Berne: 28-05-1910, Rinsumageast
Ferstoarn: 02-12-1985, Ljouwert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Ype Poortinga waard te Rinsumageast berne op 28 maaie 1910. Yn 1926 die er as sechstjinjierrige talittingseksamen foar it Grifformeard Gymnasium yn Huzum. Oan de Grinzer Ryksuniversiteit foel de kar úteinlik op de Dútske taal- en letterkunde mei it Aldnoarsk en it Aldfrysk as byfakken. Al yn syn gymnasiumjierren hie Poortinga belangstelling krige foar it Frysk, dat er letter `in part fan myn identiteit' neame soe.
Yn de Grinzer tiid, dy't fan 1931 oant 1936 ta duorre, wie er in warber lid fan de Fryske studinteferiening Bernlef en sette er syn taalfeardigings yn as redakteur fan it studinteblêd Fryslân Oerein! Nei syn doktoraaleksamen begûn er fuort mei syn promoasje-ûndersyk, dat er yn 1940 ôfslute koe mei in dissertaasje oer It Fryske folkstoaniel 1860 - 1930. Poortinga wurke al sûnt de oprjochting yn 1938 as wittenskiplik meiwurker oan de Fryske Akademy. Hy troude yn 1943 mei de ûnderwizeres Rinske Wiersma. Yn Menaam, dêr't hja har nei wenjen setten yn it eardere boargemastershûs, kamen flot nei elkoar seis bern te wrâld. Omdat sa'n grutte hûshâlding mear ynkomsten ferge as de Fryske Akademy yn dy jierren syn amtner biede koe, wurke Poortinga nei 1945 in tal jierren yn de sjoernalistyk, û.o. as einredakteur fan Frysk en Frij. Yn 1953 wie de situaasje foar de wittenskiplike ynstelling safolle ferbettere, dat Poortinga fannijs oansteld wurde koe, earst as haad fan 'e wurdboekôfdieling en yn 1964 as adjunktdirekteur belêste mei de lieding fan de ôfdielingen taalkunde, literatuer en folkskunde.
Fanút syn funksje by de Fryske Akademy, mar ek út persoanlike belangstelling hat Poortinga gâns bestjoerslidmaatskippen ferfolle, bygelyks as foarsitter fan it earste bestjoer fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum en fan it Frysk útjefte Fûns. Ek hat er gâns kreativiteit en enerzjy yn redaksjewurk stutsen, benammen foar de literêrhistoaryske rigen fan de Akademy en foar It Beaken. Yn 1963 naam er as foarsitter fan it literêrhistoarysk wurkferbân de foarstap ta wat útgroeie soe ta de Koartehimmenrûnte, in konferinsje fan skriuwers dy't op it Woodbrookershûs yn Koartehimmen gearkamen om oer eigen en oarmans wurk en de situaasje yn de Fryske literatuer te praten.
Yn 1975 krige er pensjoen, mar oant syn dea ta hold Poortinga in wurkkeamer op 'e Akademy dêr't er him de lêste jierren benammen dwaande hold mei it sammeljen en bewurkjen fan de Fryske folksferhalen. By syn dea yn 1985 wiene tûzenen ferhalen fêstlein yn sân mânske boeken, dêr't allinne it kommintaardiel noch oan ûntbriek. Foar syn wurk as folkskundige krige Poortinga sawol nasjonaal as ynternasjonaal gâns wurdearring.
Wylst er noch studint wie debutearre Ype Poortinga as dichter yn 1934 yn Frisia. Syn earste koarte ferhalen waarden yn 1937 publisearre yn It Heitelân. Yn boekfoarm waarden dy útjûn yn 1938 ûnder de titel Noedlik doel. Yn 1941 ferskynde de iennige fersebondel Sinneblink, mar ek letter skreau Poortinga noch wolris poëzy. Hy makke ek toanielwurk, skreau teksten foar sjongspullen, ferhalen foar bern en gâns skôgjende stikken, mar as literator fûn er syn eigen foarm yn de histoaryske roman. Foar Elbrich, dat yn 1947 en 1949 yn twa dielen útkaam, krige er yn 1950 de Gysbert Japicxpriis. Ik haw in man stellen en Duveldei op Grienlân folgen yn 1966 en 1967. Sterke kanten fan dy histoaryske boeken binne net allinne de sfearfolle beskriuwingen, dêr't in grut ynlibbingsfermogen yn de omstannichheden fan plak en tiid dêr't se yn situearre binne, út blykt, mar ek de psychologyske karakterisearring fan de haadfigueren. Yn al syn wurk komme in pear dingen hyltyd wer nei foaren: syn (literêr)histoaryske belangstelling, syn niget oan it folksaardige, syn fine, yntelliginte humor, syn tûkens yn it stallen fan ferhalen, syn foarleafde foar geheimsinnige histoarjes, syn myld oardiel oer de meiminske en syn ynbannich kristlik leauwen.
As skeppend skriuwer, as skôgjend literatuerhistoarikus en as folkskundige hat Poortinga belangryk wurk neilitten. Dat er mei oaren ek de auteur fan de yn 1952 en 1956 útkommen hânwurdboeken west hat, bewiist syn follesidigens.
Literatuer
1970: Omgong troch it lân (bio-bibliografy)
1971: Tiny Mulder - Wêr hast it wei, 89-110
1972: Tekst en Utliz
1998: Ph. H. Breuker. Oer skriuwer, boek en útjeften. Fryske klassiken II: nûmer 1, 315-334
Proaza
1947: Elbrich I
1949: Elbrich II
1966: Ik haw in man stellen
1967: Duveldei op Grienlân (2e pr., 1981)
1978: Elbrich (omwurke útjefte yn ien bân fan Elbrich I en II) (2e pr., 1978, 3e pr., 1998)
Ferhalen
1938: Noedlik doel (ferhalen)
1970: Kin myn hynder hjir ek stâlje (ferhalen)
1976: De ring fan it ljocht (folksferhalen)
1976: Och myn leave jonge (wiere ferhalen) (2e pr., 1977)
1977: It fleanend skip (folksferhalen)
1978: De held en de draek (folksferhalen)
1979: De foet fan de reinbôge (folksferhalen)
1980: It gouden skaakspul (folksferhalen)
1981: De prins op frijersfuotten (folksferhalen)
1982: Hûndert pûn klûntsjes en in karre fol lytsjild (folksferhalen)
1986: Ik ha 't ris hân (ligersferhalen)
Jeugdboeken
1986: De skat ûnder de parrebeam
Poëzy
1941: Sinneblink
Oersettingen
1952: Elbrich (oers. Jan Dykstra) (2e pr. 1959)
2002: De ring van het licht (folksferhalen, oerset troch Theun de Vries)
2008: Elbrich (oers. Jaap Terpstra)
2018: Duivelsdag op Groenland (oersetting troch Janke Poortinga en Janneke van der Meulen)
Ferskaat
1940: It Fryske folkstoaniel
1965: Preokkupaasje of frije kreativiteit (skôging)
1970: Fan skriften en skriuwers (skôgings)
1974: Mei lange trêden (ferhalen út de Fryske literatuer, sammele troch Ype Poortinga) (2e printinge 1988)
Prizen
1950: Gysbert Japicxpriis (foar Elbrich)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
DBNL (mei links nei fierdere ynformaasje)
©Tresoar, 07-08-2019