Berne: 27-09-1957, Terbant
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Elske Schotanus is hikke en tein yn in skippersfamylje yn Terbant. Se folge de ûnderwiisrûte fan mavo, havo nei vwo, dat lêste oan de Rijksscholengemeenschap op It Hearrenfean (tsjintwurdich ISM Sevenwolden) dêr’t ûnder oaren Jan J. Bylsma har learaar Nederlânsk wie.
Se studearre in tal jierren psychology yn Grins en wurke as meiwurkster meisizzenskip en partisipaasje fan kliïnten yn de geastlike sûnenssoarch. Se is byldzjend keunstner en skriuwer. Har skriuwen bestiet út proaza, kollums, fraachpetearen, sjoernalistike artikels en proaza- en toanielresinsjes, ûnder mear foar it kulturele en literêre opinyblêd de Moanne.
Neist it tekenjen (fan 1994 ôf) lei Elske Schotanus har út op it skriuwen. Se begûn dêrmei nei har moeting mei dichter en literêr resinsint Eeltsje Hettinga, dy’t har beluts by de opset fan ynternettydskrift Kistwurk. Geandewei ûntjoech se har as skriuwster fan koarte ferhalen; dêrnjonken oppenearre se har as in skerp proaza-kritikus, earst yn Kistwurk mar letter ek yn De Moanne / Trotwaer.
Schotanus debutearre yn boekfoarm yn 2004 mei de ferhalebondel It griisstiennen wurd, in bondel mei goed tweintich ferhalen, fan realistysk oant surrealistysk. Besprekker Justus (Eric Hoekstra) ornearre yn 2004 op ynternettiidskrift Farsk: ‘De ferhalen binne moai konsintrearre en meinimmend skreaun’. Yn it ferhaal De keap komt neffens him in aspekt nei foaren dat karakteristyk is foar it wurk fan Schotanus: ferfoarming fan de wrâld as middel om fielingen fan ferfrjemding en depersonalisaasje wer te jaan. Jabik Veenbaas [1] wie yn syn resinsje fan it boek benammen te sprekken oer de ferhalen dy’t boppe de werklikheid útgeane. ‘De mooglikheden lizze by Schotanus benammen yn de suggestive, surreële ferhalen, dy’t op effektive wize omriere yn de tsjustere en bange úthoeken fan de minskesiele’.
Yn 2002 krige Schotanus foar it ferhaal De poppe in oanmoedigingspriis fan de Rely Jorritsmasjuery. De skriuwster wegere dy priis lykwols, omdat de opset fan de Relypriis neffens har ynhâlde dat de ynstjoerders dy’t net by de priiswinners hearre anonym bliuwe. Schotanus hie der muoite mei dat de organisaasje troch sûnder foarôfkundiging in oanmoedigingspriis yn te stellen, dy anonimiteit trochbrutsen hie.
De roman Skrik (2007) is it relaas fan Elke, dy’t mei in psygoaze yn in psychiatryske klinyk telâne komt. It boek giet oer it gefjocht fan Elke mei harsels, mei de medisinen, mei de tastannen yn de klinyk. De lêzer folget allinne de tinkwrâld fan de ik-figuer. Resinsint Jetske Bilker [2] skreau: 'Men kin net út Elke har tinkwrâld komme. Wa't konsintrearre lêst, kin har wanhope op him ynwurkje litte. Mar lang net elk hat sin en geduld om him yn de holle fan ien mei in psygoaze te bejaan. Dêrfoar is de ôfstân te grut tusken "gek" en "normaal". Spitigernôch makket Schotanus dy ôfstân net lytser.' Jaap Krol [3] konkludearre lykwols: 'It [lêzen fan it boek] is yndie in opjefte, mar in opjefte dy't de muoite wurdich is. In moedich, mar foaral knap skreaun boek.'
De trochbraak nei in widere lêzersrûnte kaam yn 2013 mei In kop as in almenak, wat it sjenre oangiet troch de skriuwster as faction oantsjut. Schotanus begûn al ûnder it wurkjen oan it boek mei in Facebookside deroer, en yn septimber 2014 wie it ‘Boek fan de Moanne’. Se skreau it boek ûnder de skûlnamme ‘Elske Hindriks’, dy’t der ek as personaazje yn foarkomt. Sa ferhege se it fiktive karakter fan de tekst, wat har needsaaklik like omdat it boek de skiednis fertelt fan har foarfaars, benammen dy fan har mem Sjoerdtsje, dy’t hieltyd ferjitliker wurdt. Tagelyk jout it in moai byld fan de no ferdwûne skipperswrâld. Kwa opbou is In kop as in almenak opset as in grut en kleurryk mozayk fan koarte stikken. Doeke Sijens [4] over dit boek: 'Noait wurdt it ferhaal, dat yn in prachtige literêre styl skreaun is, sentiminteel en saken wurde ek net moaier foarsteld as dat se binne'. De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis [5] ornearre oer it boek: ‘Wêrs fan falske romantyk of nostalgy toant de roman maatskiplike feroaringen, springend troch de tiid, wêrby’t de notiid hyltyd sterker yn de kikert komt’.
Ein 2017 waard har tredde roman publisearre ûnder de titel Wurk. Yn dit boek krijt haadpersoan Jasper problemen op syn wurk. Hy besiket in nije takomst op te bouwen mei wat oant dan ta in hobby fan him wie: de keunst, in gegeven dat Schotanus oangrypt om de keunstwrâld te analysearjen. Doeke Sijens [6] fûn dy werûntdekking fan syn artistike talinten 'oertsjûgjend' beskreaun. Fierder sei er: 'Benammen de wize wêrop't Jasper hielendal losrekket fan syn eardere fermidden en oeral bûten komt te stean, rekket de lêzer sterk'. Jelle van der Meulen [7] wie ek goed te sprekken oer dizze roman: 'Wurk is geschreven in een even heerlijke literaire stijl als haar vorige boek, In kop as in almenak (2013), en ook de inhoud is zeker zo pakkend als in dat boek. Wurk is, kortom, een voortreffelijke roman.'
Yn 2020 folge De raven, in boek gearstald út in oantal earder op Facebook publisearre famyljeferhalen.
Resinsjes en organisatoaryske warberens
Elske Schotanus begûn mei it skriuwen fan resinsjes en kollums foar it ynternettydskrift Kistwurk (2000-2003). Se wie redakteur by it blêd yn de jierren 2001 en 2002. Neidat Kistwurk ophold te bestean, wurke se koart as redakteur by it krekt oprjochte ynternettydskrift Farsk. Se naam yn septimber 2003 nei in pear ôfleveringen ôfskie omdat in kollum fan har mei krityk op kollegaredakteur Abe de Vries wegere waard. Letter ferskynden har bydragen by De Moanne / Trotwaer en op de website Go-gol.
Tegearre mei Eeltsje Hettinga naam Schotanus it inisjatyf ta de oprjochting fan de stichting Cepher. De stichting hat as wichtichste doel it befoarderjen fan de (Fryske) letterkunde. De earste útjefte fan Cepher wie de útjefte fan trijetalige dichtbondel gjin Grinzen, de Reis/ geen Grenzen, de Reis / no Borders, the Voyage. De bondel kaam ta stân yn gearwurking mei Omrop Fryslân, de jonge ûntwerper Michiel Postma dei de foarmjouwing. Der siet in cd by mei opnamen fan de 23 meiwurkjende dichters. Yn 2004 waard it boek beleanne mei de Liuweprint, de foarmjouwerspriis fan de Stichting it Fryske Boek. Tegearre mei dichter Arjan Hut skreau Elske Schotanus in rige kollums foar Omrop Fryslân radio, dy’t twadde helte 2005 yn it programma Omnium útstjoerd waarden.
Boarnen foar dit artikel
[1] Jabik Veenbaas, LC 28-05-2004
[2] Jetske Bilker, LC 07-09-2007
[3] Jaap Krol, FD 20-10-2007
[4] Doeke Sijens, LC 19-07-2013
[5] Shortlist Gysbert Japicxpriis 2015
[6] Doeke Sijens, LC 16-03-2018
[7] Jelle van der Meulen, Friese literatuursite 2018
Belangrykste wurk
Romans
2007: Skrik
2013: In kop as in almenak
2017: Wurk
2020: De raven (Facebookroman)
2022: Kyra (grafyske novelle)
Ferhalebondel
2004: It griisstiennen wurd
Ferskaat
2015: Pier Feddema, in de lijn van het Fries expressionisme (biografy troch Elske Schotanus mei keunsthistoaryske bydrage fan Paulo Martina)
2022: Minym ferweech / Minieme gebaren troch Peter van Lier (Frysktalige oersetting troch Elske Schotanus)
2022: Keunstner tusken berop en ropping. Jan Frearks van der Bij 1922-2013 (bydrage mei libbensbeskriuwing fan dizze keunstner)
Prizen
2002: Rely Jorritsmapriisfraach, oanmoedigingspriis foar it ferhaal De poppe (priis wegere)
Nominaasjes
2008: Shortlist Fedde Schurerpriis foar Skrik
2015: Shortlist Gysbert Japicxpriis mei In kop as in almenak
2019: Shortlist Gysbert Japicxpriis mei Wurk
Resinsjes
2001-2010: Goed 50 resinsjes fan Frysk literêr wurk foar ferskate tydskriften, sammele op har webside yn Oersicht resinsjes (yn read de titels dy't der nei Schotanus har idee útkypje)
Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 07-05-2004 (fraachpetear)
De Moanne, 15-05-2015 (fraachpetear)
Eigen webside
De Moanne, 24-06-2021 (ferwizing nei audio Elske Schotanus)
Diane Romashuk, FD 09-04-2022 (fraachpetear n.o.f. Kyra)
Foto Niels Westra 2015 / Wikimedia Commons
©Tresoar, 07-04-2022