Berne: 08-05-1946, It Hearrenfean

Willem Winters waard berne op It Hearrenfean. Hy studearre sosjology oan de Ryksuniversiteit te Grins en waard learaar yn it middelber en heger beropsûnderwiis.

Libben en wurk
Neidat de sykte fan Parkinson by him fêststeld wie, rekke er yn 1990 út it wurk.

Fan 1975 ôf begûn er mei it útbringen fan publikaasjes oer syn fakgebiet, en dan benammen oer de âldereinsoarch. Dit die er net allinnich middels artikels yn bygelyks blêden as Leef Tijd Senior en Spiegel Historiael, mar ek troch in oantal boeken. Dêrneist skreau er columns, koarte teksten, artikels en essees oer alderhande ûnderwerpen (mei literatuer en byldzjende keunst as spearpunten) yn de Leeuwarder Courant en sawat alle literêre blêden, fan De Strikel oan De Moanne ta.

Willem Winters skriuwt ek wol ûnder it pseudonym Beatrice Nuymann.

Fan 1984 ôf is er warber as útjouwer fan bysûndere boekjes, dit ûnder de namme 'Perio', in pseudonym dat earder hantearre waard troch G.L. Janssen, de oprjochter fan wat no de ANBO, it bûn foar de âlderein, is. Winters [1] hjiroer: 'In het begin van de jaren tachtig van de vorige eeuw heb ik samen met mijn vriend Theo Royers een tentoonstelling georganiseerd over de geschiedenis van de AOW. Daarbij kwamen we ook de werken van ‘Perio’ tegen. Toen er na de tentoonstelling een klein bedrag over was besloten Theo en ik daarvan een stichting op te richten die zich bezig zou houden met het uitgeven van boeken. Die stichting hebben we uit sympathie met zijn streven ‘Perio’ genoemd'.

It earste boek fan Perio [2] wie Herinneringen aan de Arbeitseinsatz fan syn heit Marten, notysjes dy't tritich jier dêrfoar al fêstlein wiene. Dêrnei folge in lange rige fan mear as 100 boeken en boekjes, wêrby't de foarmjouwing in hieltyd wichtiger plak ynnaam. Dy wurdt net dien troch Winter sels. De earste boekjes waarden dien troch Gertjan Slagter, dêrnei naam Richard Bos it oer. De ûnderwerpen komme fuort út de ynteresses fan Willem Winters sels, oer ûnderwerpen dêr't oaren oan foarbygean. En dat hat dan wer alles te krijen mei it sammeljen fan op it earste each nutteleaze plaatsjes en teksten, lykas foto's fan wite plastic kûpstuoltsjes of teksten op etiketten. Dat alles kin dan ferwurke wurde ta in boekje dat yn in beheinde oplage oan de man/frou brocht wurdt, dit troch in abonnemint te nimmen. Humor mei dan wol de reade tried yn it útjeftebelied wêze, serieuzere ûnderwerpen komme ek oan bod, lykas Dea en Wille, in samling fraachpetearen mei Fryske skriuwers troch Henk te Biesebeek.

Yn 2022 makke Winters bekend [3] dat er mei de publikaasje fan de mânske blomlêzing Sjen in punt set achter syn útjouwerij Perio.

Boarnen foar dit artikel
[1] Henk Dillerop, 50+ in Nederland 01-12-2017
[2] Sietse de Vries, LC 24-10-2003
[3] Jacob Haagsma, LC 04-02-2022

WURK

Proaza (fiksje en non-fiksje)
1984: 100 jaar pensioenstrijd in Nederland 1884-1984 (mei Theo Royers)
1985: Ondanks al mijn kwalen, hoe ouderen over gezondheid denken
1990: Die staatshulp wenschen wij: pensioenstrijd in Nederland
2001: Alle minsken binn' myn broerren - Folkert Kuipers en 100 jaar Coopersburg (mei E. Huisman en A. Reidinga)
2018: Papierfiskjes lêze net
2021: Bokke Heidehipper en syn doarpsgenoaten tsjin Gloeilampe Anton
2021: Sjen (blomlêzing)

Essees
1992: Alpha en Omega - 40 beginnen en einden van zogenaamde damesromans (Perio)
1999: De wite skelk fan Richt (yn Hjir)
2010: De wrâld fan Brolsma (ûnder einredaksje fan Doeke Sijens)
????: 500 jaar Leeuwarden
2018: De teloorgang van het Laaxumer vishok (Perio)

Ferhalen

1994: Knyflok en reidmannen (bydrage)
1996: 18 Fryske fakânsjeferhalen (bydrage)
1997: 16 Fryske winterferhalen (bydrage)
1998: Hotel Friesland (gearstald troch Andries Veldman)
2000: Tusken himel en ierde (mei Ronald van der Meulen)
2001: Elisabeth, het kwetsbare gevoel (as Beatrice Nuymann)
2003: De riedsels fan it hert (bydrage)

Ferskaat
2021: Bokke Heidehipper

Mear ynformaasje
Eigen webside
Jan Dijksma, LC 12-04-1991 (oer de útjefte Etiketliteratuur)
Sietse de Vries, LC 26-11-2009 (oer fjirtich Perio-'kleintjes')
Josse de Haan, De Moanne jr. 18 nûmer 1, 03-2019
De Moanne jiergong 18 nûmer 1, 03-2019 (mei alle foarkanten fan Perio-útjeften)
Anko de Jong, LC 25-10-2021 (oer Bokke Heidehipper en syn doarpsgenoaten tsjin Gloeilampe Anton)

©Tresoar, 08-03-2022