaats Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit Grins helle er yn 1980 it doktoraal Frysk oan dy universiteit. Hy wie yn 1968 al begûn as dosint Nederlânsk oan de havo/vwo yn Drachten. Yn 1973 begûn Popkema as leksikograaf oan de Fryske Akademy en ûnderwilens wie er dieltiiddosint Nederlânsk MO-A en Frysk MO-A yn Grins en Ljouwert. Dêrnei wie er fan 1981 oant de VUT yn 2003 wurksum by de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk oan de Noordelijke Leergangen, letter de Noordelijke Hogeschool yn Ljouwert.  

Yn syn karriêre hat Popkema ferskate learmiddels skreaun en hat er in rige publikaasjes oer it ûnderwiis op syn namme. Sa hat er foar de twadde faze fan it havo/vwo en de learare-oplieding Frysk learmiddels makke oer ûnder oare taaleigen, stavering en tiidwurden. Foar it publyk skreau er bygelyks Tiidwurden (2000) en Grammatica Fries (2006). Dêrneist hat er ek ferskate wittenskiplike publikaasjes it ljocht jûn, lykas yn 2014 de stúdzje De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu.

Jan Popkema wurket ek as oersetter. Sa hat er wurk fan Gysbert Japicx oerset út it Midfrysk nei it Nijfrysk. Fan ferskate dichters hat er wurk oerset foar yn bondels, lykas Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden. Hy wurke ek mei oan it nije Fryske lieteboek foar de tsjerken, dat yn 2015 útkaam. Yn 2018 ferskynde de oersetting fan it ferneamde Dútske boek Das Parfum fan Patrick Süskind. Foar dy oersetting waard Popkema de dr. Obe Postmapriis 2020 takend.

WURK (kar-út)


Oersettings
1994: 32 gedichten (fan 17 auteurs) yn: T. Oppewal en P. Boorsma (gearstallers), Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden. Oersetting fan Frysk nei Nederlânsk
2001: Tachtich fragen oer lytse talen / Tachtig vragen over kleine talen (einredaksje en mei-oersetters)
2003: 'Friesche Herder' (minus 'Jûnbea' en 'Moarnsliet') en 'Yen suwnerlinge forhânlinge fen it Libben in fenne Deade'. Yn: Ph. Breuker (red.), Gysbert Japix. Een keuze uit zijn werk. Oersetting fan Midfrysk nei Nijfrysk
2015: 17 oersettings foar Lieteboek. Sjonge en bidde thús en yn tsjerke (en taalkundich adviseur fan de redaksje). Oersetting fan Nederlânsk nei Frysk
2018: It parfum (oersetting út it Dútsk, Das Parfum fan Patrick Süskind)

Oare publikaasjes
1983: Psalmbewurkingen yn it Frysk
1998: Ta de taalkunde fan it Frysk
2000: Tiidwurden (mei D. Eisma)
2006: Grammatica Fries
2006: Basisgrammatica Fries. Begrijpelijk voor iedereen (Ingelske oersetting yn 2013)
2008: Mei it wiffe skip. Nei hûndert jier Kristlik Frysk Selskip (redaksje, einredaksje en histoaryske ynlieding)
2010: 50 jier Fryske Krite Dr. G.A. Wumkes Burgum (einredaksje)
2014: De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu

Prizen
2020: dr. Obe Postmapriis foar It parfum

Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 28-03-2014 (oer skiednis kristlik-Fryske beweging)
Ruurd Walinga, FD 13-11-2020 (oer takenning Obe Postmapriis)
Nieuwsblad Noordoost-Friesland, 14-01-2021 (oer takenning Obe Postmapriis)
Yke Bremer, Drachtster Courant 24-02-2021 (oer takenning Obe Postmapriis)

Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar.

©Tresoar, 25-01-2021