Berne: 30-11-1919, Langwar
Ferstoarn: 06-02-1997, Snits

Libben en wurk

Jeugd
Anne Sybe Wadman waard grut yn in sosjalistyske húshâlding yn Langwar. Syn heit wie gemeenteûntfanger. Oer syn middelskoallejierren publisearre er letter ûnder oare yn Mei Abraham fûstkje (1969) en yn 16 (1985), in nijsgjirrich ego-dokumint, Wadman syn deiboek fan 1936.

Lês mear...

Berne: 09-07-1956, Snits

Libben en wurk

Thys Wadman groeide op yn Snits, as soan fan Anne Wadman en Hylkje Goïnga. Hy folge de Pedagogyske Akademy yn Snits en wurket sûnt 1979 yn it basisûnderwiis. Fan 1986 ôf wie er haad fan de iepenbiere basisskoalle yn Koudum, no yn Nijhoarne. Foardat er mei skriuwen begûn wie er muzikaal aktyf as sellist yn salonorkest 'Plumeau' en as drummer yn de Frysktalige groep 'Jarje'. Letter waard er dat yn de Koudumer band 'Cajun Beano'. 

Lês mear...

Berne: 12-10-1939, LJOUWERT

Jant van der Weg-Laverman is berne yn 1939 yn Ljouwert. Se folge de kweekskoalle yn Snits en wurke fjouwer jier yn it spesjaal ûnderwiis. Doe’t se yn 1964 troude (mei Sikke van der Weg) krige se dien sa’t dat doe gie yn dy tiid. Doe’t de twa bern âlder wienen, pakte se de stúdzje Frysk taal- en letteren op.

Lês mear...