Berne:18-05-1953, Harns
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Ier proaza
Margryt Poortstra debutearre op twaentweintichjierrige leeftiid by de KFFB mei de roman Hillige Minke. Se wie yndirekt troch dyselde boekeklub ynspirearre om te skriuwen doe’t se, as famke fan fjirtjin, nei de útrikking gie fan de romanpriisfraach fan de KFFB. De manuskripten foar dy priisfraach koene anonym ynstjoerd wurde, foar Margryt in reden om mei te dwaan.Yn 1975 krige se de debutantepriis foar it manuskript fan Hillige Minke. It boek ferskynde noch yn datselde jier. Yn 1977 joech de KFFB twa boeken fan har út: de roman It stille wetter en it berneboek It lân efter de wolken.
Poëzy
Nei it útkommen fan har ier proazawurk hâlde Margryt Poortstra har in skoft lang ôfsidich fan it skriuwen fan fiksje. Earst yn 1987 ferskynde nij wurk fan har: de dichtbondel Krúswetter, útjûn by de KU (Koperative Utjouwerij). Se wie de sfear fan behâldende kristlikheid, dy’t doe hearske by de KFFB, ûntgroeid. Yn in fraachpetear mei Jitske Kingma (Friesch Dagblad 22-09-1987) stelde se dat se dêrom net negatyf oer de KFFB tocht: ‘Ik bin sels feroare, ik pas net mear yn dy sfear. Lykwols, as ik de opstap by de KFFB net hân hie, wie ik der faaks nea yn kommen’ [1]
Fierder mei proaza en poëzy
It berneboek Tolve huzen op it dak (1989) ferskynde by de Afûk. Foar it manuskript fan it boek krige se yn 1989 de Afûk-jubileumpriis. Yn itselde jier ferskynde ek wer in roman: Fragmint. Yn 1991 skreau se op fersyk fan de Stichting it Fryske Boek it boekewikegeskink: de novelle Nachtljocht. Tegearre mei Eppie Dam publisearre se yn 1990 de fersebondel Boulân. De bondel befettet fersen oer it libben yn de Iselmarpolders, dêr’t beide dichters doe wennen.
Yn de twa desennia dêrnei ûntjoech se har ta in produktyf skriuwster: fiif romans, trije ferhalebondels en fjouwer bondels mei poëzy. Twa fan har romans sette se sels oer yn it Nederlânsk.
Geastlike lieten
Margryt Poortstra skreau ek geastlike lieten. Foar bern wurke se mei oan diel 2 fan bernebibellieten Wat in gelok (1990), yn ’e mande mei Eppie Dam en Folkert Verbeek. Se skreau ek de teksten oer bibelske ûnderwerpen foar oratoaria, musicals en koarlieten en sette religieuze lieten oer foar de bondel Tuskentiden (2006) en foar it nije Fryske Lieteboek (2015).
Tematyk
Hoewol’t Margryt Poortstra ek in soad proazatitels op har namme stean hat, skriuwt se it leafst poëzy. Se fynt ynspiraasje yn it lêzen fan gedichten fan oaren. Har ûnderwerpen siket se tichtby, yn de omgong tusken minsken, yn de relaasje tusken man en frou, en dy tusken âlden en bern. It oaninoar ferbûn wêzen en de wêzentlike iensumens fan it yndividu beskriuwt se op ynfielende wize. Mar ek it wenjen yn in plak as Seewolde is ûnderwerp yn har wurk. Froulju binne faak de sintrale figueren yn it literêre wurk fan Margryt Poortstra. Dat kinne froulju wêze dy’t hjoed de dei libje, mar ek bibelske froulju jouwe har stoffe ta skriuwen. Wat har yn dy frouljuslibbens fassinearret is it dûbele fan krêft en twifel, it oereinbliuwen yn in net selskeazen bestean. Yn in fraachpetear mei Eppie Dam (Frysk & Frij, 13-02-1988) neamde se harsels in feministysk skriuwster, al hat se der gjin ferlet fan om de barrikaden op te gean [2]. Se fynt harsels gjin fertsjintwurdiger fan ‘frouljusliteratuer’, se skriuwt oer froulju omdat se har dêr wat by foarstelle kin. Mar se hat harsels net ta doel steld om allinnich mar oer froulju te skriuwen. ‘Margryt Poortstra lit yn har wurk in eigen lûd hearre, har toan is fynsinnich en ynfielend. De knappe psychologyske tekening fan har haadpersonaazjes, de koartkriemende, subtile wize fan fertellen, it natuerlik ynbêdzjen fan symboalen en ferrassende metafoaren meitsje Poortstra ien fan Fryslâns wichtichste skriuwsters fan hjoed de dei’ [3].
Resepsje fan proazadebút
Margryt Poortstra har talint waard fuortdaalks herkend yn har debút Hillige Minke, al wie der ek krityk. It boek giet oer in frou dy’t jong komt te ferstjerren. Har man en swaksinnige soan bliuwe achter. Tiny Mulder stelde yn it Friesch Dagblad fêst dat Hillige Minke in nijsgjirrige opbou hat, ‘mar net sa maklik foar de lêzer’ [4]. Neffens in besprek yn it Dagblad van het Noorden is it noch wat ‘een onrijp werkstuk’, mar dêrneist wurdt ek fêststeld dat se ‘knap, met een goede woordkeus, sfeervol en indringend kan schrijven’ [5]. Likegoed seach de skriuwster sels yn in ynterview mei in dûbeld gefoel werom op har earste roman: ‘Ik wie tige yn minsken ynteressearre, mar ik koe it net relativearje. It wie allegear sa melodramatysk’ [6].
Fierdere resepsje fan it wurk
Yn 1987 debutearre Margryt Poortstra as dichter mei de bondel Krúswetter. Eppie Dam omskreau yn Frysk en Frij de titel as it krúspunt tusken twa haadstreamen: oerwinne en ferlieze. Hy kwalifisearre de bondel as ‘in sterk poëzijdebút’. Fierder stelde er dat mei de bondel net fan ‘frouljusliteratuer’ sprutsen wurde koe, al lei it perspektyf oan de frouljuskant, fanwegen de universele tematyk yn Poortstra har wurk [7]. Dat aspekt waard ek sinjalearre troch Klaas Dantuma yn syn besprek fan har earste berneboek Tolve huzen op it dak: ‘It binne gjin typysk Fryske bern of typysk Fryske situaasjes dy’t beskreaun wurde’ [8]. Jan Wybenga neamde Krúswetter yn de Ljouwerter Krante ‘in treflik debút’, mei kompliminten foar har ‘omgong mei taal’ [9]. Ek de ferhalebondel Beheind wie er loovjend oer: ‘Ien fan de bêste Fryske ferhalesamlingen fan de lêste jierren’ [10].
Yn Adres ûnbekend (1993) komt wer de fan Margryt Poortstra ûnderwilens bekende tematyk nei foaren: de ferhâldingen tusken minsken. Yn dit gefal gie it om de freonskip tusken Anke en Lidewij. Poortstra skildere de freonskip yn brieven en bylden. Henk van der Veer stelde fêst dat dit wurk goed oansluet by har earder wurk. Dêrneist fûn er dat it literêre wurk fan Poortstra mei dizze roman ‘folwoeksener’ wurden wie, mei in soad omtinken foar de sfeartekening fan de jierren santich en tachtich [11]. Dat each foar detail waard ûnderskreaun troch Piter Terpstra yn De Strikel. Neist de bysûndere foarm seach er kwaliteit yn de net-tradisjonele manier om in freonskip tusken twa froulju te beskriuwen [12]. Babs Gezelle Meerburg skreau yn Trotwaer ek oer dy aspekten. Sy fûn it benammen spitich dat de skriuwster de essinsjes fan sa’n ferhâlding net genôch útdjippe: ‘De gewoane deistige saken wurde te gewoan beskreaun’ [13]. Geertrui Visser dielde dy krityk yn Hjir. Se wie wol te sprekken oer de opset; de karakters hiene ek om har wat mear djipgong krije mochten [14].
Lêste trije poëzybondels
Yn 1994 brocht Poortstra wer in bondel gedichten út: Ferrifeljend glês. Tsjerk Veenstra (Friesch Dagblad) seach binnen de beheining fan de foarm (koarte rigels) dy’t Poortstra keazen hie in dichter dy’t in soad te sizzen hie ‘en dat docht se goed’. Tagelyk stelde er fêst dat troch dy foarm de gedichten him net meinimme koene, der mocht om him wol ‘mear taal’ brûkt wurde [15]. Henk van der Veer neamde yn it Sneeker Nieuwsblad de bondel ‘relaasjepoëzij fan it boppeste buordsje’ [16]. Albertina Soepboer stelde yn Trotwaer fêst dat Ferrifeljend glês hiel wat nijsgjirrige fersen befette, wêrby’t se wiidweidich yngie op it froulik perspektyf en wat dêrûnder ferstean wurde moast: ‘De tiden fan de allinnich mar sjarmante, leave, aardige, boartlike en gefoelige froulju binne echt wol foarby’ [17].
De reaksjes op de bondel Eva (1997) rûnen frijwat útien. Harmen Wind hie yn Frysk en Frij in soad wurdearring foar it tige byldzjende taalgebrûk. Poortstra joech neffens him stal oan har froulikens yn in analyze en ynlibbingsfermogen mei ‘in útsûnderlik ynkringend lûd’. De útwurking en de ûntjouwing nei in klimaks fûn er dêr foaroer ‘net sa dúdlik’ [18]. Anneke Reitsma stelde yn Trotwaer dat Eva ‘een bundel van wisselende kwaliteit’ wie ‘waarin een op zichzelf interessant gedachtegoed vaak te weinig vormvast wordt neergezet’ [19]. Tjitte Piebenga wie lykwols o sa te sprekken oer Eva, dy’t er útsûnderlik fan kwaliteit neamde, tsjûgjend fan ‘skriuwtechnysk masterskip’ [20].
De bondel Nomade (2006) giet oer in mem dy’t ûnderweis is, mear yn de tiid as yn de romte. Se erfaart it ferliezen en ôfskie fan bern dy’t har ferlitte en is har bewust fan har stjerlikens. De bondel krige fan Harmen Wind yn de Ljouwerter Krante in ûnthaal mei twa kanten: hy priizge de krêftige, paradoksale rigels, de soberens en de nijsgjirrige tematyk, mar hy fûn guon fersen te praterich of te kryptysk [21].
Proaza van de lêste fyftjin jier
De roman De loads (1999) draait om Dynke en Abel, diriginte en pianist fan in sjongkoar, dy’t nei in repetysje opsletten reitsje yn in loads. Om de tiid troch te kommen fertelt Dynke ferhalen oer har famylje. Ek ûntstiet der wat tusken har en Abel. Elly Veltman yn De Koperen Tún waard benammen troffen troch de manier wêrop’t de grutte en de lytse wrâld fan de haadpersoanen mei elkoar ferbûn waarden. Se kaam dan ek ta de konklúzje dat De loads ‘in lyts juwieltsje yn de Fryske literatuer’ is [22]. Joop Boomsma stelde yn syn besprek (Trotwaer 2, maart 2000) dat Margryt Poortstra mei dizze roman op ’e nij bewiisd hie dat se ta de top fan de Fryske literatuer heart [23]. Jabik Veenbaas yn de Ljouwerter Krante tocht dat De loads kwa opset en útwurking alles yn him hie en flean de lêzer nei de kiel, mar dat barde dochs net om’t Poortstra net ticht genôch by de ferhâlding tusken beide haadpersoanen bleau. Wol seach er it talint om de psychology fan de personaazjes goed út te tekenjen [24].
In stik better wie Veenbaas te sprekken oer Kâldfjoer (2002). Hike is lesbienne. As har mem in beroerte krijt, giet Hike de konfrontaasje mei har ferline oan, wat sublimearre wurdt yn it bouwen fan in poppehûs, in lyts model fan de winkel fan har âlden dy’t útbaarnde. Veenbaas fûn dat de spanning better opboud waard, ek oer de tekening fan de personaazjes wie er entûsjast 25]. Tsjerk Veenstra tocht der yn it Friesch Dagblad allyksa oer: ‘In geve roman’ [26].
De roman Suster (2004) draait om Willemyn, de suster fan Vincent van Gogh en psychiatrysk pasjinte. Sy waard ferplege troch Aukje, de oare haadpersoan fan it boek. Jabik Veenbaas fûn dit ‘in moaie, yntelliginte roman’. De twa froulju waarden neffens him goed ta libben brocht, it boek seach er as in ‘hecht en subtyl kompositoarysk gehiel’ [27].
Yn Minskebern (2008) beskriuwt Margryt Poortstra de delgong fan in mem mei Alzheimer út meardere perspektiven wei. Jetske Bilker fûn yn de Ljouwerter Krante net alle perspektiven like oertsjûgjend. Benammen dat fan de krekt berne Daan wie neffens har net oannimlik, sjoen syn leeftiid. Nettsjinsteande de wat frijbliuwende struktuer fûn se it in ‘moai en ûntroerend boek’ [28].
Mei Kofje ferkeard kaam de skriuwster yn 2011 wer mei in ferhalebondel, mei neffens Doeke Sijens fan de Ljouwerter Krante ‘21 spikerhurde ferhalen, ferpakt yn húslike oangelegenheden of moaie natuerympresjes’ [29]. Hy lies ‘frisse ferhalen, mei elke kear wer oare, oannimlike figueren’, al wiene der ek in pear mindere slagge stikken by. Dit boek stie op de longlist fan de Gysbert Japicxpriis 2015.
Boarnen foar dit stik
[1] Friesch Dagblad, 22-09-1987
[2] Frysk en Frij, 13-02-1988
[3] Literatuur uit Friesland / Literatuer út Fryslân / Literature from Friesland, 2001
[4] Friesch Dagblad, 17-01-1976
[5] Dagblad van het Noorden, 13-02-1976
[6] Friesch Dagblad, 22-09-1987
[7] Frysk en Frij, 07-11-1987
[8] Frysk en Frij, 14-10-1989
[9] Leeuwarder Courant, 12-04-1987
[10] Leeuwarder Courant, 10-05-1991 (deel 1 en 2)
[11] Sneeker Nieuwsblad, 15-06-1994
[12] De Strikel, 1993 nûmer 6
[13] Trotwaer, 1994 nûmer 6
[14] Hjir, 1994 nûmer 1
[15] Friesch Dagblad, 23-04-1994
[16] Sneeker Nieuwsblad, 26-05-1994
[17] Trotwaer, 1994 nûmer 3
[18] Frysk en Frij, december 1997
[19] Trotwaer, 1998 nûmer 1
[20] Leeuwarder Courant, 05-12-1997
[21] Leeuwarder Courant 01-09-2006
[22] Programma De Koperen Tún, Elly Veltman
[23] Trotwaer 2, 2000 nûmer 2
[24] Leeuwarder Courant, 22-10-1999
[25] Leeuwarder Courant, 15-11-2002
[26] Friesch Dagblad, 23-04-2003
[27] Leeuwarder Courant, 19-03-2008
[28] Leeuwarder Courant, 24-10-2008
[29] Leeuwarder Courant, 25-11-2011
Bibliografy
Romans
1975: Hillige Minke
1977: It stille wetter
1989: Fragmint
1993: Adres ûnbekend
1999: De loads
2002: Kâldfjoer
2003: Koudvuur
2004: Suster
2004: Zuster
2008: Minskebern (2de printing 2014)
Ferhalebondels
1991: Beheind gebied
1998: In soarte fan swijen
2000: Koartwei (mei oaren)
2011: Kofje ferkeard
Novelle
1991: Nachtljocht (boekewikegeskink)
Poëzy
1987: Krúswetter
1990: Boulân (mei Eppie Dam)
1991: Beheind gebiet
1994: Ferrifeljend glês
1997: Eva
2006: Nomade
Berneboeken
1977: It lân efter de wolken
1989: Tolve huzen op it dak
Prizen
Rely Jorritsma-prizen
1994: ‘Goudene knoopkes’ (ferhaal)
1989: ‘Fan nei de oarloch’ (ferhaal)
1986: ‘Kearpunt’ (gedicht)
1985: ‘Skilderij’ (gedicht)
Oare prizen
1989: Afûk-jubileumpriis foar manuskript Tolve huzen op it dak
2013: Bernard Smildepriis (foar in nij pinksterliet)
Nominaasjes
2012: Rink van der Veldepriis, Kofje ferkeard
2015: Longlist Gysbert Japicxpriis, Kofje ferkeard
Mear ynformaasje
Eigen webside
Margryt Poortstra op YouTube
Jelle van der Meulen: Friese-literatuursite
DBNL (mei links nei û.o. ferhalen)
©Tresoar, 07-08-2019