Berne: 09-03-1955, Hantum
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Doeke Sijens hat yn syn berteplak Hantum wenne oant er yn 1973 nei Grins gie om dêr in oplieding te folgjen oan de bibleteekakademy. Dat er gjin smid wurde soe lykas syn heit, wist er al gau, hy hie mear ynterresse foar boeken en lêzen. Nei syn ôfstudearjen kaam er as bibliotekaris te wurkjen by de Grinzer stedsbiblioteek, de festiging fan de iepenbiere biblioteek yn de stêd, dêr’t er sûnt jierren haad fan is.
Hoewol’t er fan it omgean mei literatuer syn berop makke hie, foel de Fryske foarearst bûten syn eachweid. Dat feroare healwei de jierren tachtich doe’t er in skoftlang yn itselde hûs wenne as Jelle Krol, de eardere literatuerkritikus fan de Leeuwarder Courant. Krol hie in grutte kolleksje Fryske boeken yn ’e hûs en makke him paadwiis yn de Fryske literatuer. Tagelyk mei de niget oan Frysk lêzen ûntstie by Doeke Sijens ek it ferlet om yn it Frysk te skriuwen. Hy hie al wol ferhalen publisearre yn it biblioteekblêd en foar it blêd fan it COC (Cultuur en ontspannings centrum, stiet foar: Nederlandse Vereniging voor Integratie van Homoseksualiteit). Dy ferhalen hiene almeast in satiryske, humoristyske ynslach. Doe’t er ferhalen yn it Frysk skreau, murk er dat dy earnstiger wiene. Yn in fraachpeatear mei Sietse de Vries (Leeuwarder Courant, 26-06-1998) sei er dat er him yn it Frysk ek folle earder lilk makke oer kritiken dêr’t er it net mei iens wie.
Sijens debutearre mei it ferhaal Nei it lân fan palmerûzjen yn Trotwaer 1986. De jierren dêrnei skreau er noch in tal ferhalen dy’t ek yn Trotwaer publisearre waarden. De measte fan dy ferhalen naam er, hjir en dêr yn in bewurkje ferzje, op yn syn debútbondel dy’t út kaam ûnder deselde titel as syn earste ferhaal; Nei it lân fan palmerûzjen. De titel referearret oan in brief dy’t Simke Kloosterman (1876-1938) oan Douwe Kalma skreau, doe’t se yn Itaalje op fakânsje wie. Doeke Sijens wie de earste Fryske auteur dy’t it tema fan de homoseksualiteit ‘fan binnen út’ beskreau. De ferhalen hawwe deselde persoan, Nyckle, as haadpersonaazje, beskreaun fanút ferskillend perspektyf. De iene kear dúdlik oanwêzich, de oare kear op de eftergrûn as byfiguer. Der is in ûntwikkeling te sjen fan Nyckle as ûnsekere puber dy’t noch net foar syn homoseksualiteit doart út te kommen, oant de folwoeksen man dy’t in relaasje oangiet mei in man mei twa bern.
Fan 1993 oant 2003 makke Sijens diel út fan de redaksje fan Trotwaer, dat yn 2002 ûnderdiel waard fan tydskrift De Moanne. Foar Trotwaer skreau er troch de jierren hinne in grut tal skôgings en essays op it mêd fan literatuer.
In seleksje fan dy stikken binne byinoar brocht yn de bondel Douwe Kalma yn piama en oare stikken oer de Fryske literatuer, dy’t yn 2004 by de Q (Koperative útjouwerij) ferskynde. Sijens beljochtet yn syn skôgings minder bekende kanten fan soms kontroversjele auteurs as Reinder Brolsma, Douwe Kiestra en Douwe Kalma. Troch dy eigensinnige kar wit er faak nijsgjirrige aspekten út it wurk fan de ûnderskate auteurs nei foaren te heljen en lit er sjen in selsstannich oardiel te hawwen.
Yn it libben fan skriuwer Reinder Brolsma (1882-1953) hie Doeke Sijens him al earder ferdjippe, dat resultearre yn de publikaasje fan in biografy dy’t yn 2001 yn it ljocht kaam ûnder de titel Sa’n tûzen blauwe skriften - biografy fan Reinder Brolsma. De titel hie Sijens ûntliend oan in rigel út in ballade dy’t Brolsma yn 1945 skreau. Yn 2002 krige er foar de biografy oer Brolsma de troch de provinsje ynstelde priis foar debutanten, de Fedde Schurerpriis.
Underfining mei it sneupen yn argiven hie er opdien doe’t er yn 1994/1995 dwaande wie mei it gearstallen en skriuwen fan in betinkingsboek oer de Koperative utjouwerij. Dat boek, mei de titel In útjouwerij fan QuizeQuânsje - tinkboek by it 25-jierrich bestean fan de KoperativeUtjouwerij, ferskynde novimber 1995. De Q wie yn 1970 oprjochte troch in stik of wat jonge skriuwers út ûnfrede mei it belied fan de besteande útjouwerijen. Skriuwers dy’t meidienen wiene ûnder oaren Teije Brattinga, Trinus Riemersma en Josse de Haan. De meiwurkjende skriuwers regelen sels alles fan it útsykjen en beoardieljen fan de manuskripten oant it útjaan ta. Yn septimber 2007 hawwe de lêst oerbleaune leden de útjouwerij opdoekt, Doeke Sijens wie oant 2003 foarsitter en dêrnei ponghâlder.
Doeke Sijens skriuwt njonken proaza yn it Frysk ek yn it Nederlânsk. Tegearre mei Coen Peppelenbos skreau er de roman Tavenier, in komyske gay-soap. Twa jier letter ferskynde it ferfolch ûnder de titel Harde actie - Tavenier 2. Syn ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen kaam yn 2007 út yn in Nederlânsktalige oersetting as Friese jongens en andere verhalen. Fierder wurket er tegearre mei Coen Peppelenbos oan werútjeften fan fergetten lhtb-literatuer, dit ûnder de titel 'Regenboogreeks'. Sa ferskynden bgl. boeken van Simon Vestdijk en Iris Murdoch.
Syn ynteresse foar byldzjende keunst late ta in oantal biografyske essees oer û.o. Boele Bregman, Wobbe Alkema en Gerrit Benner en is er redakteur fan it Ploeg Jaarboek.
Sûnt in oantal jierret resinsearret er Frysk proaza foar de Leeuwarder Courant.
Wurk
1995: In útjouwerij fan QuizeQânsje - tinkboek by it 25 jierrich bestean fan de Koperative Utjouwerij (mei Henk van der Veer)
1998: Nei it lân fan palmerûzjen
2001: Sa’n tûzen blauwe skriften - biografy fan Reinder Brolsma (ek as digitaal boek beskikber)
2003: Tavenier (Nederlânsktalich, mei Coen Peppelenbos)
2004: Douwe Kalma yn piama en oare stikken oer de Fryske literatuer
2005: Harde actie - Tavenier 2 (Nederlânsktalich, mei Coen Peppelenbos)
2007: Friese jongens en andere verhalen (oersetting fan Nei it lân fan palmerûzjen)
2012: Eeuwige trouw (mei Coen Peppelenbos)
2012: Trio Tavenier (omnibus mei trije boeken)
2012: Männer WG (Dútsktalich)
2014: Lauwertaakken en Distels (oer Louis Couperus - mei Coen Peppelenbos)
2015: Voetsporen (oer Fie Werkman en har heit)
2016: De wandelstok van Virginia Woolf (mei oaren)
2018: Aangeraakt door een nieuw licht (oer Alida Pott en De Ploeg)
2021: De onbekende wereld van Henk Melgers
Prizen
2002: Fedde Schurerpriis foar Sa’n tûzen blauwe skriften - biografy fan Reinder Brolsma
1993: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Op it eilân)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Uitgeverij Kleine Uil
Ally Smid, Trouw 22-03-2021 (oer werútjefte Een Alpenroman fan Simon Vestdijk)
Foto Tresoar - Haye Bijlstra
©Tresoar, 21-04-2021