Berne: 24-10-1954, SNITS

Libben en wurk

Henk van der Veer is berne yn Snits. Hy folge de pabo en wurket as learaar yn it basisûnderwiis, freelance sjoernalist, dichter en presintator.

Skriuwerij
Henk van der Veer syn passy foar ‘ut Sneekers’, of sa’t er it sels omskriuwt ‘Sneekology in de rúmste sin fan ut woord’ komt ta utering yn syn skriuw- en presintaasjewurksumheden. Hy dichtet yn it Frysk, mar it measte yn it Snitsers. Dêrneist is Henk van der Veer al 25 jier resinsint foar ferskate kranten en kollumnist foar ‘Ondernemend Sneek’.

Hy hat publisearre yn Trotwaer, de Moanne, Hjir, Friesland Post, Sneeker Nieuwsblad, Wijd en Zijd, Leeuwarder Courant, Ondernememd Friesland, Ondernemend Sneek, en ek in grut tal posterfersen tegearre mei Paul van Goor.

Spesjale fermelding noch foar trije poëzijstiennen en twa gevelfersen, allegear yn Snits.

Bibliografy

Poëzy (yn it Frysk)
1989: Skrousk
1994: Deagewoandea

Poëzy (in ut Snekers)
1992: Je mutte hore wie ut seit
1994: Dàt ok nòch
1994: Melkboerehonnehaar
2000: Fanou ut plein
2000: Om ’e noard
2000: Kajapoetoaly
2003: Spoetnik (jaardachkalenders met poëzy in ut Snekers, tegare met fotograaf Paul van Goor)
2006: Puchpúbers

Poëzij op strjitte of gevels
2004: Gevelfers boekhannel Van der Velde, tegare met Paul van Goor
2006: Poëzytegel op de Oasterdyk
2008: Muorrestien yn it plysjeburo fan Snits en Poëzytegel op ut Groatsaan.
2010: Gevelfers in Sperkhem/Nij Túndòrp, tegare met Paul van Goor

Proaza
1990: Willem Santema in fersetsman (tegearre mei Willem Santema)
1995: In útjouwerij fan QuizeQuânsje (tegearre mei Doeke Sijens)

Literêre prizen
2004: de Zilveren Kerstbal, kulturele pries Sneek

Mear ynformaasje
Eigen webside webside
Wikipedia

©Tresoar, 09-10-2019