Berne: 19-03-1948, langsweagen

Henkie fan de Polderdyk is in pseudonym fan Hendrik Liemburg is berne op ’e Damslûs, oan ’e Polderdyk, op ’e skieding fan Langsweagen en Terwispel, oan ’e Sweagemer kant. Fan him binne trije bondels mei koarte ferhalen ferskynd.

 

Libben en wurk

Hy wie de jongste fan de fjouwer bern. Syn âlden hienen oant 1966 in boerespultsje by de Damslûs dêr't se ek slûswachter, brêgewipper en lampe-opstekker wienen fan de petroaljelampe dy’t op de Polderdyk stie. Hindrik is grut wurden mei in al âldere heit en mem en âldere broers en suster en libbe yn alle ienfâld op in plak dêr’t hy yn syn jonge jierren allinne mar op de fyts of mei de roeiboat komme koe. De legere skoalle yn Terwispel en de ambachtsskoalle op ’e Gordyk hawwe him foarme. Yn 1966 is er mei syn alders ferhuze nei in lytse wenning oan de feart yn Terwispel. Fan syn sechstjinde oant syn sechtichste hat hy wurke yn de lânboumeganisaasje. Earst op ’e Tynje en letter by de smid yn Terwispel. Yn 1970 kaam hy op ’e klaai oan it wurk en yn itselde jier is hy ek troud mei Geartsje fan de Gordyk. Nei’t se in lyts tweintich jier yn Stiens wenne ha, binne se nei Britsum ferhuze, dêr’t se no noch wenje.

Ferhaleskriuwen
Nei syn pensjoen begûn er mei it skriuwen fan koarte ferhalen, oer minsken en dingen fan eartiids en no. Ferhalen oer syn bernetiid op 'e Damslûs, oan de Polderdyk. Ek ferhalen oer minsken dy't hy meimakke yn syn jonge jierren, mar ek ferhalen fan no. Hy hellet in protte ynspiraasje op fan de campings. Foaral op camping de Turfhoeke op ’e Gordyk dêr’t se alle jierren in skoftsje mei harren karavan stean om wer fan harren “roots” te genietsjen. Dat hie ta gefolch dat yn 2011 syn earste boekje op ’e merk kaam. Om’t de kopij noch net op wie kaam twa jier letter it twadde boekje. En wer twa jier letter in tredde. Alles yn eigen behear en allegear útferkocht. Hindrik neamt himsels mear stikjeskriuwer as skriuwer. Hy hâldt him tsjinwurdich bûten it skriuwen fan ferhalen dwaande mei twa boekwurkjes. Ien foar syn neiteam dêr’t hy de histoarje fan de famyljes fan him en syn frou yn fêstleit en in boekwurkje oer de bewenners fan de pleats dêr’t hy berne is. Dy polderpleats hat in histoarje dy’t om 1850 hinne al begjint by it ynpolderjen fan it 6e en 7e feandistrikt. De lêste jierren is Hindrik ek dwaande om rymkes op papier te krijen, rymkes oer syn bernetiid oan de Polderdyk en omjouwing.
Ien kear yn de fjouwer wike skriuwt er in kollum yn De Stienser. Ek stiet der út en troch wat fan him yn de Sa en yn ferskate doarpsblêden.

WURK

Publikaasjes
2011: Koarte ferhalen en rymkes
2013: Koarte ferhalen diel II
2015: Koarte ferhalen

Mear ynformaasje
www.henkiefandepolderdyk.nl

©Tresoar, 18-02-2021

Foto auteur: Eigen foto