Berne: 30-09-1962, LOaiïngea

Friduwih Riemersma is redakteur fan it online literêre tydskrift Fers2 en útjouwer by de Fryske útjouwerij Grotesk. 

Se groeide yn frij unike omstannichheden op: sûnder radio en telefyzje, yn hielendal Frysktalige omkriten. Se gie yn Gau nei in folslein Frysktalige skoalle. Har heit, de skriuwer Trinus Riemersma (1938-2011), stie foar de klasse. Se gie nei it gymnasium yn Alkmaar, dêr’t it Frysk net skoudere waard en se yn alle fiif brêgeklassen foarlêze mocht út it wurk fan har heit, en dêr’t se in grutte leafde foar wittenskip en keunst opfette.

Libben en wurk
Nei de keunstakademy yn Grins en Amsterdam (plastyske foarmjouwing) en in staazjejier yn Pietrasanta (Italië) fêstige se har as byldzjend keunstner yn Amsterdam. It grutbringen fan de bern, as allinnichsteande mem, twong ta it opdoeken fan it ateljee, wurk yn de soarch en nije stúdzje (opfiedingsfilosofy, psychology, literatuerwittenskip). Nei’t de bern útfleagen, gie se werom yn ’e keunst.

Ein 2014 rjochte Riemersma mei Abe de Vries it literêre tydskrift Fers2 op. As haadredakteur stimulearret se de dynamyk fan literatuer en maatskippij en in serieuze Frysk-literêre krityk. Mei it each op it fuortsterkjen fan eksperimintele Fryske literatuer, rôp Riemersma yn 2016 de Fryske útjouwerij Grotesk yn it libben, mei in froulike stêf. Kreative non-fiksje en literatuerkritysk ûndersyk meitsje in grut part fan it wurk út, mei sintraal de tema’s gender, demokrasy & frijheid fan ekspresje en it (koarte) ferhaal. Se publisearre artikelen yn Ensafh en Friesch Dagblad.

Poëzy en proaza
De kar foar digitale publikaasjes (sûnder betelmuorre) hat laat ta mingfoarmen, fan in searje steampunk-ynspirearre koarte ferhalen oant mear lyryske ûndernimmingen, op ferskate media.
 
WURK
 
Publikaasjes (op papier en online)
2014: Artikel ‘Tiids tosk fersus ikonoklasme’ yn: Alde meuk? Essays oer klassikers yn de Fryske literatuer 

2016: Kultuerferlies: Fryslân fan 1989 oant 2018 - en oare essees
2016: Artikel ‘Wa’t skriuwt dy bliuwt: Jelle Brouwer en de politisearring fan de Fryske literatuer’ yn: It Beaken 78  
2017: Cocteau in West Frisian', mei ko-oersetter Antsje Swart, op blog Transferre
2018: ‘De gedichtemiddei’ yn Wjerklank 12 

 

Prizen
2018: Treastpriis gedichtewedstriid Fryske Akademy

Mear ynformaasje
Sietse de Vries LC 10-03-2017 (ynterview)
Jelle van der Meulen Friese literatuursite desimber 2016 (besprek fan Kultuerferlies)
Jelle van der Meulen Friese literatuursite (besprek Johan Andreas dèr Mouw – Dof fiolet is ‘t west. 16 sonnetten ferfryske troch Eppie Dam mei bylden fan Friduwih Riemersma)
Eigen webside
Webside Fers2
Webside Grotesk

Foto Haye Bijlstra - Tresoar


©Tresoar, 28-04-2020