Berne: 12-03-1890, Wergea
Ferstoarn: 31-12-1968, Drachten
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Barend van der Veen waard berne yn Wergea as soan fan Piter van der Veen en Janke Sinnema. Yn 1913 troude er mei Martsje Wiersma en fêstige er him yn Menaam, dêr’t er acht jier kapper wie. Se krigen fjouwer bern: Janke, Tjitske, Martsje en Piter. Yn 1921 ferfear er nei Dokkum, dêr’t er behearder waard fan ‘It Noorderkwartier’, it hielûnthâldersgebou.
Yn 1927 gie er nei Huzum/Ljouwert dêr’t er in baan fûn by it Mienskipshûs. Barend van der Veen wie in man mei, sa’t er sels sei, in sterk moralistyske ynslach. It wie dan ek gjin wûnder dat er as lekepreker troch Fryslân luts. Ek yn syn toanielwurk wie dy moraliteit altyd sterk oanwêzich.
Tegearre mei syn frou foarme er it duo ‘Barend en Martsje’. Ut dizze gearwurking ûntstie by einsluten it ‘Lyts Frysk Toaniel’, dêr’t letter syn bern ek diel fan útmakken. De opset hjirfan wie inte op it Winterjûnenocht fan Waling Dykstra. Nei’t syn frou yn 1942 ferstoar, troude er mei Baukje Hoekstra. Sy wie allyksa belutsen by it Lyts Frysk Toaniel. In soad sukses hie Van der Veen mei it stik De heidepyk, dat yn oersetting ek bûten de provinsjegrinzen in soad publyk luts.
Toanielselskippen hiene it yn de oarlochsjierren fanwege de ynskriuwing by de Kultuerkeamer dreech, al wie dat net ferplichte foar amateurselskippen. Wêr’t it iene selskip him ynskreau, dêr sochten oare groepen beskûl by de tsjerke om sa in ynskriuwing te ûntrinnen. Barend van der Veen, prinsipieel as er wie, hefte syn selskip op.
Yn 1950 siet er 25 jier yn it fak. Barend van der Veen waard huldige by de 400ste útfiering fan De heidepyk. Dy foarstelling yn Balk waard bywenne troch 1400 besikers. In oar bekend stik wie Rispa, dat er tegearre mei Ype Poortinga skreau. Fierder krige er bekendheid as skriuwer fan in pear romans, berneboekjes en fersebondels. Hy wie propagandist foar it kristlik-sosjalisme en it Hielûnthâldersboun.
Wêr’t er him by’t winter talei op it toaniel, dêr trede Barend simmerdeis in soad op mei syn poppekast, op skoallen en feesten. Mei poppen as Jan Rimer út Poppegea en plysje Kneppel wist er generaasjes bern te fermeitsjen. Dêr krige er help by fan syn húshâlding. Sawol syn dochters as syn frou wiene geregeld achter de poppekast te finen. Op 19 augustus 1953 joech er syn 1000ste foarstelling.
Troch it ferlet fan toaniel en amusemint nei de oarloch koe Lyts Frysk Toaniel, dat yn 1952 fuortset waard troch Barend syn soan Piter, op semy-profesjonele basis fierder.
Om Barend van der Veen syn belang oan te jaan: yn 1950 wie by gelegenheid fan syn 25-jierrich toanieljubileum in kompleet temanûmer fan it Fryske moanneblêd It Heitelân wijd oan him en syn wurk.
Neist it skriuwen (en oersetten) fan in soad toanielstikken, hat Barend in pear Fryske berneboeken skreaun, wêrûnder Trije Stiennene Aepkes.
Tematyk en resepsje
Barend van der Veen skreau in soad tige goed te spyljen stikken foar it amateurtoaniel. Krekt nei de mobilisaasje begûn er as skriuwer yn de tradysje fan it propagandatoaniel, lykas mei Eigen wegen. Dat stik gie oer in keapmansdochter dy’t har ‘bekearde’ ta it sosjalisme. De oprjochting fan syn eigen selskip wurke stimulearjend op syn produksje.
In heidepyk waard útfierd foar yn totaal hûnderttûzen besikers. It gie oer in wyld frommes sûnder manieren dat troch de direkteur fan in molkfabryk yn syn húshâlding opnommen waard. Al gie dat net sûnder problemen, by einsluten slagge it dochs en lear dat fanke manieren. Utroppen as ‘Bliksem, wat is dat gleon! Ik baarn my de bek!’ waarden legindarysk. Lykwols, doe’t it fanke yn ’e gaten krige dat by it húshâlden dêr’t se yn fersille rekke wie alles om jild draaide, kearde se har like hurd wer ôf fan de gewoanten dy’t men har oanleard hie. Yn de Ljouwerter krante waard it stik yn 1963 sa typearre: ‘It gehiel is ryklik swart-wyt, mar hwat wol men by in folksstik fan it suverste wetter, want dat is dit!’
It ferfolch, De têst mei stuorkes, wie platter, mar like suksesfol. Ek dêr draait it om de striid tusken goed en ferkeard, yn dit gefal tusken Yfke Drachtstra, de heidepyk, dy’t as ferpleechster neffens it evangeelje libje woe en it doarp dat har berabbe om har heit, dy’t in baas rûchhouwer wie.
Neist opmerkings oer de karakters yn syn stikken wie der ek krityk op de literêre kwaliteit fan de stikken. De moraal soe fakentiids te oerhearskjend wêze. Mei Bistean of net bistean (1952) besocht Van der Veen dy krityk foar te wêzen troch in stik te skriuwen mei in moderne ‘angry young man’ as haadfiguer. Anne Wadman sinjalearre dy ûntwikkeling ek. Yn 1957 bespriek er yn it ‘Literair Kwartier’ foar Regionale Omroep Noord en Oost it stik Fjouwer susters. Hy joech oan dat ‘het al te sterk moraliserende element dat zijn vroegere stukken beheerste, wijkt voor een meer objectieve visie’. Dizze opmerking moat sjoen wurde yn it ljocht fan in earder trelit sa om 1950 hinne oer de (fermiende) tsjinstelling tusken toaniel en kabaret. Barend van der Veen hie him wat denigrearjend útlitten oer de neffens him minder keunstsinnige wearde fan it Fryske kabaret. In kommentaar fan Anne Wadman (‘Vox Populi, Vox Artis’) dêrop is te finen yn De Tsjerne fan maart 1951.
Barend van der Veen skreau acht stikken yn gearwurking mei Ype Poortinga. Yn De seinekeapman (1958) gie it om it âlde folksgebrûk dat de erfenis nei de meast betûfte meaner gie, wat de duvel de kâns joech in ‘wûnderseine’ oan te bieden. Yn In man to folle (1958) draaide it om it gewisse fan in allegoarysk figuer, yn Rispa (1961) waard it ûnderwerp út ’e Bibel helle: de striid tusken de leafdefolle Rispa en in rjochtlinige David. Fan de gearwurking mei Poortinga hiene sawol Barend van der Veen as Ype Poortinga profyt. De earste skreau op dizze manier mear ynhâldlike stikken, foar Poortinga siet it foardiel mear oan de dramatyske kant.
Oer de resepsje fan Van der Veen syn boeken en bondeltsjes is net folle werom te finen. Tiny Mulder sei yn in besprek oer de bondel Hjerstasters foar Regionale Omroep Noord en Oost: ‘Barend van der Veen is mij als dichter van grappige verzen en van levensliedjes liever dan de Barend van der Veen als moralist’.
Van der Veen mei dan as (toaniel-)skriuwer foaral populêr, oan de tiid bûn wurk neilitten hawwe, as toaniellieder wie er tsientallen jierren net wei te tinken út it Fryske folkstoaniel. Om syn belang te ûnderstreekjen waarden yn Dokkum noch yn 1975 twa stikken fan him opfierd as hommaazje oan de man en syn Lyts Frysk Toaniel. Ek de iepeningsjûn fan de Fryske Boekewike 1975 stie yn it teken fan syn wurk. Yn 1990 waard yn it Frysk Letterkundich Museum syn hûndertste bertedei betocht mei in poppekastútfiering troch syn bern Piet en Martsje.
Boarnen foar dit stik
Knipselmappen Tresoar
Bouke Oldenhof: Zolang de wind van de wolken waait, haadstik 9
Bibliografy
Toanielstikken (in kar-út)
1939: Der't de stoarm swijt
1949: As’t der op oankomt
1950: In têst mei stuorkes
1952: Bistean of net bistean
1952: Skip op it strân
1953: Plebo fan Dockum
1953: Fan ’t anker
1953: De lêste troef
1954: Der binne grinzen
1955: Der stiket hwat efter
1956: De fjouwer susters
1957: Kompleksen
1958: Op klompen yn ’t spul (skreaun mei Ype Poortinga)
1958: De seinekeapman (mei Ype Poortinga)
1959: De forlerne heit (mei Ype Poortinga)
1961: Rispa (mei Ype Poortinga)
Neist it skriuwen fan de eigen stikken sette Barend van der Veen ek gâns stikken oer nei it Frysk of bewurke er stikken fan oaren.
Boeken
1930: De saek fen it Frysk (oer modern-godstsjinstige fragen)
1942: Wytwjukje (werútjefte 1982)
1944: Masinist
1946: Ljochte ûren yn donkere dagen. Sinteklaze- en Krystboek
1947: Hwa giet mei? – In sawntal biwegingssankjes
1947: De oerkommeling
1948: Trije Stiennene aepkes (berneboek)
1948: Pier Pak, of De gongelstôk fan Klaes Kunst
1948: In twirre yn it hôf (blomlêzing foar bern, gearstald mei Joh. Klazes Dijkstra en Johannes Dijkstra)
1950: Sykje it mar út (80 Fryske plaknammen yn rebusfoarm)
1954: Sikkeman
1955: Raeikes fan ’e greppelskant (foardrachten foar bern)
1963: Hjerstasters (In kar út syn dichtwurk)
1970: Winterakonyt (gedichten en fersen)
Prizen
1945: Us Frysk Berneboek foar Pier Pake
1946: Us Frysk Berneboek foar De trije aepkes
Oaren oer Barend van der Veen
Anne Wadman: Vox Populi, Vox Artis, De Tsjerne, jiergong 6 - 1951
Fedde Schurer: De macht dy’t oer liken giet, De Tsjerne, jiergong 17 - 1962
Tiny Mulder oer syn dichtwurk: Literair Leven, RONO 28-02-1963
Foto Sjoerd Andringa (kolleksje Tresoar)
©Tresoar, 09-10-2019