Berne: 31-07-1979, Ljouwert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Grytsje Schaaf is berne yn Ljouwert. Sy hat de HBÛ-oplieding Boukunde oan de NHL yn Ljouwert folge en dêrnei arsjitektuer studearre oan de TU yn Delft.
Grytsje Schaaf is wurksum as arsjitekt en as dosint boukunde oan de NHL yn Ljouwert.
Skriuwerij
Grytsje Schaaf publisearre har gedichten yn Doar en Farsk en de Moanne.
Yn 2008 kaam har earste gedichtebondel Sûnder sweltsjes út, dêr’t Harmen Wind oer skreau: ‘...troch wurdkombinaasjes komme ta ferraskjende nijfoarmingen – dat kinne allinne taalgefoeligen; it kombinearjen fan tiidwurden, adjektiven en subjektiven ta benearjende, sfearfolle en fantastyske bylden – dat kinne inkeld dichters … Mar in gedicht skriuwe as dêr’t ik no foar stean, ‘Beeling’ – dat kin mar ien: Grytsje Schaaf.’ Ek Jelle van der Meulen [2] wie posityf: 'Friesland heeft er alwéér een auteur bij die poëzieliefhebbers weet uit te dagen en te boeien'.
Se levert regelmjittich collumns foar de Moanne. Fierders binne gedichten fan har opnommen yn De Spiegel van de Friese poëzie, edysje 2008, en yn Het goud op de weg, de Friese poëzie sinds 1880. Yn it jier fan de Kulturele Haadstêd [3] wie se ferantwurdlik foar ien fan de poëzymasines dy't yn Tresoar opsteld stie.
Boarnen foar dit artikel
[1] Harmen Wind, LC 22-02-2008
[2] Jelle van der Meulen, Friese-Literatuursite
[3] YouTube, 16-07-2018
Bibilografy
2008: Sûnder sweltsjes
2018: Poetic Potatoes (mei oaren)
Mear ynformaasje
Wikipedia
©Tresoar, 21-08-2019