Berne: 13-03-1939, JORWERT

Libben en wurk

Jan de Vries is berne yn in boerehúshâlding te Jorwert. Hy socht syn takomst ek yn de lânbou. Nei de legere lânbouskoalle te Reduzum en de middelbere yn Ljouwert folge te hawwen, gyng er oan ’e slach yn it boerebedriuw fan syn heit.

Troch dêrnei noch lange jierren njonken syn wurk kursussen op it mêd fan taal, ekonomy en managment te folgjen hat er syn oplieding fierder ôfmakke. Thús waard in soad lêzen en foarlêzen, dêr lei de kym foar de lettere ynteresse fan Jan de Vries yn literatuer en alles wat mei skriuwen te meitsjen hat. Yn 1962 debutearre er mei inkelde fersen yn Bolwerk, it orgaan fan it ynstitút foar Lânboukoöperaasje yn Fryslân.
Hy krige de kâns om fan skriuwen syn berop te meitsjen doe’t Hylke Speerstra him frege om syn plak yn te nimmen yn de redaksje fan it Frysk Lânboublêd. Fjouwer jier letter waard De Vries meiwurker public relations by de CAF, dy funksje ferruile er nei in pear jier foar dy fan ekonomysk-sosjaal foarljochter by de Friese Maatschappij van Landbouw. Neidat er noch wer in perioade by de CAF as direksje-siktaris wurke hie, waard er direkteur fan suvelfabryk De Goede Verwachting yn Warkum. Nei ferskillende fúzjes yn de suvelwrâld waard De Vries lid fan de haaddireksje fan Fryslân Coberco Dairy Foods op het haadkantoar fan de organisaasje yn Meppel. Yn 1999 naam er ôfskied fan it konsern.

Skriuwer
Ynearsten wie Jan de Vries benammen aktyf as skriuwer fan toaniel en revu. Hy wûn yn 1970 de Fryske toanielpriis mei it stik ‘Geskaei om ’e kaei’ en yn 1976 nochris mei ‘Spul om it spul’. Toanielselsskip Tryater, yn 1969 úteinset as feriening foar beropstoaniel, sette ‘Geskaei om ’e kaei’ op har repertoire. It stik is, krektlyk as ‘Wa wurdt beppe’, inkelde jierren letter, mear as hûndert kear spile.
De Vries hat fan 1969 oant 1975 en fan 1987 oant 1993, diel útmakke fan it bestjoer fan Tryater. Njonken toanielstikken skreau er ek noch in stik as 10 revu’s foar organisaasjes as it Suvelfabryk, de iisklub, jongerein, Jubileum CAF en oaren.

Yn lânboublêd Bolwerk publisearre Jan de Vries sûnt de jierren santich, oant it yn 2004 opgie yn it nije blêd fan LTO-Noord, alle moannen in Frysktalich koart ferhaal. De ûnderwerpen foar syn koarte ferhalen fûn er yn it boerelibben en it boerebedriuw, se stiene, en steane ticht by de deistige praktyk fan it agrarysk bestean.

Hy debutearre yn boekfoarm mei de fersebondel Glêzen brêge (1974).

Yn 1968 wûn Jan de Vries in Rely Jorritsma-priis mei it fers ‘Sicht op in flat’, yn 1969 mei it fers ‘Soasjale steat’ en yn 1972 noch ris mei in fers mei de titel ‘Glêzen brêge’. Fersen fan De Vries stiene fierder yn Trotwaer en De Stiennen Man, fan it lêste blêd siet er tusken 1968 en 1971 yn de redaksje. Yn 1991 ferskynde fan syn hân de ferhalebondel De boer moat sels de leie ha, yn 1993 folge troch It is de boer net allike folle, beide bondels befetsje in seleksje fan ferhalen út Bolwerk.

Jan de Vries wie ek op bestjoerlik mêd aktyf foar kulturele ynstellingen, sa wie er in tal jierren bestjoersfoarsitter fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).

WURK

Poëzy
1974: Glêzen brêge

Ferhalebondels
1991: De boer moat sels de leie ha (3e printinge 2006)
1993: It is de boer net allike folle

Toaniel (seleksje)
1969: Alteraesje yn ’e rekréaasje
1969: In swarte nacht (ienakter)
1970: Geskaei om ’e kaei
1974: Hwa wurdt beppe
1975: Wol nei ‘t sin
1975: Hippy’s yn ’e hûs
1978: Spul om ‘t spul

Prizen
1968: Rely Jorritsma-priis (fers: 'Sicht op in flat')
1969: Rely Jorritsma-priis (fers: 'Soasjale steat')
1970: Provinsiale toanielpriis (foar: 'Geskaei om ’e kaei')
1972: Rely Jorritsma-priis (fers: 'Glêzen brêge')
1976: Provinsiale toanielpriis (foar: 'Spul om it spul')

Mear ynformaasje
Wikipedia

©Tresoar, 16-10-2019