Berne: 28-06-1943, Den Haach
Ferstoarn: 03-01-2009, Eindhoven

Libben en wurk

Willem J. Pieters studearre Nederlânsk yn Amsterdam. Troch syn toskedokter kaam er yn oanrekking mei it Frysk.

As Nearlandikus ferdjippe er him yn de taal troch it lêzen fan boeken, lykas De Friese Spraakkunst fan Klaas Fokkema en wurk fan û.o. Rink van der Velde, Paulus Akkerman en benammen Trinus Riemersma: ‘Ik lies fan Riemersma earst syn detective De món sûnder gesicht en doe foel my syn stavering op, dy’t ik as “bûtenlanner” hiel goed neikomme koe’. Om dy reden makke er yn syn wurk gebrûk fan in fariant op dy fonologyske manier fan staverjen en publisearre er tenei ûnder de namme Villem J. Pytters (by de tarieding fan de twadde edysje fan de Fryske 'Spiegel' liet er witte dat syn namme wer yn de offisjele foarm skreaun wurde moast). Yn de jierren 1981-1986 siet er yn de redaksje fan Hjir, dêrneist wie er in skoftke ponghâlder fan de 'Feriening fwar un goede Fryske stavering'. Yn 1981 fertsjintwurdige er de Fryske literatuer op Poetry International mei oersette poëzy fan de Dútske dichter Erich Arendt.

Tematyk en resepsje
Willem J. Pieters skreau it leafst yn sonnetfoarm. De Nederlânske dichters Leo Vroman en Gerrit Achterberg seach er as foarbylden, mar ek publikaasjes fan Eppie Dam yn Trotwaer makken yndruk: ‘Dat is fakwurk. Foarm en ynhâld binne alhielendal yn oerienstimming’ [1].

Nei publikaasjes yn meardere literêre blêden ferskynde yn 1984 syn bondel Befêzen teenzen en fielings. Universele tema’s as libben en dea, it leauwen en de wrakseling dêrmei foarmje faak it ûnderwerp. Tiny Mulder seach yn har besprek in dichter mei ‘in suvere tagedienens foar bern en minsken’, wêrmei’t er har tinken die oan Slauerhoff en Obe Postma, al fûn se tagelyk dat de dichter syn gedachten oer God ‘te min útkristallisearre’ wiene [2].

In priuwke fan syn wurk:

Trauwbrek

I

myn hûsfaam hieltyt spriek fon boaskjen, vont
ús Heare soe sóks ynstelt hà. No is se fwót.
sa vut de Vet ta leagen:
Leafde vól Himsels fervêzenlekje yn ús hôden en dragen.
sûnne leafdes – dus; de ynhôt fon ’e Vet –
mat mun net ópjan ómt oan fwarmen lykos boaskjen
net foldien is – en don nog net mai goede redenen:
vij maie gjin bên ha, ik vól net maibetelje
oan ’e debakel fon dit regear en vettelek byne litte
oan sannenien, dyt mij dêrom sitte lit.

mai Leafde oervinne yn ut lêst, en lit
myn lea’ke har trauwbrek mai Syn masker farre litte

II

dit folt mij net ô: allinnig kin ik
ut hiel bêst bankje, sà sûnder har. ik bin
sels lókkeger os dût ik mai har vie:
mear frijhyt fwar myn freonen oer, dus fwar mijsels;
mar vot vól ôfolt is ut frijen, dot is ollinneg mar behelpen.

Havar! Ik dóg har de doar tà, en gean
op syk nai un Frysktalege jir yn De Haag.

‘Mistyk húmmenist mai grauwe beoleg
syket óm leave, skrondere frauw. Doel:
freonskip en frijen. (Net boaskjen.)
De Haag of ûnjauwing. Venje sels óp Skeveling.
Leeftyt yn ’e roai fon fjitteg ier.’

Boarnen foar dit stik
[1] Leeuwarder Courant, 27-06-1981 (diel 1, 2, 3, 4 en 5)
[2] Friesch Dagblad, 14-07-1984

Bibliografy

Poëzy
1984: Befêzen teenzen en fielings

Mear ynformaasje
Villem J. Pytters by Operaesje Fers
Ensafh., 10-01-2009
Friese literatuursite Jelle van der Meulen

©Tresoar, 14-08-2019