Berne: 03-12-1969, Holwert

Libben en wurk

Albertina Soepboer groeide op yn Holwert, in doarp yn it noardeasten fan Fryslân. It keale lânskip tichtby it waad dêr’t se har jeugd trochbrocht, is in wichtich tema yn har poëzy en yn har proaza.

Har leafde foar lêzen en literatuer waard fersterke op it Oostergo-kolleezje yn Dokkum, dêr’t se har VWO-diploma helle. Yn Grins studearre se earst Spaansk en letter Frysk. Soepboer wennet no yn Harns. Se wurket as dosint Frysk en Spaansk op !Impulse Piter Jelles yn Ljouwert.

Dichter
Yn 1995 debutearre Albertine Soepboer mei de Frysktalige dichtbondel Gearslach, de measte fan de fersen út dy bondel wiene fan 1993 ôf  publisearre yn it literêr tydskrift Trotwaer.

Soepboer skriuwt ôfwikseljend yn it Nederlânsk en it Frysk, se sjocht harsels as twatalich skriuwster. Yn har dichtbondels is meartalichheid in wichtich tema. Se dichtet yn beide talen en wurket it tema ek konkreet út troch beide talen ta te passen yn ien en itselde gedicht. In oar weromkommend tema yn har wurk is har identiteit en dêrmei ferbûn it frou wêzen. Mar ek ynfloeden út de byldzjende keunst en de muzyk, foaral popmuzyk, binne yn har wurk werom te finen. Se skriuwt har fersen faak mei muzyk op de eftergrûn, it ritme en soms ek wurden út de teksten ferwurket se sa yn har fersen. Se skilderet sels ek en ferwurket dy bylden yn har gedichten.

Har fyfte Frysktalige bondel De fjoerbidders, ferskynde yn 2003. In bondel dêr’t Babs Gezelle Meerburg yn har besprek (Leeuwarder Courant, 31-10-2003) fan sei: ‘Yn dizze bondel kloppet alles: prachtige fersen, werklik skitterjend foarmjûn troch Gert Jan Slagter’. Abe de Vries (Farsk 2003), al like optein, skreau: ‘ ... hat se de ‘tichte’ foarm fûn dy’t har poëzij – alteast dizze poëzij - optilt nei in nivo dat earder Douwe Tamminga yn In memoriam en Eeltsje Hettinga yn ‘Lieten fan ferwinnen’ berikten.’ De fjoerbidders is de achtste bondel fan Albertine Soepboer, har Nederlânsktalige bondels en de oersettings meirekkene. Fjoerbidders wykt kwa ynhâld en taalgebrûk ôf fan har eardere bondels.Yn in fraachpetear mei Abe de Vries (Farsk, juny 2003) sei se dêroer: ‘Ik skriuw toanielteksten en ek hieltyd mear ferhalen. Dialogen, dêr bin ik ek in protte mei dwaande. It makket myn wurk iepener. Der komt mear romte yn. Foar fersen doch ik gjin muoite mear, tenminsten net mear op de manier lykas eartiids. As se no komme, komme se fansels. Sa’n hâlding hat ek konsekwinsjes foar de foarm’ /…/ ‘Ik brûk in oare styl. It barokke is der ôf, it is diskear útklaaide taal’. De fersen yn de bondel foarmje meielkoar in ferhaal sadat in min ofte mear natuerlike oergong ûntstiet nei proaza en toaniel, dêr’t se har mear op talizze wol.

Yn 1996, 1997 en 1998 wûn se in Rely Jorritsmapriis foar poëzy.

Toaniel
Njonken poëzy en proaza hâlde se har al langer dwaande mei toaniel. Se wurke fjouwer jier as skriuwer by berne- en jongereinteater De Citadel yn Grins. Op fersyk fan regisseur Rieks Swarte skreau se ôfwikseljend yn it Frysk en it Nederlânsk de tekst fan De Groote Storm / De Grutte Stoarm, in teatrale skeppingsmythe oer de iere skiednis fan ús lân. De try-out fan it stik wie op Skylge tidens Oerol 2005. Yn de hjerst fan dat jier gie it stik yn in ko-produksje fan Firma Rieks Swarte, Tryater en Oerol yn de rest fan it lân op toernee.

Foar sjongeres Nynke Laverman skreau Soepboer de teksten fan de teaterproduksje Maisfrou (2005). Letter skreau se ferskillende stikken foar bern en oer tema's as boarstkanker en de oanslaggen op 9/11.

Oare literêre aktiviteiten
Fan de Spaansk-Baskyske skriuwster Maite Gonzales Esnal sette se yn 1998 it berneboek Mari-Marietta oer. Sels lei se har ek mear en mear ta op it skriuwen fan proaza. In pear ferhalen fan har hân binne as bysûndere útjefte ferskynd.

Foar it Sint Anthonius Gasthuis yn Ljouwert hat se it ferhaal De komst fan Sint Anthonius skreaun, basearre op in âldfryske oarkonde út it argyf fan it gasthûs. En op fersyk fan útjouwerij Bornmeer skreau se it ferhaal Krystman, in modern krystferhaal. Beide útjeften binne net fia de boekhannel te krijen.

Albertine Soepboer is bûten Fryslân ien fan de bekendste Fryske dichters: se wurke yn 2003  mei oan ‘Poetry International’ yn Rotterdam, se droech har fersen foar yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. Fierders hat se optredens fersoarge op ferskate oare dichtersfestivals yn binne- en bûtelân, sa as ‘De Wintertuin’ yn Nijmegen ‘De Nachten’ yn Antwerpen, ‘Poesie International’ yn it Eastenrykse Dornbin en it ‘Struga Poetry Evenings’ yn Macedonië. Wurk fan har is oerset yn it Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Masedonysk, Shetlânsk en it Skotsk.

Albertine Soepboer hearde ta it ploechje skriuwers dat yn de twadde helte fan de jierren njoggentich en it begjin fan 2000 de stêd Grins op de ‘Frysk’ literêre kaart setten hat. De groep skriuwers, dêr’t fierders Tsead Bruinja, Abe de Vries, Meindert Talma en Nyk de Vries diel fan útmakken, foel op troch har eigentiidske en eigensinnige literêre wurk, faak yn kombinaasje mei muzyk, kwalitatyf fan heech nivo. Se hearden ta in jonge generaasje dichters en skriuwers, dy’t troch har wurk en wize fan wurkjen in ympuls joegen oan de Fryske literatuer. Sy wisten ek effektyf gebrûk te meitsjen fan it doe noch nije medium Ynternet. Yntusken wenje al dy skriuwers net mear yn Grins.

Fan 1994 oant 2000 makke Soepboer diel út fan de redaksje fan literêr tydskrift Trotwaer.

Wurk


Poëzy

1995: Gearslach
1997: De twirre yn ‘e tiid
1997: De hengstenvrouw
1998: It nachtlân / Het nachtland
2000: De stobbewylch
2001: De dieptering
2003: De fjoerbidders
2003: Het nachtland; De knotwilg
2005: Zone
2006: Kearsinne
2010: De trektocht
2014: Bezonken
2014: Herbarium
2019: Vertakkingen

Roman
2012: De seemearmin

Ferhalebondels
2008: Reistiid

Toaniel
1999: Fjoer yn 'e kop (ienakter foar jongerein)
2003: Vuur in de kop (oersetting troch Gooitsen en Heike van der Vliet)
2005: De Groote Storm - De Grutte Stoarm
2005: Woartels (toanielstik foar jongerein)
2005: Maisfrou (mei Nynke Laverman)
2007: Abiku (bernestik by Tryater)
2008: De witte slang (in foarstelling foar jonge bern by De Citadel)
2008: De skobbejak (in monolooch foar in jonge frou, rezjy: Tamara Schoppert)
2010: Oan de oare kant fan dit libben (foar toanielgroep Sater)
2012: Ik noem je sneeuw (muzykteater by stifting Theamus)
2012: Nukka wil naar huis (bernestik by De Citadel)

Essees oer Fryske dichters
2005: Oare reade slofkes. Ier wurk fan Tsjits Peanstra op 'e nij lêzen yn Us wurk. Tydskrift foar de Frisistyk, jiergong 54, nûmer 1-2
2008: Om it wurd - oer it oeuvre fan de dichteres Ella Wassenaer yn De Vrije Fries, nûmer 88
2009: Dêrfoar moat ik nei de bijen fan Emily Dickinson ta. Over Obe Postma en Emily Dickinson yn Emily Dickinson in leven en dood. Haar liefdes, haar werk en haar nawerking, ûnder redaksje fan Philippus Breuker en Jan Gulmans
2012: In ferkenning fan de anima-figuer yn it wurk fan Jan Wybenga yn Samle Wurk Jan Wybenga

Prizen
1996: Rely Jorritsmapriis (fers: Kâldfjoer)
1997: Rely Jorritsmapriis (fers: De skulp)
1998: Rely Jorritsmapriis (fers: Flearlân)

Nominaasjes
2017: Gysbert Japicxpriis foar Herbarium

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Hedwig Terpstra, Ensafh 21-01-2011 (fraachpetear oer De trektocht)
Abe de Vries, FD 09-08-2017 (skôging)
Digitale bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)

©Tresoar, 11-09-2019