Berne: 01-03-1915, Bitgummole
Ferstoarn: 13-07-1988, Ljouwert

Libben en wurk

De earste jierren
Tetman de Vries wie in Fryske kabaretier en revuskriuwer. Fan 1935 ôf wurke er as winkelsjef yn Ljouwert, letter hie er sigaresaken yn Dronryp en Ljouwert. Syn spyl- en sjongtalint en dat fan syn twillingbroer Jarich foel al op yn har jeugdjierren. Stimulearre troch har skoalmaster De Vries setten beide jonges troch op dit paad.

Mei syn twillingbroer foarme Tetman earst it selskip ‘Tetman de Vries’, letter ‘Tetman en Jarich’. De programma’s dy’t er útfierde mei help fan syn famylje en dêrnei ek mei syn frou Mine de Vries-Ganzinga, skreau er sels; yn de tiid dat Rients Gratama by it selskip spile droech dy ek by.

Earste stik
Yn 1943 bestie it Bitgumer muzykkorps 45 jier. It bestjoer fûn dat it, al wie it oarloch, fierd wurde moast, it leafst mei in noflike jûn. Tetman krige de opdracht wat te skriuwen. Hy wie beskikber fanwege in frijstelling fan de besetter om’t er as sjef fan de koöperaasjewinkel yn Ljouwert diel útmakke fan de itensfoarsjenning. Dêr kaam by dat er goed oanfielde wat minsken yn dy kontreien moai fûnen, dat it korpsbestjoer hie der alle fertrouwen yn. It waard in stik dat er mei help fan trije bruorren, twa susters en in pear korpsleden opfierde. It bestie út sketskes en lietsjes dêr’t de skiednis fan it korps yn besongen waard. De foarstelling foel der wakker yn en smakke nei mear.

De tiid hâldt gjin skoft
Yn 1944 rjochte er it ‘Selskip Tetman de Vries’ op. Op 23 jannewaris brocht er de revu De tiid hâldt gjin skoft, skreaun foar de jierlikse korpsútfiering fan it Bitgumer muzykkorps yn de boppeseal fan de herberch yn Bitgummole. De revu wie daliks in sukses en waard fjouwer kear opfierd. It stik wie basearre op de fjouwer tiden fan it jier. Underwerpen wiene, neist it boerelibben, aktuele en soms licht filosofyske tema's, fakentiids tige werkenber foar it publyk. Dêrút wei is it sukses fan De tiid hâldt gjin skoft goed te ferklearjen.

De besprekken fan it stik wiene tige loovjend. De Ljouwerter Krante: ‘Tetman hat knap wirk levere, wirk dat net allinne yn it eigen doarp bliuwe moat, it moat der út, moat nei oare doarpen en de stêd.’ Of oars Ulbe van Houten yn de Bildsche Courant: ‘Dit wier folkskinst op syn bêst, suver en echt en sa ienfâldich dat it elkenien oan it gefoel kaam.’

Yn dy lêste oarlochsjierren waard it al sa’n 60 kear opfierd, en dat wylst it jonge selskip neat hawwe moast fan in ynskriuwing by de Dútske kultuerkeamer, reden wêrom’t se op seker stuit net trochspylje mochten. Nei de oarloch naam it sukses fan De tiid hâldt gjin skoft sa ta dat it by einsluten sawat 1200 kear foar it fuotljocht brocht wurde soe. Dat wie de start fan yn totaal 23 Fryske revu's en kabaretfoarstellingen, 17 gelegenheidsrevu's en 10 Nederlânske revu’s.

De earste jierren nei de oarloch
Wat dat oanbelanget foel de twadde revu, It kin raer biteare, by guon wat minder yn ’e smaak. De berûzing nei de befrijing wie oer, in oantal kritisy minder gau tefreden. It nije wykblêd Frysk en Frij stelde sels dat ‘de De Vriezen it spoar bjuster’ wiene. Anne Wadman hie yn De Waarheid dizze ried foar it Selskip: ‘Minder sentiment, minder langtriedderige sjongerij, loslitten fan de trie, better muzyk, mear avensaesje, mear tempo, minder âlde mantsjes, mear satyre, skerper tsjinstellingen. Koartsein: minder Fryskens.’ Likegoed wiene der ek positive reaksjes. De Ljouwerter Krante fûn it stik ‘better as it earste, better net allinne toanieltechnysk, mar ek logysker fan ynhâld.’

Al mei al giene benammen de minder goede besprekken Tetman net yn ’e kâlde klean sitten. Wie it net better der in punt achter te setten? Safier kaam it net. Mei de krityk fan Wadman yn ’e achterholle sette Tetman him, bystien troch syn fêste meiwurker en muzykman S.J. van der Molen, oan it skriuwen fan syn tredde revu Simmerwille. De resepsje wie in stik mylder. De Ljouwerter Krante stelde dat ‘De Vries en syn selskip gâns leard hawwe’ en ‘út de amateur-fase reitsje’. Likegoed bleau De tiid hâldt gjin skoft as in skaad oer it nijere wurk hingjen. It oantal opfieringen fan stikken as Kontrasten (72x) en De rike wike (80x) helle it net by it sukses fan dy ûnderwilens legindaryske revu. Sa waarden dy earste jierren nei de oarloch in syktocht om in foarm dy’t sawol keunstsinnich as oansprekkend wêze moast.

Underbrekking
Mei alle drokte en it grutte tal optredens, ek mei gelegenheidswurk, ferskrepte Tetman him en moast er yn 1950 op advys fan de dokter syn karriêre ûnderbrekke. Dêrmei foel it selskip útinoar en gie elk syn eigen wegen. Tetman sels foel werom op syn ferline yn de middestân en kocht yn Ljouwert in sigaresaak. Sa like syn karriêre op de planken definityf foarby. Mar it publyk koe net sûnder him, en by einsluten koe Tetman net sûnder syn trou publyk. Nei oardel jier die er de saak oer oan syn broer Tsjip en ferhuze er mei de húshâlding nei Stiens.

In nije start
Yn Stiens begûn er te wurkjen oan in nije revu mei de tapaslike titel Ik kin ’t net litte, dy’t er yn juny 1951 op ’e planken brocht mei broer Jarich en suster Anne. De nije start waard beklonken mei de komst fan pianist en komponist Cor Huisman, dy’t as musikus, mar ek as saakwaarnimmer tolve jier lang fan grutte betsjutting foar it selskip wêze soe.

Wadman bleau kritysk oer de werstart. Neist syn wurdearring foar Ik kin ’t net litte spriek er him út oer de yn syn eagen mindere punten, ek om’t er wist dat ‘Tetman in goed forsteander is’. Dat mindere kaam hjirop del: ‘Tetman syn styl driuwt noch tefolle, tinkt my, op it sprutsen wurd, op it útlizzen en forklearjen, en te min op it weilitten’. Sterke punten neamde er Tetman syn moed om it publyk net oan te krûpen en ek ‘Tetman syn fordigening fan de Fryske saek’.

Sa waarden ek yn de jierren dy’t folgen de revu’s fan Tetman op deselde manier beoardiele. Oan de iene kant seagen kritisy de kwaliteiten, mei dêrby eins altyd in soad wurdearring foar de muzikale bydragen fan Cor Huisman, oan de oare kant lei de fraach oft de teksten wol genôch mei de tiid meigiene, al wie dat foar Sjoerd Leiker yn Het Vrije Volk gjin fraach doe’t er it hie oer De tiid sil ’t leare: ‘Een oubollig stuk’ wêrby’t er tagelyk hope dat dit in opmaat wêze soe nei fierdere fernijing, om’t er der wis fan wie dat Tetman soks bêst oankoe.

It ferfolch
Yn de rin fan de fyftiger jierren waard Tetman en syn selskip in fêste wearde, net allinnich yn Fryslân, mar ek derbûten. De teksten waarden mear eigentiidsk, de sjongteksten puntiger. De wurdearring fan it publyk bleau ûnfermindere grut, sa’t bliek by de huldiging fan Tetman en Jarich doe’t se yn 1955 fjirtich waarden. Tûzenen stiene lâns de rûte troch Ljouwert nei De Harmonie dêr’t it feest plakfine soe. Dat jier waard in jier fan nije oansetten. Sa namen beide bruorren mei Cor Huisman de útnûging oan om te spyljen yn Kanada om dêr op te treden foar Fryske emigranten.

In jier letter die bliken dat Tetman yndied ‘in goed forsteander’ wie. Syn revu In minske’ sin is in minske’ libben wie in grutte stap rjochting aktualiteit mei stikken oer de hastigens fan de moderne minske, of de driuw om te gymnastykjen fanwege it ‘kofje-liif’. S.J. van der Molen fan de Ljouwerter Krante tocht dan ek dat ‘it Selskip gâns wille oan dit stik belibje sil’.

Mei Fryslân oerein gie Tetman fierder op dit paad troch de ûntfolking fan it Fryske plattelân as tema te nimmen. Ek bûten Fryslân foel it wurk fan beide bruorren op, sjoen it omtinken dêrfoar fan ‘Vrije Geluiden’, in radioprogramma fan de VPRO.

Learskoalle
Fan 1955 ôf wie de namme ‘Selskip Tetman en Jarich’. De ûntjouwing nei aktueler wurk waard yn dy jierren stimulearre troch jongere minsken oan te lûken. Sa waard it selskip fersterke mei Klaes Westra en syn dochter Tine. It oantal meiwurkers troch de jierren hinne wie sawiesa grut. Artysten as Johan Bok, Leo Dykstra, Riek Landman, Hinke Visser-Oostra, Jeltsje Das, Fokje Miedema, Jetske Zylstra, Rients Gratama, Rypke Westra, Baukje Felkers en oaren learden by Tetman en Jarich it fak. Ek de famylje spile net swak by. Benammen foar dochter Leny foarme har tiid by it selskip de basis foar in eigen karriêre.

De ferjonging soarge derfoar dat it selskip ek oansloech by in jonger publyk. Rients Gratama, dy’t yn 1957 by it selskip kaam, wie dêr in kaaifiguer yn. Yn Sa is ’t en net oars út 1959 wie er al ferantwurdlik foar de helte fan de teksten, in ûntjouwing dy’t him yn de jierren dêrnei fuortsette soe. Sa krige Omke Doeke komt út ’e hoeke (1962) loovjende resinsjes. It Friesch Dagblad: ‘De muzikale komeedzje Omke Doeke komt út ’e hoeke foarmet in stap foarút nei in nije foarmjouwing’, wylst de Ljouwerter Krante dit programma ‘in boppeslach’ neamde.

De jierren nei Rients
Nei Omke Doeke komt út ’e hoeke kaam der in ein oan in sterke faze. Rients Gratama begûn yn 1963 foar himsels en naam Jetske Zylstra en Cor Huisman mei. Dat soks net hielendal sûnder stjit of slach gie waard dúdlik doe’t in foarstelling yn Burgum ynienen ôfsein waard. It konflikt tusken Tetman en Jarich oan de iene en Rients mei Cor Huisman oan de oare kant waard bylein, mar dy simmers waard de opdieling definityf. Dêr oerhinne sette broer Jarich yn 1963 in punt achter syn karriêre op it toaniel om as kastlein te Marsum fierder te gean. Hy kaam dêr yn 1965 te ferstjerren.

Likegoed gie Tetman mei in nije ploech troch op deselde wei. Klaes Westra naam de rol fan Jarich op him. Dochters Anneke en Leny diene no ek mei, wylst ek Leny har ferloofde Leo Dykstra him by It Selskip joech. Foar de komposysjes tekene Johan Bok, Gerard Veldhuizen waard pianist en Pyt van der Zee die de regy. Mei dizze fernijde ploech brocht Tetman Fan snúfdoaske oant nylonhoaske, om yn de jierren dêrnei troch te gean mei programma’s as Hjir is de ein fan wei en De wrâld is uzes meielkoar.

Dêrby bleau de resepsje posityf. Sa waard Fan snúfdoaske oant nylonhoaske yn de Ljouwerter Krante kwalifisearre as ‘in geef stik’ en fûn it Nieuwsblad van het Noorden yn 1964 As’t nou mar út is ‘vlot en onderhoudend’. Yn Het Vrije Volk wist Bouke Visser te melden dat de muzikale komeedzje Hjir is de ein fan wei ‘een boeiende vertoning’ wurden wie mei ‘goed geïnspireerde spelers’ wêrby’t er in soad wurdearring hie foar ‘de leuke liedjes en artistieke composities’ fan Johan Bok. Dat waard ek sein troch de resinsint fan it Friesch Dagblad, al murk dy ek op dat it programma sterker wurde koe as Tetman wat minder yn de rjochting fan it kabaret lonkje soe.

It doek falt

Yn 1969 foel it doek foar It Selskip definityf mei de lêste útfieringen fan Wy boartsje hjir mar in hoartsje, in ôfskiedsprogramma mei flitsen fan eardere suksesnûmers. Al mei al koene syn lêste programma’s op in soad wurdearring rekkenje, sa’t dat opgie foar syn hiele karriêre mei mear as seistûzen foarstellingen. It 25-jierriich jubileum, tagelyk it offisjele ôfskied, yn jannewaris 1969 yn De Lawei, waard dan ek in massaal brocht earesalút, wêrby’t Tetman yn syn tankwurd ek syn yn 1965 ferstoarne broer Jarich beluts: ‘Dat leit in skaed op dizze dei.’

Dêrmei kaam offisjeel in ein oan in tiidrek, dat hûnderttûzenen yn én bûten Fryslân fermakke waarden mei wurklisten dy’t de ûntjouwingen fan de jierren nei de oarloch op oansprekkende wize spegelen yn de eigen taal:

‘Myn sukses op dizze planken
Leit him oan de âlde klanken
Oan de sprake fan ús pake
Fan ús mem en fan ús heit,
Om’t de Fries en de Friezinne
Dizze taal net misse kinne
Om’t yn wêzen hiel ús wêzen yn dy
Taal ferankre leit.’

De jierren nei it ôfskie
Likegoed kaam der noch in offisjeus ferfolch, want Tetman wie ek nei syn offisjeel ôfskied geregeld op de planken te finen mei gelegenheidswurk foar bygelyks It Skriuwersboun of op brulloften. Sels sei er it yn 1979 yn de Ljouwerter Krante sa: ‘Ik bin ophâlden om’t de plicht om alle jierren wer in nij programma to skriuwen my te swier foel. Mar efterôf haw ik faek tocht: ik hie noch even trochgean moatten, hwant ik kin it nou ienkear net litte.’ (LC 27-10-1979)
Noch lange jierren stie er yn syn sigerewinkel yn de Prins Hindrikstjitte yn Ljouwert. Hy en syn frou tien wennen earst yn Dronryp, oan de ein fan syn libben yn Burgum. Hy wie ek in bekende ferskining op ’e keatsfjilden en wie ek wol skiedsrjochter.

Boarnen foar dit stik
D.A. Tamminga: Mei fleur en faesje (Fiif en tweintich jier Tetman, 1969)
De neamde kranteartikels.

Wurk


Revu’s
1944: De tiid hâldt gjin skoft
1946: It kin raer biteare
1947: Simmerwille
1948: Kontrasten
1949: De rike wike
1951: Ik kin ’t net litte
1952: Kleur en fleur
1953: Fan ’t iene yn ’t oare
1954: De tiid sil ’t leare
1955: East west, thús ’t bêste
1956: In minske’ sin is in minske’ libben
1957: Fryslân oerein
1958: Hwat is jou libben?
1959: Sa is ’t en net oars
1960: Minsken, minsken, hwat in minsken
1961: Feestfiere is ek in kunst
1962: Omke Doeke komt út ’e hoeke
1963: Fan snúfdoaske oant nylonhoaske
1964: As ’t nou mar út is
1965: Hjir is de ein fan wei
1966: De wrâld is uzes mei elkoar
1967: De wyldepûst
1968: Wy boartsje hjir mar in hoartsje

Gelegenheidswurk
1947: Rôlje, rôlje oer ús greiden (by 50-jierrich jubileum Keatsbûn)
1947: Gouden koper (by 50-jierrich jubileum Muzykferiening Stiens)
1947: In hap en in snap (foar Komitee Doarpsfeest Jislum)
1948: Bylden út Fryslân (foar ‘Thuisfront Friese Militairen’)
1948: De âlde bân mei ’t Sjûkelân (by it 95-jierrich jubileum fan de P.C.)
1948: By it wikseljen fan de kroane (foar Oranje Komité Stiens)
1949: De spieren spand (foar gymnastykferiening Boalsert)
1949: Fan jister oan ’t register (foar it Fries Rundvee Stamboek)
1952: Foar elkoar, mei elkoar (foar it Fryske Groene Kruis)
1953: Yn ’e flecht oer alles hinne (foar it iuwfeest fan de P.C.)
1953: Mei fleur en faesje troch it Fryske gea (foar Frysk VARA-toernee)
1954: It skouboerd (foar de Tsiende Ljouwerter Warenschouw)
1954: Fuort, âlde guds, nei Dokkum ta (foar stedsfeesten Dokkum)
1955: De wekker rint ôf (foar de Friezendei)
1956: Fan Piteromfet nei heechspanningsnet (foar P.E.B. Friesland)
1963: Gouden banden (foar 50-jierrich jubileum C.C.F.)

Nederlânsktalige stikken/oersettingen
1950: De tijd staat niet stil (fan 1956 ôf in nije rige)
1955: De tijd zal het leren
1958: Wat is uw leven?
1950: De tijd staat niet stil (nije rige)
1959: Zo is ’t maar net
1960: De Jonkershoeve (bewurking fan it ferhaal ‘Mearke fan Noardlik Fryslân’ fan R. Brolsma)
1961: Jaar in, jaar uit
1963: Eigen paard is goud waard
1964: Nu moet het uit zijn
1966: De wereld van ons met elkaar

Muzyk
1959: Fyftjin jier Tetman en Jarich, lp
1982: As ’t nou mar út is, lp
1994: De tiid hâldt gjin skoft, cd

Underskiedingen
1969: Golden Tulip (fan platemaatskippij Phonogram)
1969: Ridder yn de Orde van Oranje-Nassau

Mear ynformaasje
D.A. Tamminga: Mei fleur en faesje. Fiif en tweintich jier Tetman (1969)
Diskografy, mear details
Krante-artikels by syn ferstjerren, LC 13-07-1988, LC 14-07-1988 diel1 en diel 2.:
Werom nei augustus 1939 mei Tetman, LC 04-08-1979 diel 1 en diel 2
Leny en Anneke by Jos Brink yn 1964, Pieter de Groot LC 21-08-2007

Pasfoto, kolleksje Tresoar

©Tresoar, 16-10-2019