Berne: 24-11-1925, Westergeast
Stoarn: 13-10-1980, Dokkum

Libben en wurk

Riemer Riemersma waard berne yn Westergeast. Syn heit, Hinne R. Riemersma, siet yn it ûnderwiis. Sa wie er jierrenlang as haad ferbûn oan de Kristlik Nasjonale Skoalle te Sweagerfean, dat letter opgie yn Kollumersweach.

Nei de oarloch krige Riemer Riemersma in oprop om him te melden foar de Polisjonele Aksjes yn Nederlânsk Ynje. Hy waard ûnderbrocht by it fiifde rezjimint ynfantery. Nei syn tsjinsttiid krige er lang om let wurk yn Drachten by de gemeentlike administraasje fan Smellingerlân. Yn dy tiid begûn er te skriuwen, stikjes dy’t pleatst waarden yn de pleatslike krante. Letter waard Riemersma learaar Ingelsk yn Dokkum. Dêr is er ek stoarn en begroeven.

Tematyk en resepsje

Ut en troch sette Riemer Riemersma ek wolris wat op papier oer syn tsjinsttiid yn Ynje, nei alle gedachten om syn oantinkens fan him ôf te skriuwen. Syn generaasje hie ommers al hiel wat foar de kiezzen hân yn de Twadde Wrâldoarloch en Riemer Riemersma alhielendal om’t syn heit yn it ferset siet. De perioade yn Ynje kaam dêr dan nochris oerhinne, wat hast altyd in beskiedende ynfloed op it lettere hâlden en dragen fan manlju as Riemersma hie.

Al dy wjerfarrens, tsjinslaggen, yndrukken en ek twivels oft it wol goed wie wat Nederlân dêr die laten yn 1965 úteinlik ta de publikaasje fan de roman Hwat west hat. Mei dat boek woe er dúdlik meitsje dat de feiten oer dy aksjes sa’t dy oan de Nederlânske befolking presintearre waarden, in fertekene byld joegen. Wylst de Polisjonele Aksjes benammen oan de man brocht waarden as in manier om Ynje te befrijen, liet Riemersma sjen dat it yn feite om aksjes fan in besettingsmacht gie. Yn de Drachtster Courant [1] sei er hjiroer: ‘Hwat ik yn myn boek foaral útkomme litte woe is hoe frjemd as it wie dat in folk, krekt sels fan de Dútske besetting befrijd, him opmakke om in oar lân te besetten.’ Dêrby hat er, sa joech er oan, net alles wat er wist yn it boek ferwurke omdat er foarkomme woe dat de skok te hurd oankaam. By neier ynsjen hie er dêr spyt fan: ‘Efternei muoit my dat.’

Yn de kritiken waard it boek net al te heech oanslein omdat it as roman beoardiele waard. Sa wie Marten Sikkema [2] fan betinken dat de keazen konstruksje (it ferhaal wurdt út in perspektyf fan ferskillende personaazje wei beljochte) net sa útwurke is dat de lêzer meinommen wurdt: ‘It hie folle better en oertsjûgjender kinnen’. Sybren Sybrandy [3] seach der ek sa tsjinoan. Hy fûn it spitich dat foar de romanfoarm keazen is wêr’t in dokumintêr ferslach mear op syn plak west hie. Likegoed stelde er fêst dat it boek dêrmei net sûnder betsjutting is: ‘Benammen wurdearje ik dat er yn alle gefallen besocht hat – as iennige fan de tûzenen Friezen dy't nei de oarloch oan de aksjes meidiene – in krityske hâlding yn in boek stal te jaan.’

Boarnen foar dit stik
[1] Drachtster Courant, 31-01-1964
[2] Leeuwarder Courant, 26-03-1966
[3] Sybren Sybrandy, Trotwaer, jiergong 20, 1988

Bibliografy

Roman
1965: Hwat west hat

Ferskaat
1967: Yn petear mei de ljochte (bondel mei ferhalen en gedichten fan 18 auteurs, mei fan Riemer Riemersma in gedicht)

Mear ynformaasje
Sybren Sybrandy, Trotwaer 20 op DBNL (De stilte om de oare Riemersma)
DBNL (mear links)
Jan Ybema oer Hwat west hat yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer.

©Tresoar, 11-12-2020