Berne: 25-07-1898, Drachten
Ferstoarn: 19-03-1968, It Hearrenfean

Libben en wurk

Fedde Schurer waard op 25 july 1898 berne te Drachten dêr't syn heit as hellingfeint wurke. Doe't er seis jier wie kaam er op 'e Lemmer te wenjen.

Neidat er dêr de bysûndere legere skoalle ôfrûn hie, waard er timmerfeint en folge jûns lessen oan de tekenskoalle. Letter studearre er foar ûnderwizer en yn 1919 waard er beneamd oan syn eigen âlde skoalle. Hy troude yn 1924 mei syn kollega Willy de Vries. Underwilens wie er begûn te dichtsjen. Syn debút makke er yn 1920 yn it tydskrift fan it Kristlik Frysk Selskip, Yn ús eigen Tael, mar hy publisearre ûnder ynfloed fan Douwe Kalma ek yn Frisia, orgaan fan de Jongfryske Mienskip. Syn earste bondel Fersen waard yn 1925 goed ûntfongen. As militant pasifist rekke er yn konflikt mei syn skoalbestjoer (Lemster skoalkwestje, 1930). Syn frou en hy betanken as lidmaten fan de grifformearde tsjerke en ferfearen nei Amsterdam, dêr't Fedde Schurer oant 1946 ta oan ferskate iepenbiere skoallen ferbûn west hat. Foar de Christelijk Democratische Unie waard er yn 1936 lid fan de Provinsjale Steaten fan Noard-Hollân. Al yn 1943 makke Schurer de opset foar in nij literêr tydskrift, dêr't ûnder de namme De Rattelwacht yn 1944 ien nûmer fan ferskynd is. It wie de foargonger fan De Tsjerne (1946-1968). As redakteur fan dat blêd hat Fedde Schurer in grut tal jonge skriuwers op ‘e gleed holpen. Hy wie yn 1946 nei Fryslân weromkommen om mei Sjoerd van der Schaaf de redaksje fan de Heerenveense (letter Friese) Koerier op him te nimmen. In haadartikel fan syn hân waard yn 1951 as misledigjend foar de Hearrenfeanster kantonrjochter opfette. De reboelje dy't op 16 novimber op it Ljouwerter Saailân ûntstie doe't Schurer yn heger berop terjochte stie, is bekend bleaun as "kneppelfreed". Wetlike regelingen foar it Frysk hawwe úteinlik it resultaat west fan de publisiteit oer dy demonstraasje.

Fan 1956 oant 1963 hat Schurer sit hân yn de Twadde Keamer foar de Partij van de Arbeid.

As dichter bleau er syn libben lang warber. Hy publisearre in tsiental fersebondels mei oarspronklike en oersette poëzy. De kroan op syn wurk as psalme-oersetter wie it reekommen fan it Frysk Psalm- en Gesangboek yn 1955. Ek as toanielskriuwer hied er sukses, û.o. mei syn Bibelsk drama Simson, dêr't er yn 1949 de Gysbert Japicxpriis foar krige. Oan 'e ein ta bleau Schurer warber as sprekker en propagandist foar de pasifistyske streaming binnen de sosjalistyske beweging. Yn 1964 sette er útein mei de publikaasje fan syn memoires ûnder de titel De besleine spegel. It manuskript wie omtrint ree doe't de dea him op 19 maart 1968 mei in hertynfarkt oerfoel.

Yn 2020 ûntstie der frijwat rebûlje om it ferpleatsen fan syn stânbyld op it Hearrefean, dat neffens in soad belutsenen (sjoch foar de links ûnder oan dizze side), wêrûnder Hylke Speerstra, respektleas dien waard.

Literatuer
1971: Skriuwers yn Byld, nr.3 - Fedde Schurer (1898-1968), gearstald troch Gerrit Borgers, Freark Dam, Kees Nieuwenhuizen en D.A. Tamminga.
1974: Ynlieding Samle Fersen, D.A. Tamminga.
1986: R.J. Jonkman, De bining forfongen. In resepsje-estetysk undersyk nei Fedde Schurer syn fyzje op de Fryske literatuer yn De Tsjerne.
1998: Fedde Schurer as politikus, beweger, dichter. Sympoasium hâlden op 16 maaie 1998 yn de Skierstins yn Feanwâlden. BYSKRIFTEN nûmer 20.
1998: Ynlieding It dûbeld paradys, Freark Dam.
1998: De wurdskat fan Schurer. Wurdlist by Fedde Schurer It dûbeld paradys. BYSKRIFTEN nûmer 23.
1999: Tony Feitsma - Fedde Schurer en syn idealen. BYSKRIFTEN nûmer 26.
2010: Johanneke Liemburg, Fedde Schurer (1898-1968)

Wurk

Poëzy
1925: Fersen (2e pr. 1934)
1930: Utflecht - Fersen (2e pr. 1936)
1931: Heinrich Heine - Oersetting út syn dichtwurk
1934: Twiljocht (Foar freonen, net yn ‘e hannel, letter opnaam yn Op alle winen)
1936: Op alle winen
1940: Fen twa wâllen
1949: Vox Humana
1955: Fingerprinten
1966: Opheind en trochjown - Fortalingen (oersettingen út it wurk fan R.M. Rilke en J.W.F. Werumeus Buning)
1966: Efter it nijs
1966: De gitaer by it boek (2e pr. 1969, 3e pr. 1971)
1974: Samle fersen (mei ynlieding fan Douwe A. Tamminga) (2e pr. 1975)
1998: It dûbeld paradys (blomlêzing, mei ynlieding fan Freark Dam)
1999: Gedichte / Dichtwurk (oersettingen út it wurk fan Heinrich Heine)

Ferhalen
1963: Beam en bast

Ferskaat
1969: De bisleine spegel - autobiografy (2e pr. 1998)

Toaniel
1942: Simson
1954: Bonifatius

Oersettingen
1945: Simson (Ned)
1969: De beslagen spiegel - Herinneringen (oersetting J.H. Brouwer)

Ferskaat
1934: Lof fan alle tiden - Psalmen, gesangen en lieten
1945: Psalmen yn ‘e nacht (as 'Arend van der Meer')
1947: Boek fan de psalmen
1955: Frysk psalm- en gesangboek
1975: Fedde Schurer op en út (samling teksten fan en oer Fedde Schurer)
1976: Sawnrisom (in mannich troch Schurer oersette lieten)
1998: Ik bin jim sjonger (lieten)

Mear ynformaasje
Skriuwers yn byld, Omrop Fryslân, 18-05-1989 (Douwe Tamminga, Freark Dam en Bonne Dijkstra oer it libben en wurk fan Schurer) 
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Operaesje Fers
Fedde Schurer oer Kneppelfreed
Jan Ybema, FD 27-07-2020 (oer ferpleatsing byld Fedde Schurer)
Hylke Speerstra, FD 27-07-2020 (oer ferpleatsing byld Fedde Schurer)
Abe de Vries, FD 24-04-2021 (oer manifest 'De ferbining ferbrutsen')

©Tresoar, 04-05-2021