Berne: 05-04-1964, ljouwert

Peter Sijbenga is komponist en multy-ynstrumintalist. Hy spile yn ferskate bands en makket ûnder oare muzyk foar Tryater. Ek makket er geregeld Fryske bewurkingen en oersettingen foar teäter (benammen Tryater) en skriuwt er toanielteksten.

Libben en wurk

Peter Remco Sijbenga is berne yn Ljouwert yn 1964. Hy folge it Stedelijk Gymnasium yn de stêd en studearre twa jier oan de Muziek Pedagogische Academie. Hy wurke (fan 1977 oant 1992) as pianist-begelieder by de ritmyske wedstriidgroepen by gymastykferiening G.V. Quick. Letter (1985-1991) wie er balletpianist foar de regionale oplieding klassyk ballet en fan 1984 oant 1993 wie er begeliedend musikus op de ALO yn Grins.

Fan 1980 ôf komponearre er; earst foar skoalkabaret en letter foar syn bands. Fan 1985 oant 1990 siet er yn 'e Fryske punkband It Dockumer Lokaeltsje. Sûnt begjin 2014 spilet de band sa no en dan wer live. Yn 2017 en 2020 brochten se nije albums út. Ek spile er yn Deinum (1990-1994), dêr't er ien Frysktalige (Bernewrâld) en ien Ingelsktalige CD (Europaeus) mei útbrocht. Hy spile ek yn de bands Solbakken, Sex Ettek en Dish Hunt. Hy spilet toetsynstruminten, basgitaar, elektroanika, gitaar en synthesizer en sjongt. Hy wie tweintich jier lang fêste begelieder fan Rients Gratama en skreau muzyk by Gratama syn lietteksten.

Sûnt midden njoggentiger jierren makket er muzyk foar teäterproduksjes fan teaterselskip Tryater û.o. Pak 'm Stanzi (1996), Peer Gynt (1999)Kening Lear (2003), 11stêdetocht (2008) en De IIsfoarstin (2014) en de teatrale kuiertocht It gelok fan Fryslân (2020). Ek is er al jierren belutsen by it berne-iepenloftspul fan Easterwierrum dêr't er muzyk en lietteksten foar skriuwt.

Sijbenga makket ek geregeld Fryske oersettingen foar teäter en skriuwt sels toanielteksten. Hy makke tal fan Fryske bewurkingen foar Tryater û.o. Ronja de rôversdochter (2000) en oersettingen foar Tryater lykas Master en Margarita (2010). De tekst foar de famyljefoarstelling It Geheim fan 'e Kânselier fan Tryater (2012) is troch him skreaun en de jeugdfoarstellings Stamppot Smyt (2009) en Dit wie it waar wer (2021). 

De foarstelling Oeds fan Fierwei yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2048 (Under de Toer) skreau er en hy spile de haadrol. Ek yn dat jier is de Matthäus Passion (fan Bach) spile troch it Noord Nederlands Orkest, yn in Fryske oersetting fan Sijbenga.

WURK

Publikaasjes (muzyk)

1986: It Dockumer Lokaeltsje, It Dockumer Lokaeltsje Wil Met U Neuken (LP)
1987: It Dockumer Lokaeltsje, Moddergat (LP)
1991: Deinum, Bernewrâld (CD)
1993: Deinum, Europaeus (CD)
1995: Sex Ettek, Kurhaus (CD)
2000: Romte en Stream (samling elektroanyske muzyk yn opdracht (CD)
2006: Sex Ettek, Hallenbad (CD)
2013: De Nachtwacht van Gor, Bange Uren (CD)
2014: Kohlemainen, Kaksikymmentä Kappaletta (CD)
2017: It Dockumer Lokaeltsje, Tonger (LP/CD)
2020: It Dockumer Lokaeltsje, Alles is goed (LP/CD)

Publikaasjes (toaniel)
Bewurkingen nei it Frysk:
2008: Discopigs (Tryater) 
2009: De striid om de sulveren bal (Tryater)
2009: Stamppot Schmidt / Stamppot Smyt Tryater)
2022: De trochknaller (iepenloftspul Makkum)

Oersettingen en bewurkingen nei it Frysk
2000: Ronja de rôversdochter (Tryater)
2003: It mirakel fan Hansje Brinker (Tryater)
2006: Liuwehert (Tryater)
2009: De striid om de sulveren bal (Tryater)
2010: Down South (Tryater)
2010: Master en Margarita (Tryater)
2014: De IIsfoarstin (Tryater)
2019: Trouwerijen en rjochtsaken, smoarge hoeren, ligers, minne heiten en memmen, ûnnoazele bern ensafuorthinne en it hâldt mar net op (Tryater)
2022: Troch de Raarderbosk (bewurking fan de film Into the woods foar berne-iepenloftspul Easterwierrrum)

Oarspronklik wurk
2022: De laatste ronde
2022: Door het donker

Prizen
2020: Bernlefpriis foar de band It Dockumer Lokaeltsje 

Mear ynformaasje
Gitte Brugman, LC 18-06-2020
Asing Walthaus, LC 27-12-2018
Omrop Fryslân 21-03-2018
Karen Bies, De Moanne jannewaris 2006
Elisabeth Post, LC 08-06-2022 (oer De trochknaller)
Iris Witzenburg, LC 10-06-2022 (oer Troch de Raarderbosk)
Elisabeth Post, LC 27-11-2022 (oer De laatste ronde)
Jelle Terwal, FD 18-11-2022 (besprek Door het donker)

Foto: Liang Cheng

©Tresoar, 21-12-2022