Berne: 04-03-1951, Goutum
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Doete Venema is, as âldste fan in twilling, berne op in pleats yn Goutum. Dêr hat se ek har jeugd trochbrocht. Se folge oan de kweekskoalle yn Ljouwert de oplieding foar ûnderwizeres, neidat se slagge wie krige se in beneaming oan in basisskoalle yn St. Japik.
Doe’t se in goed jier letter troude naam se ûntslach en ferhuze se mei har man nei Hijum. Sûnt 1997 wenje se yn Oentsjerk. Yn de jierren santich sette se útein mei de stúdzje MU Frysk. Venema wurket yn dieltiid op de Fryske Akademy, dêr’t se in stipefunksje hat op de wurdboekôfdieling.
Krekt as har twillingsuster (Saakje Huisman,1951-2001) begûn Doete Venema al jong mei skriuwen. Om út te finen oft se yndied skriuwe koe, stjoerde se twaris in ferhaal yn foar de Rely Jorritsma-priisfraach; beide kearen wûn se der in priis mei. Dat wie foar har in stimulâns om troch te gean. Se debutearre yn 1983 mei it ferhaal ‘De kreaker’ yn moanneblêd De Strikel. De jierren dêrnei publisearre se geregeld ferhalen yn De Strikel en Trotwaer. Ek yn twa bondels mei ferhalen foar de jongerein, Hjirre (1984) en Skroei (1987) waard in ferhaal fan Doete Venema opnaam.
Yn 1993 debutearre se yn boekfoarm mei de roman In gat yn de tiid. It boek waard troch de ferskillende resinten goed ûntfongen. Sintrale tema yn de roman is de machtsferhâlding tusken minsken, yn dit gefal dy tusken twa broers. Alhoewol’t de roman goed ûntfongen waard, wie dat foar har net in reden om fuort wer in boek te skriuwen. It duorre oant 1997 foar’t har twadde boek, De rook fan Lizette, útkaam. It ferhaal beskriuwt wat der bart yn it doarp Poelsum as de feministe Lizette dêr komt te wenjen. As Lizette in pear jier letter fan de iene op de oare dei ek wer ferdwynt, binne de ferhâldings yn it doarp bot feroare. Sels neamde Venema De rook fan Lizette in ûntjouwingsroman: ‘It giet oer de problematyk fan it yndividuele ûnôfhinklik wurden. Twa froulju binne de haadfigueren. /.../ Ien fan de haadpersoanen feroaret yn de rin fan it ferhaal nochal wat. It giet yn it boek om de inkeling, dy’t foar in groep oer stiet’ (Jan Jongsma, Actief-Extra, 21-11-1997).
Tsien jier letter, febrewaris 2007, ferskynde har tredde roman It lân fan Vera. Vera is in suksesfol keramiste, dy’t as se yn Bretanje is, in ein oan har libben makket. Twa jier letter giet har man Yme nei Bretanje om te sykjen nei spoaren yn it libben fan syn frou dy’t him helpe kinne om efter it werom fan har sels keazen dea te kommen. Dan blykt dat de riedsels folle grutter binne as er ea tocht hie.
Wurk
Romans
1993: In gat yn de tiid
1997: De rook fan Lizette
2007: It lân fan Vera
Ferhalebondels
1984: ferhaal yn Hjirre (sammelbondel)
1987: ferhaal yn Skroei (sammelbondel)
Prizen
1981: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Tegearre foar de lêste bus)
1982: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: It motfiskje)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
©Tresoar, 09-10-2019