Berne: 24-08-1916, Seisbierrum
Ferstoarn: 29-11-2006, Menaam

Libben en wurk

Reimer Willem van Tuinen ferstoar yn de âldens fan 90 jier op 29 novimber 2006 yn syn wenplak Menaam. Van Tuinen wie túnker fan berop.

Hy heart by de generaasje auteurs dy’t koart nei de oarloch mei publisearjen begûn en foar wa’t de oarloch in wichtich tema yn har wurk foarmet. Van Tuinen debutearre yn 1946 ûnder de skûlnamme ‘Häftling nû.10039’ mei Efter it tried. Kampsketsen út Amersfoort. De sketsen hiene earder yn De stim fan Fryslân stien. Yn 1949 folge de novelle Forgetten post oer in fersetsman yn in groepke saboteurs, ûntdien fan alle nammen, sober en relativearjend, sûnder in spoar fan heldhaftigens – yn dy tiid in unikum wannear’t der oer it ferset skreaun waard. Syn poëzij publisearre er ûnder namme fan Willem de Jong yn de earste jierren nei de oarloch yn De Tsjerne. De fersen waarden bondele as Read en grien en ferskynden yn 1951 yn de Reiddomp-rige. Se wiene mankelyk en relativearjend fan toan, de styl betreklik modern foar de tiid.

Dêrnei folge in tiidrek fan mindere produktiviteit. Yn 1970 wûn er mei it ferhaal Skrael earesalút de provinsjale priisfraach foar proaza en poëzij oer de oarloch. As redakteur fan De Strikel yn de jierren 1970-1985 hie Van Tuinen in twadde tiidrek fan literêre warberens. Hy skreau in grut tal koarte stikken oer allerhanne ûnderwerpen, stilistysk geef, en ek hjir wer mei in kombinaasje fan irony en persoanlike betrutsenens. In samling dêrút ferskynde yn 1979 ûnder de titel It lân is uzes meielkoar (as lêste útjefte fan de Fryske Bibleteek) en by syn 90ste jierdei yn augustus fan dit jier yn de lytse samling Myn moaiste fersetsje – de oantsjutting dy’t Van Tuinen brûkte foar syn wurk foar De Strikel.

Yn 2021 ferskynde der in werútjefte fan Efter it tried, mei in ynlieding fan Elske Schotanus.

WURK

Ferhalebondel
1946: Efter it tried - Kampsketsen út Amersfoort (werútjefte - 2021)

Novelle
1949: Forgetten post

Poëzy
1951: Read en grien

Prizen
1970: Provinsjale priis foar ferhalen oer de oarloch (foar Skrael earesalút)

Mear ynformaasje
Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)
Wikipedy

©Tresoar, 02-10-2019