Berne: 07-06-1936, Tsjerkwert

Libben en wurk

Hylke Speerstra is berne as boeresoan te Iemswâlde, in buorskip ûnder Tsjerkwert. Hy folge lânbou-ûnderwiis mar hy waard sjoernalist en gjin boer.

Troch selsstúdzje, mei de klam op talen, begûn er syn sjoernalistike karriêre by it Fries Landbouwblad. Letter wurke er by de Friese Koerier. Fan syn kollega-redakteuren Fedde Schurer, Laurens ten Cate en Rink van der Velde stiek er in soad op. Begjin jierren santich waard er redakteur, en inkelde jierren letter haadredakteur, fan it skipperswykblêd Schuttevaêr. Yn 1989 kaam er as haadredakteur by de Leeuwarder Courant. Dêr hat er wurke oant er mei de VUT gie yn 1996. Nei 35 jier as sjoernalist aktyf west te hawwen krige er doe tiid en gelegenheid om breder proazawurk op te pakken. Dat die er mei in protte sukses, sawol yn syn tema-kar, syn skriuwstyl foar in bfreed publyk as yn syn warberens by de marketing fan it eigen wurk.

Skriuwer fan 'nije sjoernalistyk'
Speerstra debutearre yn 1968 mei in bondel skippersferhalen Heil om seil. De bondel, dy’t yn 1970 ek yn in Nederlânsktalige oersetting ferskynde mei de titel Met de kloten voor het blok (letter: Kop in de wind), gie flot oer de toanbank. Mei dat boek sette Hylke Speerstra de toan foar in wize fan skriuwen dêr’t er letter yn útblinke soe: dy fan de sjoernalist dy’t ferhalen fol feiten literêr ferwurket en trochjout. Sels neamde er dy wize fan skriuwen yn in fraachpetear mei Anne Dykstra (Heerenveense Courant, 22-12-1999) ‘nije sjoernalistyk’. Syn grutte foarbylden dêryn binne de skriuwers Hemingway, Steinbeck, Capote en Mailer. ‘Sokken makken prachtige ynterviews. Se rapportearren net allinnich wat de lju seinen, mar se follen om sa mar te sizzen ek har gedachten yn. Yn ’e gewoane sjoernalistyk is soks fansels dwersferkeard. De ‘nije sjoernalistyk’ jout de mooglikheid om net allinnich de wurden te hearren en wer te jaan, mar ek de hertslach fan de minsken dy’t ynterviewd wurde’. Speerstra paste dy wize fan it werjaan fan de ferhalen dy’t minsken him fertelden yn ferskeidene boeken ta: hy hat fiskers, keatsers, reedriders, dokters, emigranten en Yndiëgongers ynterviewd en har ferhalen opskreaun. Nei Heil om seil (1968) ferskynden der geregeldwei bondels dêr’t er dat prosedee yn tapaste: yn 1978 kaam Neaken en bleat foar de dokter út, in jier letter folge troch Kening op sokken (1983) en Op redens oer (1984).

Yn Simmerlân (1996), tekene Speerstra syn eigen wjerfarren op fan in foettocht dy’t er, doe noch as haadredakteur fan de Leeuwarder Courant, twa simmers efterinoar troch Fryslân makke hie.

De beide romans dy’t Speerstra skreau oer it boerelibben begjin 19e ieu, Yn de boer syn tiid (1980) en De blikken brulloft (1981) waarden, yn fergeliking mei syn sjoernalistike ferhalebondels, minder goed ûnthelle. Yn syn tiid by it skippersblêd Schuttevaer skreau er ek ferskate Nederlânsktalige boeken oer see- en skipfeart.

Emigranteferhalen
Hie Speerstra mei syn eardere boeken al in protte sukses, ferneamd waard er mei de libbensferhalen fan Fryske emigranten, dy’t er yn har nij lân opsocht hie en bondele yn it mânske boek It Wrede Paradys. It boek waard yn augustus 1999 oanbean oan Fries om utens Wim Duisenberg yn Frankfurt en foarme de opmaat foar alle emigrante-aktiviteiten dy't yn it jier fan Simmer 2000 hâlden wurde soene. It wrede paradys waard ien fan de bêst ferkochte Fryske boeken oait. Der kamen oersettingen yn it Nederlânsk en yn it Ingelsk.

De emigranteferhalen lieten Speerstra yn it desennium 00 net los, en sa kaam er alve jier letter mei in twadde ferzje: It wrede paradys. It ferfolch, in útwreide útjefte mei twahûndert ekstra siden. Dêryn ek de ferhalen oer wat der fan syn ynterviewde minsken nei 2000 wurden wie, in oantal nije libbensskiednissen, en bydragen fan psycholooch-histoarikus Douwe Draaisma en theolooch J.D.Th. Wassenaar oer it ferskynsel emigraasje.

De oerpolder
Yn 2002 begûn Speerstra mei ûndersyk foar it folgjende grutte projekt dat him foar eagen stie, it skriuwen fan it libbensferhaal fan in plattelânsmienskip dy’t net mear bestiet. Speerstra fûn sa’n ferlerne mienskip yn It Heidenskip fan de njoggentjinde ieu. Hy hâlde petearen mei mear as twahûndert Heidenskipsters, âld-Heidenskipsters en oare belutsenen, lies âlde deiboek-notysjes, helle fergetten oantekeningen foar it ljocht, sneupte yn argiven fan ynstânsjes en famyljes, knope raffelige einen oanelkoar en folde feiten oan mei fiksje. It resultaat, it ek al tsjûke boek De Oerpolder, waard op 8 juny 2006 presintearre yn de tsjerke fan it Heidenskip. De lêzers ûntfongen ek dit boek fan Speerstra mei grut entûsjasme.

Alvestêdeboek en Kadoboek
Yn de oanrin nei de fiering fan it hûndertjierrich bestean fan de Alvstêdetocht yn jannewaris 2009 krige Speerstra de opdracht fan de Vereniging De Friesche Elf Steden om in ferhalebondel mei 11 alvestêdeferhalen te skriuwen, dat alle leden oantuge koene by de feestlike jubileumbetinking. Speerstra skreau it boek earst yn it Hollânsk en dêrnei yn it Frysk. Alle yngrediïnten fan in Speerstraferhaal sieten deryn: heroyk, tragyk en humor.

Yn 2011 skreau Speerstra yn opdracht fan Tresoar it kadoboek by de Moanne fan it Fryske boek, De treastfûgel. It gie hjir om de libbensferhalen fan minsken út twa Hichtumer famyljes, dy't elk har heil om utens sochten, de iene yn Amearika en de oare yn Dútslân. Oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch kamen de triedden fan beide famyljes op ûnwierskynlike wize by elkoar: soms oertreft de realiteit de fiksje.

It ûntstean fan De treastfûgel jout in moai ynsicht yn Speerstra syn wurkwize yn twa talen. By it oersetten fan it kadoboek yn it Nederlânsk bewurke er de tekst en wreide dy oanmerklik út, sadat der yn feite in nij Nederlânsktalich boek ûntstie. De tekst dêrfan sette er wer oer yn it Frysk, wat de twadde printing fan De treastfûgel waard. By de bewurking en útwreiding gie in stik soberheid fan beskriuwing ferlern.

Under de titel The Comfort Bird kaam De treastfûgel ein 2016 út by in Amerikaanske útjouwer.

Yndiëgongers
De emigranteferhalen út It wrede paradys giene oer minsken dy't yn de jierren nei 1945 emigrearren. Yn deselde tiid wiene der ek jonge manlju dy't as frijwilliger en letter as tsjinstplichtige nei Ynje giene om dêr mei te dwaan oan de 'polisjonele aksjes' tsjin de Yndonesiërs. Speerstra heinde de ferhalen op en sammele achttjin yn Op klompen troch de dessa. It boek ferskynde ein novimber 2014, yn maart 2015 folge troch de oersetting. Mei dit boek bewiisde Speerstra noch in kear syn talint yn it sjenre fan de ‘oral history’. Yn 2021 foarme it boek de ynspiraasje foar de tastânkomming fan it ferhaal yn teaterfoarm.

List fan belangrykste wurk

Romans

1980: Yn de boer syn tiid
1981: De blikken bruiloft
2013: De treastfûgel (2de útwreide edysje)
2021: Testamint fan de siel

Ferhalen
1968: Heil om seil - skippersferhalen (3e pr. 1973, 5e pr. 1979, 7e oanfoll. pr. 2002)
1978: Neaken en bleat foar de dokter (2e pr. 1979; 3e [omstavere] pr. 2006)
1983: Kening op sokken
1984: Op redens oer (2e pr. 2008)
1987: De bêste Fryske ferhalen
1998: De koude erfenis (6de pr. 2002)
2006: De oerpolder
2009: De kâlde krústocht
2009: Liefde op de smalle ijzers (werútjefte fan De koude erfenis mei fjouwer nije ferhalen)

Novelle
2011: De treastfûgel, kadoboek Moanne fan it Fryske Boek 2011

Non-fiksje
1980: Wie zee houdt wint de prijs - 150 jaar Koninklijke Zeemanscollege 'De Groninger eendracht'
1996: Simmerlân
1999: It wrede paradys
2010: It wrede paradys: It ferfolch
2014: Op klompen troch de dessa

Oersettingen
1970: Met de kloten voor het blok : schippersverhalen (letter: Kop in de wind)
1982: Bloot voor de dokter (Neaken en bleat foar de dokter)
1992: Helden van de armoe: schaatsverhalen (Op redens oer; 2e pr. IJsliefde: schaatsverhalen, 2008)
2000: Het wrede paradijs : het levensverhaal van de emigrant (It wrede paradys)
2001: De kâlde erfenis: in winterreis troch Fryslân (oers. fan De koude erfenis : verhalen van het ijs)
2005: Cruel paradise : life stories of Dutch emigrants (It wrede paradys)
2007: De oerpolder: het boerenleven achter de dijken (De oerpolder)
2008: IJsliefde. Schaatsverhalen. (Twadde oersetting fan Op redens oer)
2009: De kâlde krústocht
2013: De troostvogel. Oersetting en útwreiding fan De treastfûgel 2011.
2015: Op klompen door de dessa
2021: De stem van het water (omnibus)
2023: Het testament van de ziel

Nominaasjes
2015: Longlist Gysbert Japicxpriis, Op klompen troch de dessa

Mear ynformaasje
Webside fan de skriuwer
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Brosjuere 10 books from Friesland 2016
Sietse de Vries, LC 28-09-2016 (oer publikaasje The Comfort Bird)
Jan Ybema oer Op klompen troch de dessa yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer.
Bert de Jong, De Moanne 10-03-2021 (oer Testamint fan de siel)
Abe de Vries, FD 05-03-2021 (oer Testamint fan de siel)
Leeuwarder Courant, 09-06-2021 (Op klompen troch de dessa yn teaterfoarm)
Omrop Fryslân, 09-06-2021 (Op klompen troch de dessa yn teaterfoarm)
Elisabeth Post, LC 03-02-2022 (oer De stem van het water)
Boekenkrant, 23-02-2023 (fraachpetear oer Testament van de ziel)

©Tresoar, 22-02-2023