Berne: 31-01-1954, Sondel

Libben en wurk

Jacobus Quiryn Smink is boeresoan, hikke en tein yn Sondel yn Gaasterlân. Hy is de fjirde yn in húshâlding fan njoggen, ‘dus der waard in protte Frysk praat’, sa’t er yn 1995 fyntsjeswei opmurk yn in fraachpetear.

Hy krige Frysk op skoalle: de legere skoalle yn Sondel wie twatalich, de learlingen liezen de jeugdboeken oer Durk en Djoke (fan Jant Visser-Bakker) en de ferskes fan Diet Huber. Op ’e havo yn Snits keas Smink Frysk yn syn pakket en krige er les fan Jan de Jong, bekend as oersetter nei it Frysk. Hy folge de stúdzje Nederlânsk oan de learare-oplieding Ubbo Emmius yn Grins. Nei syn ôfstudearjen ferfear er yn 1980 nei Brabân. Sûnt 1983 wennet er yn Eindhoven dêr’t er wurket as dosint Nederlânsk.

Dichter en redaksjelid
Mei skriuwen begûn Smink al jong. Op de middelbere skoalle skreau er popferskes, meast yn it Nederlânsk en it Ingelsk. Syn klassegenoat Jaep de Jong, dy't gedichten yn it Frysk skreau, sette him op it spoar fan syn memmetaal. Yn syn Grinzer tiid kaam er yn ’e kunde mei dichter Tsjêbbe Hettinga; dat makke him der noch sterker bewust fan dat er yn it Frysk skriuwe woe.

Hy debutearre as Jacob Smink yn 1972 yn it literêre tydskrift Hjir mei in koart ferhaal Hwa wit en in fers mei de titel Leaf famke. Hjir wie dat jiers oprjochte troch Piter Boersma en Bonne Stienstra as poadium foar jonge begjinnende skriuwers en as tsjinhinger fan de al besteande literêre blêden (dy’t se as te elitêr en te polityk beskôgen). Yn jannewaris 1975 waard de redaksje fan Hjir mei in grutte groep útwreide: Jelle Kaspersma, Piter Yedema, Jacobus Dykstra en Tsjêbbe Hettinga. Jakobus Smink wie dêr ek in koart skoftke by. Yn 1979 kaam er foar langer yn de redaksje, no as Jacobus Q. Smink. It inisjaal Q. foar Quiryn hie er der sels by betocht, dat fûn er wol moai. Yn 2013 fertelde er dat in Jacobus Quiryn Eppinga sneuvele by Waterloo yn 1815. Jacobus Smink syn mem wie in Eppinga en sa brocht er dy Q werom yn de famylje.

Hy wurke sân folle jierren mei yn de redaksje, en nei in tuskentiid fan nochris sân jier waard er yn 1993 op ’en nij redaksjelid. Doe’t Hjir mei yngong fan 2009 mei Farsk opgie yn Ensafh, kaam Smink ek yn de Ensafh-redaksje. Hjir en Ensafh hawwe altyd syn poadium west, op in pear útstapkes nei yn Trotwaer, begjin jierren njoggentich.

Earste bondels
Smink syn earste bondel Apàrte fersen kaam yn 1983 út yn eigen behear by de Stifting Hispel as in ienfâldich útfierd boekje. It wie nei it sizzen fan de dichter in útjefte fan fersen dy’t net pasten yn de ‘echte bondel’ dêr’t er mei te set wie. Twa jier letter folge by de KU syn offisjeel debút Wurk fan de achtste dei. De titel koe wol ris ferwize nei it skeppende wurk dat de dichter/minske sels dwaan moat, no't it paradyslik skeppingsferhaal dien is, en nei it besykjen om in nije taal te skeppen, los fan konvinsjes. De tematyk fan de beide bondels lit him net maklik koart omskriuwe. It hermetysk karakter fan nochal wat fan de fersen makke dat de bondel by de kritisy ferdield ûntfongen waard.

Foar de famkes (1988) hat as tema de leafde fan in heit foar syn famkes, de dragers fan it ûnthjit en de dreamen: ‘Op myn famkes bou ik dreamen / Se hjitte fan Balsemyn / Swanneblom / Riuwer / en / Bij’. Yn rommere betsjutting jildt de titel ek frou of freondinnen. Neffens Cornelis van der Wal (Trotwaer 1989, nr 3) binne de measte fersen skreaun as rêding foar in sombere, mankelike dichter dy’t beseft dat er âlder wurdt: ‘Myn gedachten binne bousels / Fan misbegryp en fan ferset / Tsjin de âldelullewet’. De poëzij yn Foar de famkes is tagonkliker, de dichter hat der minder as yn syn earder wurk ferlet fan in ‘heechdravende drummer fan it wurd’ te wêzen.

Yn Mei beide lippen (1991) is de boartlike blijens fan de foarige bondel ferdwûn, it giet oer ferlies en iensumerns. Dichters beminde hat him ferlitten, in pear goede freonen binne jong ferstoarn. Undanks dat hâlde de fersen in sekere lichtheid, mei ek troch Smink syn markante dichtstyl fan ôfwykjend taalgebrûk, dy't him yn dizze bondel foar it earst dúdlik sjen lit: it  brûken fan anakoloet, ellips, ynverzje en oare net-grammatikale taalbousels.

Tuskentiids hichtepunt
In hichtepunt foarmet de bondel Lingerich tekstyl & swarte side (1994), mei as tema de erotyk: ‘Adam ferslingere’. Eppie Dam skreau oer de bondel (Frysk & Frij, desimber 1994): ‘Lingerich tekstyl & swarte side soe ik in typise Smink-bondel neame wolle. Alles wat sa karakteristyk is foar syn poëzy, sit deryn: krinkeljende ideeën, yntrigearjende dwersferbannen, eigensinnige formules, fernimstige neologismen, wanstaltige konstruksjes, steurende praterijen, yrritante kryptokokken. Mar wat der noch mei giet: de superieure achteleazens fan tafallichheden. As hie er der neat foar dien en joech de Muze it har beminde yn ’e sliep.’ Net elke resinsint wie optein, Albertina Soepboer miste yn de poëzij de subtiliteit, sadat de suggestje fan erotyk yn de iene rigel yn de folgjende alwer ferlern gie (Trotwaer, nû. 2, 1995). Abe de Vries karakterisearre de dichter yn de blomlêzing Het goud op de weg lykwols as ‘een liefdesdichter pur sang’. Hylke Tromp wiisde derop dat mei de oansprutsen persoan yn de bondel ek de leafde bedoeld wêze kin, de muze of de taal; it taalgebrûk fan de dichter is ferrifeljend en de titel kin op mear wizen útlein wurde.

Yn 1995 folge Minskegedichten (‘minsk’, in anagram fan Smink) mei itselde soarte fan apart taalgebrûk; de gedichten geane oer ‘minsk’ yn allerhanne libbenssituaasjes, fan berte oant en mei dea, in soarte fan kaleidoskoop fan it minskebestean. Wêr’t it bysûndere taalgebrûk yn de foarige bondel suggestyf wurke, krige it hjir wat fan in trúkje, benammen ek troch de werhelling fan it wurd minsk. De kritisy beskôgen it wurk mear as in tuskentrochdinkje yn it ramt fan de rige Ljochtmoanneboekjes fan de KU dêr’t it yn ferskynde. Mei dy rige fierde de KU yn 1995 syn 25-jierrich bestean (elke ljochtmoanne in nije útjefte).

Bekroande bondel
Sondelfal (2009) befettet nij wurk en in seleksje út wat de dichter sûnt 1993 yn de tydskriften publisearre, soms bywurke, lykas bygelyks it fers Masine mei hege en lege panne, dat earder [1] as Sondeler sonnet ferskynde. It sintrale tema foarmje de jeugdoantinkens út Sondel en de konfrontaasje mei it no. De titel kin ek lêzen wurde as in ferwizing nei 'sondelfal', it ferlies fan it paradys fan de jeugd, hoewol't Smink syn poëzy op gjin inkeld plak in ôfsetten tsjin in religieuze opfoeding sjen lit. Eric Hoekstra wiist der yn syn besprek yn Ensafh (2010, nr. 3) op hoe’t de bernetiid as licht en boartlik foarsteld wurdt, de folwoeksenetiid as ‘saai’, en dat de dichter mei syn markant taalgebrûk dy lichte bernetiid ek yn de foarm ferbyldet. Ut en troch brûkt er ek súdhoekse dialektfarianten; by it boppeneamde gedicht stie bygelyks earst ‘menne’, letter feroare er dat yn ‘mêne’.

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis skreau oer Sondelfal: ‘It is in wûnder hoe’t Jacobus Q. Smink dat hat. Yn Sondelfal slagget er deryn om de lêzer hielendal op de doele te bringen mei nijfoarmingen, ellipsen, wylde assosjaasjes, tsjustere metafoaren en tagelyk liedt er de lêzer streekrjocht nei Sondel, it plak dêr’t er sels yn 1954 op ’e wrâld kaam. Tagelyk ek tsjoent er dat Sondel sa helder foar eagen dat men der hielendal nostalgysk wee fan wurde kin. Om yn deselde tel dy herinneringen yn in wiere Sondelfal as fjoerwurk útinoar spatte te litten.’

Adams apel is in bondel mei seisentweintich fersen dy't bûten de seleksje fan Sondelfal foelen. Neffens ûnderwerp slute se naadleas oan by Lingerich tekstyl en swarte side. Beslút dy bondel mei Adam ferslingere, Adams apel begjint mei it titelfers: 'Jifke hat my in apel bean, ja / It is wier en hap mar ta' - en sa is op subtile wize ek noch de link lein mei 'sondelfal'. De bondel waard de GJ-priiswinner (en alle oare oanwêzigen) oanbean troch de redaksje fan literêr tydskrift Ensafh op de resepsje nei de priisútrikking yn 'De Groene Weide' yn Boalsert.

Yn 2015 ferskynde Tongermolke, in bondel mei fjirtich koarte fersen ferdield oer sân skiften. Ek yn dizze bondel is de leafde (mei ferwizingen nei erotyk) in wichtich tema. Eppie Dam [2] hie benammen lof foar de skiften It griis fan potstro en Lêste eare mei 'lûpsuvere' fersen ta neitins fan ferstoarnen. Syn slotkonklúzje: 'Jacobus Smink dichtet noch altyd mei de sinne oan syn kant'.

Oersetter
Jacobus Smink hat in oantal boeken út de wrâldliteratuer oerset yn in Frysk. Hy hâldt fan fertaalwurk om ‘yn in ritme te bliuwen’ en foar ynspiraasje. Syn Ronja waard bewurke ta in toanielfoarstelling dy’t Tryater yn desimber 2000 en jannewaris 2001 mei grut sukses opfierde.

Fierdere boarnen foar dit artikel
[1] Freark Dam, LC 25-07-1999
[2] Eppie Dam, LC 15-09-2015

Wurk

Poëzy
1983: Apàrte fersen
1985: Wurk fan de achtste dei
1988: Foar de famkes
1991: Mei beide lippen
1992: Freonskrift (24 earder ferskynde kwatrinen mei oersettingen yn fiif talen)
1994: Lingerich tekstyl & swarte side
1995: Minskegedichten
2009: Sondelfal
2013: Adams apel
2015: Tongermolke
2019: Sierreis (mei Nederlânsktalige oersettingen fan Jabik Veenbaas)

Oersettingen
1995: Anne Frank, It Achterhûs
1998: Antoine de Saint-Exupéry, De lytse prins (2de útjefte 2012)
2000: Astrid Lindgren, Ronja, de rôversdochter
2010: Heinrich Hoffmann, Smoarge Piter (Der Struwwelpeter)
2022: Myn lytse oarloch (Louis Paul Boon)

Prizen
2013: Gysbert Japicxpriis foar Sondelfal

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Sytske de Boer, LC 25-04-1995 (fraachpetear)
Marita de Jong, De Moanne 2010, nr 3, s. 6-9 (fraachpetear)
Jacob Haagsma, LC 11-10-2013 (fraachpetear)
Gerbrich van der Meer, FD 12-10-2013, diel 1 en diel 2 (fraachpetear)
Rapport advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2013, Ensafh 13-10-2013
Eigen webside
Jitze Hooghiemstra, Balkster Courant 10-03-2022
Jacob Haagsma, LC 20-08-2022 (oer Sondel en Sondelfal)

©Tresoar, 21-09-2022