Berne: 06-11-1924, Grou
FerSTOARN: 28-02-2014, Drachten

Libben en wurk

Tsjits Peanstra, skûlnamme fan dichteres Tsjits Jonkman-Nauta, waard berne op de pleats Toetsma State te Grou. Se wie noch gjin twa jier âld, doe’t har heit kaam te ferstjerren. Fiif jier letter troude har mem mei Thys Jaarsma; út dat houlik waard noch in jonkje berne. Doe’t Tsjitske trettjin jier wie, ferhuze it gesin nei De Pean, in buorskip tusken Grou en Akkrum. Har lettere skriuwstersnamme ‘Peanstra’ ûntliende se oan dat plak yn it wetterlân. Tsjits Nauta wie in talintearre hurdrydster op ’e koarte baan; se ried yn 1956 ek de alvestêdetocht. Novimber 1945 ferhuze se nei de stêd Grins om dêr yn it Academisch Ziekenhuis in oplieding ta ferpleechster te folgjen. Nei har oplieding soe se yn Denemarken oan de slach, mar dat avontoer rûn nei in pear moanne op 'e non. Yn 1952 waard se wykferpleechster te Aldeboarn. Se kaam yn ’e kunde mei it echtpear Geart en Lamkjen Jonkman; doe’t Lamkjen siik waard en net wer better koe, sei Tsjits har baan op om har ferpleegje te kinnen. Neidat Lamkjen ferstoarn wie bleau Tsjits as húshâldster yn it gesin mei twa opgroeiende fammen te wenjen. Twa jier letter troude se mei Geart Jonkman. Nei in houlik fan goed alve jier kaam Jonkman hommels te ferstjerren. Tsjits pakte har âlde berop wer op en waard wykferpleechster yn Raerderhim, oant se yn 1984 mei de VUT gie. Yn earsten bleau se yn Raerd te wenjen; yn 2007 ferhuze se nei in serviceflat yn Drachten.

Njonken dichtsjen hat Tsjits Peanstra har ek noch op oare keunstsinnige wizen utere: se skildere, etste, makke akwarellen en boetsearre.

Dichteres

Yn har tiid as learling-ferpleechster yn Grins waard har belangstelling foar poëzy fersterke. Se skreau sels al fersen, mar hie noch nea publisearre. Op oantrún fan jiergenoat, doe studint Ingelsk, Klaes Dykstra, stjoerde se inkelde fan har fersen nei De Stiennen Man, it Striidblêd fan it Boun fan Frysk nasjonale Jongerein. Hja debutearre yn desimber 1948 yn dat blêd, ûnder pseudonym Tsjits Peanstra, mei de fersen Sneintejûn en Reis. Har debút yn boekfoarm kaam yn 1955 mei de bondel Underweis, yn 1968 ferskynde Hûs fan stilte, yn 1984 folge troch Pypkrûd en yn 1988 troch Oanspield.

De Stiennen Man
bleau oant en mei 1954 har wichtichste poadium, mar al fan 1949 ôf naam ek De Tsjerne geregeldwei wurk fan har op. Letter publisearre se ek yn kultureel moanneblêd De Strikel en sa no en dan yn oare literêre blêden. De Fryske Skriuwerskalinder, dy’t se lang mei redigearre, naam alle jierren in fers fan har op. Fierders waard regelmjittich in fers fan Peanstra opnommen yn Fersefariaasje, in bondeltsje dat alle jierren gearstald en útjûn wurdt foar de foardrachtskriich fan learlingen fan it fuortset ûnderwiis yn Fryslân.

Har niget oan it wurkjen op in tema en oan eksperiminten mei aparte fersfoarmen, komt yn har literêre wurk dúdlik nei foaren. It wie foar har in útdaging om mei de mooglikheden fan har dichterlik talint en taalkrêft oan ’e slach te gean. Dy niget kaam har ek goed fan pas doe’t It Skriuwersboun har yn 1981 frege om ien fan de groepkes te begelieden dy’t It Boun foarmje woe, om begjinnende skriuwers op gong te helpen. Har ploechje, mei û.o. Sjoerd Palstra, Anneke Gerbrandy, Baukje Tsjerkje de Jong, Jurjen van der Meer en Jelle Bangma, hat fan it resultaat fan dat oer en wer elkoar ynspirearjen, twaris in bondeltsje gearstald en útjûn: Wy jouwe in rûntsje (1987) en De twadde sirkel (1993). Tegearre mei Jelle Bangma joech se yn 2002 de bondel Dûbel tij út; in bondel mei skeakelfersen, om bar skreaun troch de beide dichters. Betingst by it skriuwen wie dat ien rigel út it foargeande fers brûkt wurde moast as skeakel nei it folgjende fers. It omslach fan de bondel waard ek troch Tjits Peanstra fersoarge.

Yn 1999 ferskynde de sammelbondel Neierhân, in bondel mei in oersjoch fan it rike ferskaat oan dichtwurk fan Tsjits Peanstra. Se beoefene sawat alle poëtyske sjenres : fan haikû oant ballade, fan sonnet oant villanelle, fan rondeel oant senryû, fan oade oant limerick, skreaun yn frije foarm of yn sletten metrysk ritme. De bondel befettet 530 Frysktalige en 83 Hollânsktalige fersen, 220 fan dy fersen waarden net earder publisearre.

Tema’s
It meast opfallende tema fan har ier dichtwurk, it heitelân, it âldershûs, it buorkjen, rekket al gau yn har letter wurk nei de eftergrûn. It grutste part fan har literêr oeuvre is te karakterisearjen as leafdespoëzy, yn it begjin faak rjochte op ien persoan, letter foaral op de meiminske. Guon fan har fersen behannelje it tema fan in ferbrutsen leafde tusken twa freondinnen. Yn protestfersen ferwurdet se har begienens en meilibjen mei ferhûddûke minsken, mei oarlochsslachtoffers en bern yn hongerlannen. In apart skift foarmje de fersen oer siken en handikapten, minsken dy’t se yn har wurk tsjinkaam. Oangripend binne de in memoriamfersen, dy’t se skreau neidat neisten har ûntfoelen.

In oar tema is te finen yn har reisfersen, se beskriuwt yn dy fersen net allinnich wat se sjocht, mar ek hoe oft se dat ûndergiet. Fierders is keunst, it meitsjen en belibjen dêrfan, in geregeld weromkommend tema yn de poëzy fan Tsjits Peanstra.

Wurdearring
Yn syn besprek fan de sammelbondel Neierhân fergeliket resensint Tjitte Piebenga Tsjits Peanstra mei grutte dichteressen as Ida Gerhardt en Emily Dickinson. Tineke Steenmeijer-Wielenga beslút har ynlieding fan dyselde bondel mei te sizzen: ‘De grutte wearde fan dit oeuvre leit foar my lykwols net yn de dichttechnyske feardigens, mar yn de minsklike kwaliteit dy’t út de fersen sprekt. Yn wurk fan Tsjits Peanstra moetet de lêzer in frou dy’t harsels doart út te leverjen, dy’t oer gefoelens en emoasjes praat en dy’t ree is har tinzen mei oaren te dielen’. Jelma Knol stelt fêst dat de resepsje fan Tsjits Peanstra har earste twa bondels wat tuskenbeiden is. Se ferklearret dat út it feit dat de mear tradisjonele foarm fan har wurk en de dimmener toan makken dat it wurk der net genôch útkipte, krekt yn de jierren dat de Fryske literatuer yn trelit wie (1955, 1968). De bondels út de jierren tachtich krigen in folle gaadliker ûnthaal 'en krijt de dichteres de wurearring dêr't se rjocht op hat'. Albertina Soepboer pleitet derfoar yn Tsjits Peanstra har ier wurk (pas bekend nei 1999) mear each te hawwen foar de ynterne spanning dêrfan.    

Wurk


Poëzy
1955: Underweis
1968: Hûs fan stilte
1981: Neisimmer
1984: Pypkrûd
1988: Oanspield
1999: Neierhân -  Samle fersen (mei in ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga en in taljochting fan útjouwer Frysk & Frij, Goasse Brouwer)
2002: Dûbel tij - skeakelfersen (tegearre mei Jelle Bangma)

Meiwurke oan
1985: Ljouwert 700. In stêd is in stêd is in stêd.
1987: Heechterp en it geheim fan de stien
1987: Sinteklazegedichten. (mei Baukje Wytsma, Klaas Bruinsma, Tiny Mulder, Meindert Bylsma)
1987: Wy jouwe in rûntsje
1990: Skeind ferline - ferhalen oer it tiidrek 1940-1945
1993: De twadde sirkel - gedichten en ferhalen

Toaniel
1985: Rjochtdei op Sylt
1989: Peaskedagen - ienakter foar froulju fan likernôch fyftich jier

Prizen
1957: Rely Jorritsmapriis (fers Fiif fersen yn memoriam)
1958: Rely Jorritsmapriis (fers Diminsjes)
1961: Rely Jorritsmapriis (fers Isrel)
1962: Rely Jorritsmapriis (ferhaal As Irene komt)

Mear ynformaasje
Opnames by Operaesje Fers 
DBNL
Nico Hylkema, LC 02-09-2000, part 1 en part 2 (fraachpetear)

©Tresoar, 24-07-2019