Berne: 12-08-1950, Jellum

Libben en wurk

Jan Schotanus is berne op in pleats yn Jellum en hat dêr ek syn jeugd trochbrocht. Oan de Pabo fan Ljouwert learde er ta ûnderwizer.

Hy krige in beneaming oan in basisskoalle yn Mantgum en folge dêrnjonken noch de twaddegraads oplieding Nederlânsk. As jong ûnderwizer waard er konfrontearre mei de staveringsferoaring fan it Frysk yn 1980. Omdat der dêrtroch net safolle lesmateriaal foarhannen wie, begûn Schotanus mei it oersetten fan ferhaaltsjes út tydskriften wei, bedoeld as lêsmateriaal foar syn learlingen. Hy hie aardichheid oan oersetten en it gong him goed ôf, hy waard dertroch ynspirearre om sels ek ris wat te skriuwen. Dat wie de opmaat fan syn skriuwersskip.

Skriuwer
Mei’t er hieltyd mear wurk krige yn it tekstbureau fan syn frou Marja, sette er in punt achter syn loopbaan yn it ûnderwiis yn 2007. Earder al hie er in skoft foar in part útkocht west om mei te skriuwen oan de Fryske taalmetoade StudioF.

De ferhaaltsjes dy’t er skreau lies er earst foar oan syn learlingen, om út te finen dat wat er skreau wol oansloech by syn jonge lêzers. Jan Schotanus debutearre yn boekfoarm yn 1983 mei In swalker op ’e kust, in spannend boek mei in miks fan aventoer, skiednis en science fiction. Dy yngrediënten paste Schotanus dêrnei faker ta, syn jeugdige haadpersoanen belibje alderhande aventoeren dy’t soms troch de tiden hinne rinne. Dat is bygelyks it gefal mei it yn 1989 ferskynde De kwestje fan Quad; in heimsinnige professor, Quad, dy’t berne is yn it jier 2289, komt troch in defekt fan syn tiidmasine telâne yn it Mantgum fan 1989. Twa pleatslike jonges helpe him om wer fierder reizgje te kinnen, mar foar’t it safier is meitsje ek sy spannende reizen troch takomst en ferline. Mei de skriuwsters Anny de Jong en Riemkje Pitstra hat Jan Schotanus in searje boeken skreaun oer de speurster Mentha Minnema. Mei syn trijen betochten se it plot dat dan troch ien útwurke waard, de gearwurking hat in aardige rige spannende jeugdboeken oplevere; Schotanus skreau dêrfan Mentha Minnema en it klokkemystearje (1990) en Mentha Minnema en it smokkelmystearje (1995). Beide boeken binne ek útkaam yn in Hollânsktalige oersetting. It boek Gefaarlik spul foar Mentha Minnema is ûnstien yn oparbeidzjen fan de trije auteurs. Schotanus komt gauris oan ûnderwerpen foar syn boeken troch ferhalen dy’t er heart fan bern op skoalle, mar ek de aktualiteit, in krante-artikel of in foarfal dat er meimakket kin de oanset wêze foar in nij ferhaal. Hy skriuwt allinnich yn it Frysk, gewoan omdat dat syn taal is.

Hy makke diel út fan de kommisje dy’t de Canon fan de Fryske skiednis opstelde en skreaun mei oan de skiednismetoade Alve-en-tritich foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

Yn 1986 skreau Schotanus in haadstik fan it boek Heechterp, in projekt weryn’t ferskeidene skriuwers in haadstik skreaunen fan in spannend berneboek en wêryn’t bern sels de yngrediënten foar de fuortsetting fan it ferhaal oandroegen.

Foar de Stifting útjouwerij Frysk toaniel (STUFT) hat Jan Schotanus ferskeidene bernetoanielstikken en musicals skreaun, guon dêrfan binne û.o. opfierd troch it berne iepenloft-toaniel fan Littenseradiel. Fierders hat er harkspullen skreaun dy’t útstjoerd binne troch omrop Fryslân.

Oersette makket noch altyd in wichtich part út fan it wurk fan Jan Schotanus. It earste boek dat er oersette wie Jappy en it sûkeladefabryk (1982, oerset út it Ingelsk nei Roald Dahl). It ferfolch Jappy en de grutte glêzen lift kaam út yn 1989. Njonken berne- en jeugdliteratuer fertaalt er ek in soad toaniel, benammen út it Nederlânsk en it Ingelsk wei. Foar bernetoaniel hat er ferskate stikken oerset, mar ek it Frysktalich beropsselskip Tryater en it iepenlofttoaniel fan Jorwert dogge geregeld in berop op him. Foar Jorwert is Schotanus sa njonkenlytsen de ‘fêste’ oersetter woarn. Yn 1987 krige Schotanus tagelyk mei in seistal oare oersetters de Dr. Obe Postma-priis, de troch de provinsje Fryslân ynstelde priis foar oersettings, takend foar syn oersetwurk; de priis is lykwols net útrikt omdat in pear fan de oersetters de priis wegeren.

Yn 2007 rjochte hy de útjouwerij Audiofrysk op, dy’t harkboeken yn it Frysk op de merk bringt. Fan 2017 ôf kaam de Sweltsjerige derby: maklik lêsbere boeken foar begjinners.

Foar it Skriuwersboun hat Jan Schotanus in tal jierren in sit hân yn de redaksje fan it Bounsorgaan De Oesdrip, hy hat ek twa kear diel útmakke fan it bestjoer.

List fan belangrykste wurk

Berneboeken (ek ferskynd as harkboek)
1983: In swalker op ’e kust
1986: Heechterp (mei oare skriuwers)
1987: Ajram fan ’e Edrei
1989: De kwestje fan Quad
1989: De swannen fan Hoxwier
1990: Mentha Minnema en it klokkemystearje
1995: Mentha Minnema en it smokkelmystearje
1997: Gefaarlik spul foar Mentha Minnema (mei Anny de Jong en Riemkje Pitstra)
2002: Nacht op it eilân
2003: De ûnmooglike reis fan de Santa Maria
2009: Bor en de boef!
2010: Fûgelfrij yn de canyon (De Traveliersrige)
2014: Om it hurdst! 
2017: Wat in ein! (Sweltsjerige)
2019: Wêr is Mop?! (Sweltsjerige)

Oersettingen
1981: Jappy en it Sûkeladefabryk (Roald Dahl)
1986: Operaasje W. (Heather Moon)
1989: Jappy en de grutte glêzen lift (Roald Dahl)
1990: De Karate Prinses (Jeremy Strong)
1995: Anny de Jong - Mentha Minnema en het klokkenmysterie (Anny de Jong)
1997: Anny de Jong - Mentha Minnema en het smokkelmysterie (Anny de Jong)
2001: Een nacht op het eiland
2013: Lytse Daan, de wrâldkampioen (Roald Dahl)

Non-fiksje
2006: Wenjen hjoed en juster (Fokus Fryslân)
2006: Friezen fan formaat (Fokus Fryslân)
2007: Leauwen yn Fryslân (Fokus Fryslân)
2008: Oan it wurk! (Fokus Fryslân)
2007: 75 jier Ôfslútdyk
2009: Nije enerzjy

Bernetoaniel (oarspronklik wurk)
1980: Kening Floaris hat fertriet
1982: De kaai fan de trije hynders
1985: De trui fan de kening
1988: De spegel en de prúk
1990: Karel ende Elegast
1995: It BBB wurdt better
1995: Frisia Ave!
1996: It Pompeblêd-net
1998: Gaos yn de knalhal
2002: De wisse hân kontra It nije riden

Toaniel (oersettingen)
Foar Tryater
1982: Veronika’s keamer (Veronica’s Room - Ira Levin)
1985: Equus (Equus - Peter Shaffer)

Foar Iepenloftspul Jorwert:
1994: Lieten fan De Bochel (Harry Geelen)
1994: Midsimmernachtsdream
1995: Anatevka / in spylman op it dak (Fiddler on the roof)
1996: In Sinterske Opera  (Die Dreigroschenoper)
1997: Oliver! (Charles Dickens - Oliver Twist,  stik fan Lionel Bart)
1998: Slauerhoff & Jorwert (Gerrit Jan Zwier - Slauerhoff & Jorwerd)
1999: Zorba (Kazantzákis - Zorba)
2000: Venetiaans Karnaval (Carlo Goldoni - La Vedova Scaltra)
2001: Utblaasd (Paul Allan - Brassed Off)
2002: De feint fan twa masters (Carlo Goldoni - Il servetore di due patroni)
2003: Ik wol spylje (Film Shakespeare in love)
2004: Op hoop fan segen (Herman Heijermans - Op hoop van zegen)
2005: Kabaret (Fred Ebb en Joe Masterof - Cabaret)
2006: Alles út (The full Monty)
2007: Dûbele Nelson (Lucky Break)
2008: Jou my wjukken (As it is in heaven)
2009: Tuskentiid
2010: It Feest (Festen)
2011: Bohemia
2012: De Goede, de Minne en de Lillike
2014: Maraton
2015: Augustus
2016: London ’68 (Dagenham)

Foar Iepenloftspul Dronryp:
1998: De Singelieren (Robert Merle)
2000: Noah (Anton Koolhaas)

Foar iepenloftspul Jobbegea:
2022: Jou my wjukken (basearre op de Sweedske film As it is in heaven)

Prizen
1987: Obe Postmapriis (net útrikt)
2009: Berneboekesjuery - Bor en de boef!

Mear ynformaasje
Hedwig Terpstra, Ensafh 09-04-2015 (fraachpetear)
Eigen webside

©Tresoar, 06-06-2022