Berne: 04-04-1962, Hijum

Libben en wurk

Hijum, in doarpke yn it noardwesten fan Fryslân, is it plak dêr’t Janneke Spoelstra opgroeide. Se wenne mei har heit en mem, broer en suster op in boerespultsje.

Heit wie gernier, hy hold in stik of tsien kij en ferboude weet, ierappels en blombollen. Yn de tiid dat Janneke grut waard, midden jierren sechtich en santich, wiene der noch in soad sokke gernieren, lytse boeren yn Hijum en omkriten. Se wennet sûnt 2004 mei har freondinne op in stjelpke yn Alde Leie.

Spoelstra folge in oplieding ta medysk analiste. Se hie ek wol wat mei taal dwaan wollen, mar omdat in tale-stúdzje meastal betsjut dat je it ûnderwiis yngeane, besleat se om dêr net foar te kiezen.
Skriuwe hat se fan jongs ôf oan dien, as fanke skreau se yn it kuorbalkrantsje, de Goocheme Goaijer en stjoerde se, sûnder sukses oars, gedichten nei de Lyrische Courant, dy’t fan 1973 oant 1985 as bylage by de Leeuwarder Courant ferskynde.

Uteinliks begûn se, neidat se kursussen Frysk by de Afûk folge hie, oan de hbû-oplieding Frysk oan de  Noordelijke Hogeschool Leeuwarden (NHL). Yn 2001 krige se in dieltiidbaan by de Fryske Akademy as korrektor fan it Wurdboek fan de Fryske taal (WFT). Foar harsels begûn se mei in fertaalburo. Yn de tuskentiid publisearre se fersen yn wykblêd Frysk & Frij en op de Fryske Skriuwerskalinder.

Yn 2000 kaam fan har in oersetting yn it Frysk út fan de roman Pan fan de Noarske skriuwer Knut Hamsun. Se debutearre yn boekfoarm mei de útjefte fan de dichtbondel Goeie is it wachtwurd (2004). De gedichten fan Janneke Spoelstra ûnderskiede har troch har ienfâld en direkte formulearringen. Se skilderet mei sa min mooglik wurden bylden út it no en en út har ferline. It fers ‘Fytse’, dat opnaam is yn de bondel, kin beskôge wurde as ien fan de earste fersen yn har oeuvre dêr’t se yngiet op homoseksualiteit.

Folle yngeander beskriuwt se har lesbysk wêzen yn de ferhalebondel In Jikse-libben, dy’t yn 2008 ferskynde. Spoelstra is dêrmei de earste skriuwster yn de Fryske literatuer dy’t de leafde tusken froulju ta ûnderwerp fan har ferhalen makket. Yn In Jikse-libben fertelt se yn trije soarten ferhalen de wrakseling fan in opgroeiend famke ta jonge frou, en har ûntweitsjende seksualiteit. En dermei fan de ôfstân dy’t se stadichoan fernimt tusken harsels en har freondinnen en freonen út it doarp. Spoelstra woe yn har ferhalen ticht by harsels bliuwe, feit en fiksje rinne trochinoar. Yn ôfwikseljende sênes fan it famke, de puber en fan de folwoeksen frou, beskriuwt se hoe’t Jiks der linkendewei efterkomt dat se net oan it alâlde byld fan ferkearing, trouwe en bern krije foldwaan kin. Dêr tusken troch steane ferhalen fan froulju út it ferline dy’t mei deselde fragen en problemen omgean moasten.

Janneke Spoelstra is sûnt 2002 redaktrise fan literêr tydskrift Hjir. Mei yngong fan 2009 makket se diel út fan de redaksje it nije yntermediale blêd Ensafh, dat ûntstien is út de fúzje fan it (papieren) tydskrift Hjir en literêr ynternettydskrift Farsk.

Yn 2016 lies Janneke Spoelstra, yn it ramt fan it projekt Poetic Potatoes, har ierappelgedichten foar op Malta en yn 2017 trede se yn Dublin op yn it ramt fan International Women’s Day. It gedicht Altyd alve waard útkeazen om yn septimber 2018 yn Brussel, as ûnderdiel fan it Transpoesie Festival, foar it fuotljocht brocht te wurden.

Trije jier letter publisearre Janneke Spoelstra sawol in gedichtebondel (Wij yn ’e draaimûne) as in roman (De parallaks). Yn sawol boek as bondel spilet de dea in wichtige rol. Janneke Spoelstra sei hjiroer yn in fraachpetear [1] mei Sietse de Vries: '
As men yn ’e fyftich is, begjinne de minsken boppe jin om te fallen. De akseptaasje dêrfan hâldt my dwaande, de wjerslach fynst yn myn boeken. Soms falt der amper tsjin te skriuwen. Troch it dochs te dwaan, hâld ik de minsken by my. Ik skriuw in bytsje tsjin it ferlies yn'.

Abe de Vries [2] sinjalearre yn Wij yn 'e draaimûne dy aksintferskowing nei fersen oer de dea ek. Somtiden miste er 'de bysûndere waarnimming', lykas yn de syklus oer it ferdwinen fan Ljouwerteradiel mei 'in oerfloed fan konkrete beskriuwingen', mar ek lies er fersen dy't de lêzer oan it tinken sette kinne, mei as foarbyld it gedicht Ta it ierappelsetten.

De roman De parallaks waard posityf besprutsen, sawol kwa tematyk as styl, en altyd mei in skerp each foar it detail. Doeke Sijens [3] oer dat lêste: 'Spoelstra brûkt al dy lytsje dinkjes betúft om it ferlet sjen te litten fan de trije froulju oan gewoane, deistige saken dy't meitsje dat har libben net útsûnderlik is en dat se der yn elk gefal by hearre, al falt soks net altyd ta.'

Yn septimber 2020 sette Janneke Spoelstra útein as columnist foar it Friesch Dagblad.

Yn 2021 die Spoelstra mei oan it projekt 'IIsbaan yn 'e maaitiid', in digitale presintaasje fan in tal iisbanen bûten de wintermoannen om. Underdiel hjirfan wie in tal gedichten dat op fideo ferskynde, wêrûnder 'Gean de striid oan al is it miskien ek mei it ferkearde wapen' [4] fan Janneke Spoelstra.

Ein 2022 sette Spoelstra útein mei in rige fraachpetearen mei dichteressen dy’t nei 1987 ien of mear dichtbondels yn it Frysk publisearre hawwe. De link nei de lêzing hjiroer is te finen ûnder it kopke 'Mear ynformaasje'.

Boarnen foar dit artikel
[1] Sietse de Vries, LC 19-04-2019 (fraachpetear)
[2] Abe de Vries, FD 18-05-2019
[3] Doeke Sijens, LC 31-05-2019
[4] YouTube, 12-05-2021

Wurk

Poëzy
2004: Goeie is it wachtwurd
2011: Langst fan 'e dagen
2019: Wij yn ’e draaimûne

Proaza
2008: In Jikse-libben (ferhalen)
2019: De parallaks

Oersettingen
2000: Pan  (Pan – Knut Hamsun)
2022: De parallax (eigen oersetting)

Ferskaat
2018: Poetich potatoes (mei oaren)
2018: It leafst bin ik in fûgel (mei oaren)

Prizen
2015: Rely Jorritsmapriis (gedicht: In wykein as dit)
2016: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Wat resistint is)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Hedwig Terpstra, fraachpetear oer Langst fan 'e dagen op Ensafh., 11-11-2011
Geart Tigchelaar, Ensafh 13-05-2019 (fideobesprek Wij yn'e draaimûne)
Elmar Kuiper, LC 11-10-2019 (besprek Wij yn 'e draaimûne)
Arjan Hut, FD 02-08-2019 (út de searje Poëzij Priuwe)
Eigen webside
fan Janneke Spoelstra
Oene Spoelstra, Ensafh jiergong 11, nûmer 6 (besprekken Wij yn 'e draaimûne en Parallaks)
Janneke Spoelstra, Ensafh 20-11-2022 (Lêzing - 'Wêr bliuwe de froulju?')

©Tresoar, 23-11-2022

(foto auteur: Tresoar Haye Bijlstra)