Berne: 08-01-1944, ymswâlde
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
byldmateriaal
-
biografy nl
Libben en wurk
Bonne Speerstra groeide op yn Ymswâlde (in buertskip fan Tsjerkwert)
Hy gie yn Tsjerkwert nei de legere skoalle, dêrnei yn Boalsert nei de MULO. Trochleare wie him neat; hy woe it paad op nei de hannel, nei de frijheid. Mar earst moast er ûnder de wapens. In pear jier nei syn tsjinsttiid is er yn 1966 ferhuze nei wolvegea yn Weststellingwerf. Speerstra hat tsien jier yn de Stellingwerven en omkriten wurke as fertsjintwurdiger by in fleisferwurkjende fabryk, de FCE, letter de Coveco. Nei dy tsien jier ûnder in baas hie er dat wol besjoen en is er as selsstannich feehanneler trochgien. De frijheid hied er dêrmei werom.
Skriuwer
Altyd hied er de earen en eagen goed iepen en notearre er ferhalen yn syn opskriuwboekjes. Yn syn earste boek Oer Twa Brêgen steane anekdoates en serieuze stikken út in heale iuw feehannel. Yn de feehannel spilen moppen in grutte rol. De bêste moppen dy’t er op ‘e feemerk hearde, skreau er altyd achter op de notysjeboekjes dêr’t er de hannel yn byhold.
Dy moppen oefene er yn ‘e auto, it leafst koart en puntich, oars bliuwt der neat fan oer. By it skriuwen is it krekt sa. It giet net allinne om it ferhaal, it giet foaral om hoe ast it fertelst, sa't Bonne Speerstra oanjoech yn in fraachpetear [1] mei Sietse de Vries: 'It is krekt skilderjen: setst earst de kontoeren op papier, dêrnei begjint it ynkleurjen. Dat is de moaiste faze'. Op advys fan meilêzer Bonne Stienstra hat er de moppen, dy´t yn de earste ferzje fan syn twadde boek Ûnderweis stiene, hast allegear skrast. Dy kamen op papier net ta har rjocht.
Oer Twa Brêgen, it earste boek, giet oer de bernejierren fan de skriuwer en dêrnei syn wjerfarrens yn de Stellingwerven.
Syn twadde boek ferskynde yn 2018. Under de titel Underweis ferhellet Speerstra oer syn tiid yn de feehannel. Yn 2022 ferskynde syn tredde boek (Loven en bieden) mei 50 ferhalen oer syn bestean as feekeapman, diskear yn it Nederlânsk.
Boarnen foar dit artikel
[1] Sietse de Vries, LC 09-11-2018
WURK
Ferskaat
2013: Oer twa brêgen
2018: Ûnderweis
2022: Loven en bieden
Mear ynformaasje
Eigen webside
Magda Dullemond, Stellingwerf 20-10-2022 (oer Loven en bieden)
©Tresoar, 23-11-2022
Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar.