Berne: 02-11-1968, Surhústerfean

Libben en wurk

Meindert Talma is berne yn Surhústerfean. Hy groeide dêr op yn in grifformeard miljeu. Yn Surhústerfean wie dat gewoan, sei er letter ris yn in ynterview. Dat er tige muzikaal wie, die al gau bliken.

As jonge krige er oargelles fan de pleatselike oargelist fan de tsjerke yn syn berteplak. Op syn 17e begûn er mei it skriuwen fan lietteksten dêr’t er sels muzyk by makke. Hy rjochte mei in pear freonen in bandsje op, mar dy fûnen syn teksten en komposysjes sa frjemd dat se der neat fan snapten en net fierder mei him woene. Neidat er yn 1989 slagge wie foar syn ateneum-diploma, ferhuze er nei Grins. Hy sette dêr útein mei de stúdzje rjochten. In jier letter skeakele er oer op skiednis, dêr’t er yn 1994 yn ôfstudearre.

Skriuwer
Nei syn studintetiid begûn er wer mei it skriuwen fan lietteksten en it meitsjen fan muzyk. Hy skreau koarte ferhalen dy’t er tidens nachtlike útstjoerings fan de piratestjoerder Nightrider foarlies. Dat die er in skoftlang alle wiken. Ut dy teksten ûntstie de ferhalebondel Dammen met ome Hajo, syn debút yn boekfoarm. Tagelyk mei de ferhalebondel kaam ek in cd mei deselde titel as it boek út. Dammen met ome Hajo hat in heech autobiografysk karakter. Op in droech-humoristyske wize fertelt er oer syn grifformearde jeugd yn Surhústerfean. Mar hy set him net, lykas guon Nederlânske skriuwers, ôf tsjin syn jeugd. Mei in skerp each foar detail beskriuwt er de eigenaardichheden fan al de hiele en heale dûmnys út doarp en famylje. Alhoewol’t it boek him foar fierwei it grutste part yn Fryslân ôfspilet, is it net yn it Frysk mar yn it Nederlânsk skreaun. Talma hat dat dien omdat er in grut publyk oansprekke woe. De dialogen binne wol yn it Frysk, mei opsetsin, omdat dat de taal is fan de persoanen út syn boek.

Meindert Talma hearde ta it ploechje skriuwers dat, yn de twadde helte fan de jierren njoggentich en it begjin fan de ienentweintichste ieu, de stêd Grins op de ‘Frysk’ literêre kaart setten hat. De skriuwers, dêr’t fierders Nyk de Vries, Albertina Soepboer, Tsead Bruinja, Jaap Krol en Abe de Vries diel fan útmakken, foel op troch har eigentiidske en eigensinnige literêre wurk, faak yn kombinaasje mei muzyk, kwalitatyf fan heech nivo. Se hearden ta in jonge generaasje dichters en skriuwers, dy’t troch har wurk en wize fan wurkjen in ympuls joegen oan de Fryske literatuer. Sy wisten ek effektyf gebrûk te meitsjen fan it doe noch nije medium Ynternet.

Tegearre mei syn freon en meistudint Nyk de Vries rjochte Meindert Talma yn jannewaris 1996 it  tydskrift De Blauwe Fedde op. It tydskrift ferskynde om de twa moannen. Letter waard dat twa kear yn ’t jier. It earste nûmer foel benammen op troch it minne Frysk en de  wiidweidige ferhalen en ynterviews. Mar nei dy earste ‘fingeroefeningen’ waard de kwaliteit fan it blêd better. De beide skriuwers wiene, troch te publisearjen yn De Blauwe Fedde, net ôfhinklik fan oare literêre blêden.

Yn 2001 ferskynde De Blauwe Fedde yn petear, in samling ynterviews út it tydskrift yn boekfoarm. Yn maart 2003 joech er wer in bondel mei cd, ûnder de titel, Kriebelvisje, út. It literêre en it muzikale wurk fan Meindert Talma kin net los fan elkoar sjoen wurde, benammen by Kriebelvisje binne boek en cd in sterke ienheid, de nûmers op de cd en de haadstikken yn it boek binne tematysk oan elkoar ferbûn.

Sûnt healwei de jierren njoggentich spilet Meindert Talma yn de, troch him oprjochte, groep Meindert Talma & the Negroes. Fan it begjin ôf is kollega skriuwer/muzikantNyk de Vries aktyf as gitarist by de band. Yn 2004 wûnen se mei it nûmer Dûnsje wyldekat dûnsje it Fryske sjongfestival Liet. The Negroes falle op troch de eigensinnige teksten fan Talma en it bysûndere lûd, de cd’s dy’t oant no ta útbrocht binne, krije ek yn de rest fan Nederlân positive kritiken. Tidens en fuort nei syn stúdzje tocht Talma der oer om sjoernalist te wurden, mar no hat er him alhiel op it meitsjen fan muzyk en it skriuwen fan teksten talein.

Nei 2001 skreau er de wyklikse kollum Talma Tikt yn de sneonsbylage fan de Leeuwarder Courant. Dy kollums hiene deselde tragy-komyske styl dy’t him it meast eigen is en him neffens eigen sizzen ek it meast oansprekt. Sa no en dan pleatse De Volkskrant en de VPRO-gids kollums fan syn hân. Yn'e simmer fan 2020 ûntstie der wat opskuor doe't syn oanfraach foar subsydzje by it Fonds Podiumkunsten (sjoch link ûnder oan dizze side) ôfwiisd waard.

Yn 2022 waard syn 25-jierrich jubileum wakker fierd, û.o. mei optredens in plaat dêr't oare artysten syn wurk in eigen ynterpretaasje joegen en in spesjale útfiering fan de Domela Passy, dat yn gearwurking mei Freek de Jonge.

List fan belangrykste wurk

Ferhalebondels
1999:  Dammen met ome Hajo (mei byhearrende cd mei lieten út it boek)
2003:  Kriebelvisje (mei byhearrende cd)

Proaza
2013: Kelderkoorts (roman+album-cd)
2016: De Grote Dikke Hobbyrock Encyclopedie (diel 1, mei bydragen fan Meindert Talma)
2017: Je denkt dat het komt (mei cd)

Oersettingen
2022: Damje mei ome Hajo

Poëzy
2011: Laat het orgel jammeren

Teater
2019: De Domela Passy (cd en teaterfoarstelling)

CD's
(sjoch webside Meindert Talma)

Ferskaat
2000: Paradijs bij het dashboardlicht (ferhalebondel mei bydrage Meindert Talma)
2001: Listen fan goaden en bisten (mei bydrage Meindert Talma)
2001: De Blauwe Fedde yn petear (mei Nyk de Vries)
2002: Dit alles in Groningen - DAGboek 2002 (ferhalebondel mei bydragen fan û.o. Meindert Talma)
2003: 84 biografen schrijven biografie van de vaarweg Lemmer-Delfzijl (mei oaren)
2004: Poëtisch Academisch Groningen (mei gedicht Meindert Talma)

Nominaasjes
2017: Bernlefprijs foar Fryske pop
2018: Halewijnprijs foar Je denkt dat het komt

Mear ynformaasje
Eigen webside Meindert Talma
Wikipedia
Vincent Meininger, FD 15-11-2019 (oer De Domela Passy)
Jan Pier Brands, FD 22-11-2019 (oer De Domela Passy)
Fokke Wester, De Feanster 15-04-2020 (oer corona, muzyk en syn nije roman)
Jacob Haagsma, LC 05-08-2020 (oer ôfwizing subsydzje)
Jacob Haagsma, LC 21-05-2021 (oer de fuotbal-cd Minna)
Gijs Groenteman, 28-07-2021 (podcast)
Abel de Kam, LC 31-01-2022 (Fraachpetear oer 25-jierrich jubileum as artyst)
Arjan Hut, FD 12-04-2022 (oer earbetoan t.g.f. 25-jierrich jubileum)
Omrop Fryslân, 21-07-2022 (oer tarieding Domela Passy, mei Freek de Jonge)
Jacob Haagsma, LC 19-07-2022 (oer útfiering Domela Passy, mei Freek de Jonge)
Wiggele Wouda, FD 25-07-2022 (besprek Domela Passy, mei Freek de Jonge)

©Tresoar, 31-08-2022