Berne: 1985, Snits

Berber Spliethoff skriuwt al sûnt 2001 gedichten en ferhalen foar kalinders, (literêre) tydskriften en bondels. Op orizjinele en boartlike ludike wize behannelet sy gewoane tema’s út it deistich libben.

Libben en wurk
Berber Spliethoff stie al jong op de planken mei Frysk toaniel by iepenlofstpullen en die se mei oan Fryske foardrachtskrigen. Op jonge leeftiid begûn se ek al mei it skriuwen fan Fryske gedichten. Sy die mei oan ferskate wedstriden en wûn yn 2002 de tredde priis by de Junior Rely. Har broer, Jelmer Spliethoff, wûn yn 2001 de earste priis en de publykspriis by de foardrachtskriich FeRstival (foar learlingen fan it fuortset underwiis) mei it gedicht ‘Broers’ dat se spesjaal foar him skreaun hie. Dat gedicht is opnommen yn it Ferstivalboek en wie dêrmei har earste wurk dat publisearre waard. Letter folgen bydragen yn It Grutte Foarlêsboek en ferhalen foar literêr blêd Ensafh.

Yn 2019 waard har earste bondel útbrocht ûnder de titel As ik letter grut bin, mei gedichten foar bern tusken de tsien en sechstjin. Ynspiraasje dêrfoar hellet se benammen út har eigen puberteit, sa't se sei yn in fraachpetear mei Sietse de Vries.

Se wurket as logopedist en taal- en spraakpatolooch en wennet yn Groesbeek, mei man en twa bern.

WURK

Publikaasjes
2019: As ik letter grut bin (dichtbondel)

Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 06-12-2019
Arjan Hut, FD 28-12-2019 (besprek As ik letter grut bin)


©Tresoar, 18-02-2020