Berne: 24-03-1916, Midslân
Ferstoarn: 30-04-1991, Formearum

Libben en wurk

Johannes Smit is berne op Skylge, wenne dêr tsien jier, doe sân jier yn Rotterdam en kaam op Skylge werom te wenjen, yn Midslân.

Folge yn Ljouwert de kweekskoalle, hie dêrnei ferskillende funksjes fan learling-ferpleger yn in psychiatryske ynrjochting, ûnderwizer, fersekeringswiskundige, sjoernalist (by de Ljouwerter redaksje fan Het Vrije Volk), direkteur fan de RONO, learaar op Skylge (û.o. oan de seefeartskoalle) oant Hoofd Afd. Gesproken Woord by de VARA-radio. Jo Smit hat troud west mei de skriuwster en foardrachtkeunstneresse Auck de Boer, dy't yn 1984 stoarn is. Sûnt syn pensjoenearring wennen hja wer op Skylge.

Yn 1963 krige Jo Smit de Gysbert Japicx-priis foar syn ferhalebondel Bisten en boargers; yn 1973 foar Terschellinger getij de kulturele priis fan de gemeente Skylge, de Lutinepriis. Fan de oprjochting yn 1969 oant 1971 hat Smit foarsitter west fan it Frysk Skriuwersboun.

Taal hat him fan jongs ôf oan yn 'e besnijing hân, sels seit er: "faaks komt dat, mei't ik oant myn sânde jier it Hollânsk fan Rotterdam praat haw en doe ynienen oerskeakelje moast op it Midslânzers, dat seis jier lang, njonken it skoalle-Hollânsk de taal west hat fan it deistich gebrûk en dat my noch leaver is, neier stiet, mear foar my betsjut as hokfoar oar taalmedium ek..." Fan it Frysk seit er:"It Frysk is o sa moai, net inkeld yn lûding, yn klank, mar ek yn syn gebrûksmooglikheden..." Op de fraach wêrom't er yn it Frysk skreau, andere Smit:"Om't ik myn puberteit en noch in tal oare jierren yn Fryslân trochbrocht ha en om't ik de Fryske minske fan aardich tichteby ken. Ik fiel my dêr wol solidêr mei. Boppedat hat de Fryske skriuwerij in - wat men heechhertich neame kin - provinsjale ynslach, dy't my tige leit."

Jo Smit syn debút as Frysk skriuwer wie de yn 1956 ferskynde novelle Sûnder sûker. It probleem fan de organisaasje, fan it liederskip en fan de minsklike frijheid stiet yn dit geastige boekje sintraal. Jo Smit syn eigensoartige humor, dy't yn Sûnder sûker al dúdlik spriek, komt ek yn Bisten en boargers sterk nei foarren. Foar Bisten en boargers krige Smit de Gysbert Japicxpriis.

Yn 2000 ferskynde De moderne roman als moraliteit, in samling essays (skreaun tusken 1959-1968) dêr’t Jo Smit yn besiket om de essinsje fan de moderne literatuer en it plak dêrfan yn ‘e mienskip op it spoar te kommen.

Boarnen foar dit artikel
1971: Tiny Mulder. Hwer hast it wei? s.113-139
1973: drs. T.J. Steenmeijer-Wielenga, Tekst en Utlis (1989, 2de pr.)
2000: Trinus Riemersma yn Wês foarsichtich, Watse! (út de rige Fryske Klassiken) in artikel oer skriuwer, boek en útjeften.

Wurk

Ferhalebondels
1959: Bisten en Boargers
1966: De Mimmetaal. Schylgelôner leisboek.
1991: De bêste Fryske ferhalen

Roman
1968: Wês foarsichtich, Watse (detektive, 2e pr. 2000)

Poëzy
1970: Stôk en ballen (eigen behear)

Ferskaat
1956: Federalistyske eachweiding (oer de West-Europeeske minderheden)
1956: Sûnder sûker (novelle)
1968: De Fryske literatuer 1945-1967
1972: Terschellinger getij
1973: Dit is ien seldzem almenak. It "Nieuw Leeuwarder Almanach" út it jier 1778
1979: It rydbewiis
1984: Terschellinger jaarboek 1984
1987: An'e reis (musical in het Meslânzers)
1983: Buuren (toanielstik yn it Meslânzers)
1989: Sundrum (toanielstik yn it Meslânzers)
2000: De moderne roman als moraliteit (essays, gearstald troch Jabik Veenbaas)

Toaniel
1966: Happening-De Vries. Yn: De Tsjerne XXI, s.1-62

Prizen
1957: Rely Jorritsmapriis (fers: Ein)
1958: Rely Jorritsmapriis (fers: Hjerst)
1963: Gysbert Japicxpriis foar Bisten en boargers

Mear ynformaasje
Opnames by Omrop Fryslân
Jo Smit by Operaesje Fers
Sjoch ek biografyske skets Auck Smit-de Boer
Digitale Bibliotheek van de Nederlandse Letteren (DBNL)

©Tresoar, 11-09-2019