Berne:14-09-1901, Bitgum
Ferstoarn: 14-12-1989, Assen

 

Libben en wurk

Jan Hessels van der Ploeg waard berne op 14 septimber 1901 te Bitgum as soan fan in boerearbeider. Trochleare wolle betsjutte foar in arbeidersjonge doedestiids ornaris: besykje skoalmaster te wurden. Doe’t Jan van der Ploeg 13 jier wie, joech syn Bitgumer skoallehaad him dêrom wat bijles.

Letter folge er in kursus yn Ljouwert as tarieding op de Normaalskoalle, dy’t er yn Dimter folgje soe. Der slagge er ta skoalmaster yn 1920. Itselde jiers waard er noch beneamd oan de iepenbiere skoalle te Bakhuzen (mar it grutste part fan de bern wie Roomsk). Fan 1923 oant 1926 stie er yn Peinjum foar de klasse. Yn maaie 1923 troude er mei Elisabeth Tolsma, dy’t fan it Bilt kaam. Se krigen twa bern, in famke en in jonge. Yn 1926 waard Van der Ploeg ûndermaster te Wolvegea. Fan 1929 oant 1932 wie er learaar oan de ULO te Grou. Dêr helle er de taalakten Frânsk, Dútsk en Ingelsk, dy’t in goede springplanke foarmen om haad te wurden fan in ULO. Dat wie Van der Ploeg earst 16 jier lang te Gieten yn Drinte (1932-1948) en doe noch fan 1948 oant 1958 te Grins. Dêrnei wie er dêr noch 7 jier learaar Ingelsk oan de Seefeartskoalle, om yn 1966 mei pensioen te gean. Van der Ploeg wenne oan ’e ein fan syn libben yn Eelde. Hy ferstoar yn fersoargingshûs ‘de Vierackers’ yn Assen.

Skriuwer
Van der Ploeg skreau earder in jongesboek yn it Hollânsk, dat útkaam by Van Goor yn Den Haach. De lettere professor Jelle Brouwer, skriuwer fan de Provinsjale Underwiisrie, trune him oan ris yn it Frysk te skriuwen. Dat waard Torda de sigeunerhûn dat yn ’e omkriten fan Peinjum spilet. Van der Ploeg stjoerde it yn 1930 yn nei oanlieding fan in priisfraach, útskreaun troch de Fryske Underwiisrie. It boek waard bekroane en der siet in, foar de tritiger jierren, skoander jildbedrach fan f 200 oan fêst. Brouwer fersoarge de útjefte: stavering, korreksje en de kontakten mei yllustrator en útjouwer.

Yn 1952 skreau Van der Ploeg in ferfolch op syn earste boek, De soan fan Torda. Dat boek waard minder bekend, mooglik omdat it ferhaal in oare sfear werjout. It spilet him foar it grutste part ôf by de sigeuners op harren reizen bûten Fryslân. De tredde printinge fan Torda de sigeunerhûn waard útjûn mei subsydzje fan de Rabobank en bewurke en omstavere troch E.S. de Jong, mei in wichtige taljochting oer de tiid fan de tritiger jierren en de deistige dingen út dy tiid. Wat dat oanbelanget waard it boek mei sin net modernisearre, omdat soks it hiele ferhaal oantaaste soe. Alles is yn it ferhaal by it âlde bleaun, sadat ‘de jeugd út 1983 in heale ieu werom stapt yn ’e tiid’ neffens De Jong. De taljochting ferklearret û.o. ferskynsels lykas it kôgjen fan prûmtabak, it dragen fan wollen boarstrokken en galgen (‘bretels’).

It omslach fan Torda de zigeunerhond waard as yllustraasje brûkt by in artikel yn Trouw fan 13 oktober 1993, dat hannelet oer in ûndersyk nei de negative byldfoarming fan sigeuners yn berneboeken fan de lêste 150 jier.

Jan van der Ploeg wurke ek mei oan it Great Teltsjeboek for Fryske bern út 1932, troch Simke Kloosterman en T. Hellinga-Zwart. Wurk fan sines waard ek opnaam yn Fen eigen groun, in lêsboek foar bern troch K. Haakma út 1935, mei wurk fan allerhanne auteurs.

Fan 22-12-1979 ôf skreau Van der Ploeg yn Frysk en Frij anonym it ferfolchferhaal ‘De man op de kade’. It ferhaal beskriuwt it ûnferwachte wersjen fan twa manlju op in skip, dy’t yn har jonge jierren skatgroeven ha yn Austraalje. Hja binne út elkoar rekke, neidat de iene, James Fletcher, midden yn de rimboe syn maat, de ferteller fan it ferhaal, mei in dolk oan in tafel fêststutsen hat om der dan út te naaien mei alle kostbere stiennen dy’t se tegearre fûn hiene.

List fan belangrykste wurk

Proaza
1930: Torda, de sigeunerhoun. Yllustraasjes en omslach Johannes Mulders (2de pr 1948)
1932: Torda, de zigeunerhond (oersetting troch de auteur sels). Yllustraasjes en omslach Pol Dom
1952: De soan fan Torda. Mei printsjes fan T. Keuning
1983: Torda, de sigeunerhûn (3de printing)

Prizen
1930: Earste priis by in priisfraach, útskreaun troch de Fryske Underwiisrie, mei Torda, de sigeunerhoun.
1980: Rely Jorritsmapriis, foar de novelle ‘Blauwe saffieren’.

Mear ynformaasje
Oer it komôf fan de namme ‘Torda’, LC 19-02-1990

©Tresoar, 07-08-2019