Berne: 06-02-1962, Ljouwert

Joke Scheffer waard berne yn Ljouwert. Nei de oplieding foar beukerliedsters folge te hawwen, fûn se har wei yn it ûnderwiis.

Libben en wurk
Joke Scheffer wurke earst yn it basisûnderwiis, yn 'e regel op meartalige skoallen. Dêrneist wurke se as freelancer 15 jier (1997-2012) by Omrop Fryslân, dêr't se programma's makke foar de skoalleradio. Har belangstelling foar taalûntjouwing boude se út troch in oplieding ta taalkoördinator en lêsspesjalist te folgjen. Ek makke se stúdzjereizen nei Wales, Spaansk Baskelân en Noard-Dútslân. Se sit yn de kearngroep 3ts fan it Cedin (meartaligens), it Fryske Berneboek (promoasje) en 'Jou in bern in boek Ferwerderadiel', in projekt dat oernommen is troch de nije gemeente Noardeast-Fryslân, dêr't se projektlieder fan is en lesbrieven skriuwt. Dêrneist wurket en tinkt se mei by in ferskaat oan oare projekten, lykas Taaldoarp, it 3M-Projekt en Kurrikulum Frysk, allegear yn it ramt fan meartaligens. By NHL Stenden nimt se assessments ôf.

Har belangstelling foar de Fryske taal die op yn de tiid dat se de oplieding foar beukerliedsters folge. Dit resultearre net allinnich yn it ferskaat oan funksjes yn en bûten it ûnderwiis, ek sette se har ta it skriuwen yn bygelyks de doarpskrante, dêr't se yn de redaksje siet. Letter sette se útein mei it skriuwen fan eigen wurk, boeken foar de jongste bern. Yn 2016 ferskynden Skelte wol in skelter ha (de tûzenste útjefte fan de Afûk) en Mûske fan Martena, yn 2018 folge troch Wobbe en Wije. De lêste twa boekjes binne skreaun yn opdracht foar respektyflik it doarp Koanjum (in speurtocht nei stinzeplanten) en de útwurking fan Kulturele Haadstêd yn Ferwerderadiel.

WURK

Berneboeken
2016: Skelte wol in skelter ha
2016: Mûske fan Martena
2018: Wobbe en Wije

Ferskaat
2012: Stille Nacht, Wûndernacht (redaksje)

Mear ynformaasje
Linkedin
Omrop Fryslân, 09-05-2016 (by de ferskining fan Skelte wol in skelter ha)

©Tresoar, 04-04-2020