Berne: 15-1-1948, KLOOSTERBUREN

Marije Roorda komt út in boerefamylje, dy’t fan âlds buorket op it stee ‘De lytse Weiwiske’ yn Wytgaard. Op ’e legere skoalle waard oandacht jûn oan it skriuwen en lêzen fan de Fryske taal.

Fan thús krige se it gefoel mei foar foardrachtskeunst en toanielspyljen. Nei de mulo gong se nei de katolike kweekskoalle yn Stienwikerwold en helle har ûnderwizersakte yn 1996. Dêr skreau se al gedichten en teksten foar it skoallekabaret.

Se hat wurke yn it Spesjaal Underwiis, oan de LOM-skoalle doedestiids foar bern mei lear- en gedrachsproblemen. De spesifike taalûntwikkeling fan dizze bern learde har sawol yntuïtyf as sintúchlik en ynventyf mei taal om te gean. Yn har frije tiid hynsteried se en spile by it kabaretselskip Samar út Aldehaske. Gong se graach nei literêre jûnen en harke nei Operaasje Fers.
Letter stapte se oan board fan in skûtsje, dêrnei fan in sylklipper en de logger fan har man Jitze Grondsma (1947-2007). Tegearre sylden se mei selskippen op de Iselmar en yn de Eastsee. Yn 1984 binne se de Atlantyske Oseaan oerstutsen yn it kader fan Sterke Yerke. Se hold in lochboek by fan frjemde kusten en havens.

WURK
Wer oan ’e wâl krige it Frysk har omtinken mei help fan de Afûk. Se folge skriuwkursussen foar proaza en poëzij fan it FLMD en fan Tresoar. Yn 1996 publisearre se foar it earst yn de temabondel Stilte mei it gedicht ‘Swarte leeljes’.

Yn goed tweintich jier hat se tal fan gedichten en koarte ferhalen publisearre yn ferskate sammelbondels en tydskriften. Sa as yn it Friesch Dagblad, yn De riedsels fan it hert en yn Simmer- en Winterferhalen fan de Friese Pers Boekerij. Op de Skriuwerskalinder stie gauris in gedicht fan har. Oare fersen fûnen de wei nei bygelyks Leave deade, en nei ferskate (literêre) tydskriften lykas Trotwaer, Hjir, Ensafh, Fers 2 en De Moanne.

Foar de útstalling Tabula Rasa / Skjin laai fan Tresoar (2018) levere se in bydrage mei ‘Nei it neat’. Yn 2019 wurke se mei oan it Dichterspaad yn Aldegea (Smellingerlân). Op de Fryske Spreukekalinder fan it Gysbert Japicxshûs ferskynden ek gedichten fan har. Oan it jubileumboek fan it Skriuwersboun (2019) joech se har fers ‘Fonkelfeart’.

Yn 2000 wûn se in Rely Jorritsmapriis mei it gedicht ‘Seedyk’ en yn 2014 mei ‘Wat opdage’.
Se debutearre yn 2017 mei de bondel In spantou om ’e tiid. Yn de fersen besiket se de tiid werom te finen yn in lânskip dêr’t wetter gauris it byld bepaalt. As dichter leit se de ferbining mei har eigen wêzen en dat fan it bestean.

Neist it Frysk skriuwt se ek yn it Nederlânsk; twatalichheid sjocht se as in natuerlike stream fan it binnenwetter nei it bûtenwetter.

Poëzy mei skilderijen yn duo-eksposysjes
Se hat ek tal fan oare literêre aktiviteiten, lykas duo-eksposysjes fan har poëzy mei skilderijen fan Bernardien Roze. Sûnt 2009 wurkje se gear en yn de ôfrûne jierren hawwe der tsien fan sokke útstallingen west. Yn dy duo-eksposysje is it lânskip in wichtich tema, dat in ekstra diminsje krijt troch taal en byld meiïnoar te fersterkjen. Yn 2019 wie it wurk ‘In twaspan yn de Oorprong’ te sjen yn Sint-Nyk. Earder hiene se û.o de tentoanstellingen ‘Spoaren fan in kust’ (Bûtenpost), ‘It blau yn beammen’ (De Lemmer) en ‘Simmerlûd’ op Atelier-en túndagen (De Jouwer). Ek teagen se nei de Taalwerkplaats yn Nieuw-Amsterdam mei ‘Als je stilstaat’ en wiene se presint op ferskate keunstrûtes.

Foar Tsjerkepaad yn 2018 wie yn de Krústsjerke fan Burgum de eksposysje ‘In woord en beeld’. Dêr liet har poëzy in eigen kleurljocht falle op de skilderijen en grafysk wurk fan Henk Schaafsma. Yn it Kulturele Haadstêdjier 2018 wurke se mei oan de foarstelling ‘Sjen yn it tsjuster’ yn Burchwert en skreau dêrfoar it fers ‘In hantaast fan de nacht’. Foar de eksposysje ‘Skimersône en loftkastielen’ (Ljouwert) makke grafysk keunster Jan van Dijk in seefdruk fan har haikû.

WURK

Poëzy
2017: In spantou om 'e tiid

Prizen
2000: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht 'Seedyk'
2014: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht 'Wat opdage'

Mear ynformaasje
‘Friese literatuursite’ fan Jelle van der Meulen (besprek In spantou om ’e tiid)
Abe de Vries FD 22-06-2017 (ynterview)
Sietse de Vries LC 07-07-2017 (ynterview)
Abe de Vries FD 26-08-2017 (besprek)

Foto Foekje van der Meulen

©Tresoar, 14-04-2020