Berne: 28-06-1783, Boalsert
Ferstoarn: 07-03-1836, Wûns
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Jan Cornelis Pieter Salverda wie it fyfde bern fan Pier Salverda en Tietje Jacobs Driesen. Knjilles, sa’t er neamd waard, wie nei fjouwer dochters de earste soan.
As jonge fan trettjin kaam er by in wolkjimmer yn ’e lear. Hy soe lykwols gjin wolkjimmer wurde, mar skoalmaster. Yn 1798 waard er ynskreaun oan de doe krekt oprjochte oplieding foar skoalmasters, dêr’t er yn 1803 ôfstudearre. Al gau krige er in tydlike beneaming as ûndermaster yn Boalsert, in jier letter stie er yn Tsjerkwert oan skoalle. It wie yn dy tiid dreech om in plak as ûnderwizer te besetten, Salverda hie de earste jierren dan ek allinnich tydlike baantsjes. Krekt yn 1807 krige er in fêste oanstelling yn Wûns, oan dy skoalle soe er de rest fan syn libben ferbûn bliuwe.
Salverda troude yn 1806 mei Antsje Durks Baarda fan Warkum, in nicht fan master Piekema, destiids haad fan de Tsjerkwerter skoalle. Njoggen jier letter ferstoar Antsje, se hie doe sân bern krigen dêr’t by har ferstjerren noch mar twa fan yn libben wiene. It hie doe al bliken dien dat Salverda net mei jild omgean koe en dat de húshâlding yn behoeftige omstannichheden ferkearde. Joast Halbertsma, dêr’t Salverda kunde oan hie, skreau nei oanlieding fan it ferstjerren fan Antsje: ‘Zijn vrouw lag met blauwe plekken in het graf. Der wiene dingen west dy net goed wiene’.
Salverda fûn al gau wer in frou, gjin jier letter troude er mei de tolve jier jongere Mettje Willems Werel. Mei Mettje krige Salverda tolve bern, sân derfan ferstoaren jong. De húshâlding fan master Salverda moast yn de meast earmoedige omstannichheden troch de tiid. Mettje wie in sloofke dat de húshâlding by lange net oankoe, Salverda bekroade him der like min om.
As dichter wie J.C.P. Salverda in letbloeier. Der is fan him bekend dat er op jonge leeftyd Hollânsktalige ferskes skreau, mar wurk fan betsjutting datearret út de lêste tweintich jier fan syn libben. Mei dichtsjen yn it Frysk begûn er om 1820 hinne. Hy kaam foar it earst mei Frysk wurk nei bûten doe’t er yn 1822 op in feest fan de Fryske beweging te Ljouwert in Frysk gedicht fan syn hân foar it fuotljocht brocht. Salverda krige kontakt mei leden fan it Friesch Genootschap voor Geschiedenis, Oudheid- en Taalkunde, nei alle gedachten is er dêr ek yn ’e kunde kaam mei dr. Joast Halbertsma, taalkundige, dy’t doe yn Dimter wenne. Halbertsma seach de wearde fan it wurk fan Salverda en stipe en bemoedige him dêryn. It leit yn ’e reden dat syn Frjentsjerter learmaster prof. Everwinus Wassenbergh (1742-1826) him yn ’e kunde brocht hat mei de Fryske dichtkeunst. Wassenbergh wie in bewûnderer fan de Fryske renessânse dichter Gysbert Japicx (1603-1666). De ynfloed fan Gysbert Japicx op it wurk fan Salverda is benammen te sjen oan wurdgebrûk en stavering. Yn syn ynlieding op it samle wurk fan Salverda skriuwt J.C. Knol: ‘Ien kear giet Salverda sa fier, dat er dichtsjend in strofe fan Gysbert Japicx yn syn hiele hear en fear yn eigen wurk ynfoeget. Hy skrast dy letter wol wer, mar ien en oar lit dochs wol sjen, dat Gysbert him goed yn ’e holle siet as er de rympinne hantearre’ (It samle dichtwurk fan J.C.P. Salverda, ynlieding, side 13).
It totale oeuvre fan Salverda is net grut, yn it foarste plak rekke der yn syn húshâlding en troch eigen rûgens in soad fuort. Twad wie er tige kritysk op syn wurk, hy skraste en feroare faak of begûn hielendal op ’e nij. Sadwaande is wat der úteinliks oerbleau, beheind. Tusken 1824 en 1836 is wurk fan him publisearre yn ferskate útjeften fan it Friesch/Vriesch Almanak.
Fan J.C.P. Salverda binne twa bondels ferskynd: IJtlijcke Friesche Rijmckes (1824) en Hiljuwns Uwren (1834). Salverda makke faak gebrûk fan alliteraasje en binnenrym, leafhawwers fan syn wurk wize op de klankrykdom en it sjongsume fan syn fersen. Oangripend is it fers ‘Op it aefstearren fen uwz twae berntsjes’, dat er makke neidat syn twillingsoantsjes Piter en Willem, alve moanne âld, op deselde dei kamen te ferstjerren.
Salverda hat njonken eigen wurk ek in tal tal oersettings yn it ljocht jûn. Njonken in rige psalmoersettings hat er wurk oerset of ferfryske fan ûnder oaren E.C. von Kleist, De Florian, Willem van Haren en fan H. Tollens.
Yn syn wurk is de dea in faak weromkommend motyf, ek syn eigen behyplike omstannichheden en ûnderfinings beskreau er inkelde kearen. Salverda ferstoar te Wûns op 7 maart 1836 yn de slimste earmoede. De Fryske Akademy te Ljouwert fersoarge yn 1977 de útjefte fan It samle dichtwurk fan J.C.P. Salverda, oanfolle mei inkelde brieven fan himsels en ien fan syn soan Pieke.
Wurk
1824: Ijtlijcke Friesche Rijmckes fen J.C.P. Salverda, Schoal-master to Wons
1834: Hiljuwns uwren fen J.C.P. Salverda, Sciioallemaester to Wons
1977: It samle dichtwurk fan J.C.P. Salverda
Mear ynformaasje
Biografisch Portaal
Wikipedia
©Tresoar, 21-08-2019