Berne: 03-03-1960, NIJEGEA (DE FRYSKE MARREN)

Libben en wurk

Tryntsje van der Veer waard berne yn Nijegea, oan ’e Fluezen. Sûnt 2008 wennet sy nei tritich jier om utens wer yn Fryslân. Se wurket as psychiater. Werom yn it Heitelân pakte se har memmetaal wer aktyf op en die se mei oan in tal kursussen by Tresoar (lietteksten en dichtsjen), wat útrûn op in oantal publikaasjes.

Yn 2009 kaam Binnentún út, in bondel haikû’s dy’t Tryntsje van der Veer publisearre yn gearwurking mei Ouke Kooistra (foto’s) en Rob du Jardin (muzyk), yn 2010 folge troch Oer it wetter op ’e weagen fan muzyk en poëzij. Beide bondels waarden útbrocht mei een cd. Fierder naam se diel oan it dichterskollektyf Ferswevers (2011-2014) en levere se in aktive bydrage oan Zwerfgedichten, losse kaarten mei gedichten Yn 2011 ferskynde Fan binnen út, ier foarjier – From within, early spring. Ek oan dizze bondel mei cd wurken Ouke Kooistra en Rob du Jardin mei.

Fan útjouwerij Van Oorschot krige Tryntsje van der Veer yn 2013 tastimming om in tal fersen fan Vasalis oer te setten (ps. fan Margaretha Droogleever Fortuijn). Dêr draacht sy geregeld fan foar, benammen út de bondel Vergezichten en gezichten (1954). Yn 2014 makke Van der Veer yn ’e mande mei mei fotograaf Rinus van der Craats en foarmjouwer Ankemarije Dam de earste Fryske Fotofers Kalinder mei dêrby in set aansichtkaarten.Yn 2015 ferskynde in twadde Fryske fotofers Kalinder, in spesjale edysje oer Amelân.

Brieven oan dy / Letters to you bestiet út 21 koarte teksten, ferdield oer trije skiften: Begjinne, Wêze en Reizgje. It binne brieven fan immen dy't op syk is, fan immen dy't wat fan him of har ôfskriuwe moat.

Tegearre mei Elske Posthuma foarmet Tryntsje van der Veer it duo Hert & Siel. Tryntsje van der Veer is op dit stuit [2016] foarsitter fan It Skriuwersboun. As bestjoerslid fan it Europeeske Buro foar Lytse Talen (EBLT) makket se har sterk foar de posysje fan minderheidstalen.

Tematyk en resepsje
Tryntsje van der Veer siket har tema’s meastentiids yn de natoer. Dêrby besiket se de essinsje fan wat se waarnimt fêst te lizzen yn sa min mooglik wurden, wat ûnder oare blykt út har debútbondel mei 49 haikûs. Cornelis van der Wal sinjalearret neist haikûs fan wikseljende kwaliteit ek wurk dat ‘hast perfekt’ is. Dêrby hat Van der Wal alle lof foar de fersoarging fan de bondel, dy’t er ‘ien fan de moaiste fan de ôfrûne tiid’ neamt [1]. Ek Sietse de Vries yn de Ljouwerter Krante priizget de fersoarging as ‘in moai fersoarge ienheid fan byld en taal’ [2].

Boarnen foar dit stik
[1] Friesch Dagblad, 31-07-2010
[2] Leeuwarder Courant, 24-12-2009

Bondels en oar wurk
2009: Binnentún (fersen yn haikûfoarm)
2010: Oer it wetter op ’e weagen fan muzyk en poëzij (gearstald troch Tryntsje van der Veer)
2011: Fan binnen út – ier foarjier – From within – early spring (foarjiersgedichten)
2014: Fryske Fotofers Kalinder
2015: Fryske Fotofers Kalinder (Oer It Amelân)
2016: Brieven oan dy / Letters to you (mei cd en tekeningen fan Hendrik Elings)

Ferskaat
2019: Iepen kalinder 2019 (mei Marloes van Slobbe, fotograaf, en Ankemarije Dam)

Prizen
2011: Ekstra priis poëzijwedstriid Het Winterwad / It Winterwaad fan de organisaasje Waddenzee.nl.
2013: Poëzijpriis fan ’e Kunstmaand Ameland mei Oade oan it wetter – Ode aan het water
2020: Bernard Smildepriis - earfolle fermelding

Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 23-12-2016
Vincent Meininger, FD 29-12-2016
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Eigen webside Binnentún
Boekenroute
Beropspraktyk De Binnentuin

©Tresoar, 09-10-2019