Berne: 28-01-1956, Ljouwert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Cornelis van der Wal is op 28 jannewaris 1956 berne yn Ljouwert. Hy is dêr opgroeid en hat der wenne oant er begjin jierren njoggentich ferhuze nei Grins. Fan 2010 oant 2013 hâlde er ta yn Snits. Tsjintwurdich wennet er wer yn syn bertestêd.
Yn 1981-1982 wurke er by de Fryske Akademy, syn taak wie om it hânwurdboek fan de âlde nei de nije stavering om te setten. Syn earste stappen op it skriuwerspaad sette er yn it Nederlânsk. Al yn syn middelbere skoalletiid wie er begûn mei it skriuwen fan science fiction en poëzy. It Frysk idioom dat er by syn wurk op de Akademy tsjinkaam brocht him ta it skriuwen yn it Frysk. Syn earste fersen en ferhalen publisearre er yn 1982 yn de literêre tydskriften Hjir en Trotwaer. Van der Wal presintearre him sels yn in koart curriculum vitae yn Trotwaer, augustus 1996 as: ‘dichter, kritikus, okkultist en terrorist te Grins’.
Dichter
Hy debutearre yn boekfoarm mei In nêst jonge magneten, de bondel ferskynde begjin 1991 by de Koperative utjouwerij. Twa jier letter, yn 1993, waard syn talint erkend mei de takenning fan de Fedde Schurer-priis, de provinsjale priis foar debutanten. Yn it begeliedende sjuery-rapport waard dat sa motivearre: ‘Yn de bondel sjogge wy it stribjen om, sa’t de dichter Marsman skreau, ‘groots en meeslepend’ te libjen’. /…/ ‘Steatlike, bibelteksteftige, gjalperige, tagediene, hurde en meidielingeftige rigels wikselje inoar ôf. Dat jout in yroanysk, grotesk of faak ek in grimmitich effekt. Hoewol’t men jin bytiden de bûsen útskuort, kin men net sizze dat Van der Wal in humoristysk dichter is. Dêrfoar is de ynhâld te swier. Faak wurdt de opstiging fan skientme teneate dien troch te dûken yn de swarte kanten fan it libben. Dy opstiging en it ferset dêrtsjin kin men omskriuwe as de ultime spleen. Dat makket dizze dichter foar Fryslân frij unyk en pleatst him yn de tradysje fan ‘poètes maudits’ as Baudelaire’. Njonken lof wie der ek krityk op de bondel. Jabik Veenbaas sei yn syn besprek (Frysk & Frij, 05-09-1991); ‘Bytiden jout Van der Wal my it gefoel dat er wat te folle út is op skokkende en ekstreme bylden, op it ‘épater le bourgeois’, en wat te min te sizzen hat; it gefaar fan leech wurdsjebreidzjen – fan in tizeboel fan tipelsinnige en frijbliuwende bylden en wurden – leit op ’e loer’.
Syn twadde bondel Sinnestriel op it offermes kaam út yn 1997. It útkommen fan dy bondel wie oanlieding foar in optreden op Poetry International 1997.
Dêrnei hat it even duorre, mar yn 2003 en 2004 ferskynden flak nei elkoar twa nije útjeften fan Van der Wal. Utjouwerij Bornmeer joech de bondel Subsydzje foar de Graal út en by Utjouwerij Venus ferskynde de bondel Skalder en it swurd. By it epysk gedicht Skalder en it swurd, besteande út trettjin fersen, makke kollega-dichter en byldzjend keunstner Anne Feddema tolve tekeningen. It ferhaal fan Skalder, de reynkarnaasje fan in Fryske held dy’t weromkomt op ierde om him foar ‘de Fryske saak’ yn te setten, sit, eigen oan it wurk fan Van der Wal, fol romantyske, mytologyske en religieuze symbolyk.‘It is in groteske en net yn it lêste plak troch it binnenrym, dat Germaansk oandocht. De kombinaasje mei de riedseleftige tekeningen fan Anne Feddema makket it gehiel ta in keunstwurk, mar boppe-al grappich’. (Babs Gezelle Meerburg, Leeuwarder Courant, 26-03-2004). De titel Subsydzje foar de Graal, ferwiist nei Keltyske leginden oer de hillige Graal. De bondel befettet 33 fersen, krektsa as dat ek it gefal is yn de earste beide bondels fan Van der Wal. Hoewol’t de fersen yn Subsydzje foar de Graal tagonkliker binne as dy yn syn eardere wurk, litte se har troch ûnderwerp, libbensfyzje en wurdgebrûk net maklik lêze.
Tema’s
In wichtich tema yn de gedichten fan Cornelis van der Wal is iensumheid. Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries seit er: ‘It is mear it tema dat ik as dichter keazen ha, in mystyk tema suver. It is it sykjen nei de graal, nei it ultime lok. Ik skriuw út ûnfrede mei it materiële, minsklike bestean. Poëzy is in manier om dêr boppe út te stigen’. It, yn de moderne poëzy al lang ferlitten tema fan de dichter as preester, wurdt troch Van der Wal yn syn wurk noch libben holden. ‘Met zijn groteske gedichten neemt Van der Wal een eigen plaats in. Hij bedrijft, naar eigen zeggen, magie met zijn poëzie en wil de lezer betoveren. Als dichter presenteert hij zich als uitverkorene en eigent hij zich het groots en meeslepend leven van Marsman toe, maar zet die positie in een absurdistisch kader waarin heiligheid en platvloersheid voortdurend stuivertje wisselen. Van der Wal herschikt en herschept de realiteit tot taal. Cryptische bombast en morbide borrelpraat worden in één adem opgevoerd, verlevendigd met verrassende neologismen en onconventionele metaforen. Zelfverheffing valt samen met zelfspot. Spel en ernst verdringen elkaar in zwarte humor. (Harmen Wind in: Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur, blz. 197)
De poëzy fan Van der Wal falt op troch it rynsk brûken fan bylden en fantasij. De taal is ferrassend troch it grutte tal nijfoarmingen dy’t de dichter brûkt. Wurden as: ‘tinkwjirms’; ‘ljochtbloedsûgers’; ‘dreamloft’; ‘sinnefûgels’ en ‘tovertriennen’ eksistearje yn syn fersen en meitsje se fakentiids ta in barok gehiel. Faak giet it ek oer tsjinstridige gefoelens, sa't ek Jelle van der Meulen yn syn besprek fan Kristus Pavlov fêststelt. Somtiden fynt er it lestich dy gefoelens benei te kommen: 'Van der Wal, ik schreef het al eerder, schrijft geen gemakkelijke poëzie. Er staat ook in deze bundel een aantal gedichten waarin de beeldspraak en de taal prachtig aandoet, maar waarvan ik ook na een paar keer zorgvuldig lezen niet zou durven zeggen wat er nu precies staat. Dat is overigens niet erg.'
Van der Wal wie it net altyd iens mei de ynterpretaasje fan de gedichten yn Kristus Pavlov. Sa liet er him yn negative sin út oer benammen in resinsje fan Abe de Vries yn it Friesch Dagblad. Syn útlittingen laten ta polemyk op de sosjale media en waarden û.o. troch Eeltsje Hettinga [3] foarsjoen fan kommentaar.
Ek Josse de Haan [4] stelt krekt as Jelle van der Meulen fêst dat Van der Wals poëzy net samar te ynterpretearjen is: 'Van der Wals poëtika moat ferovere wurde'. Hy hat in soad wurdearring foar it wurk fan Cornelis van der Wal. Syn besprek fan Wolf yn harnas slút er sa ôf: 'It is eksistinsjeel wurk en gjin yllustraasje by de wurklikheid, of in imitaasje fan dat watst al om dy hinne sjochst. Dat mearsinnige makket it ferskil. De behearsking fan de taal, de útdaging om wurdgroepen te meitsjen dy’t hast as neologismen de taal aktivearje, dat allegearre makket dizze Fryske dichter ta in bysûndere skriuwer.'
Op 14 oktober 2021 sil Van der Wal yn it ramt fan it Transpoesie poëzijfestival in optreden op de Europeeske Dei fan ’e Talen [5] yn Brussel fersoargje.
Boarnen foar dit stik
[1] Sietse de Vries, LC 04-11-1993 (fraachpetear)
[2] Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
[3] Eeltsje Hettinga, 21-04-2013
[4] Josse de Haan, De Moanne 21-12-2016
[5] Skriuwersboun, 10-05-2021
List fan belangrykste wurk
Poëzy
1991: In nêst jonge magneten
1997: Sinnestriel op it offermes
2003: Subsydzje foar de graal
2004: Skalder en it swurd
2006: Singeliere krusing tusken aap en preester / Zonderlinge kruising tussen aap en priester
2007: Hûn oan 'e himel
2011: Kristus Pavlov
2016: Wolf yn harnas
Proaza
2008: Kening Kees
Prizen
1993: Fedde Schurerpriis foar: In nêst jonge magneten
Mear ynformaasje
Fryske dichters om utens Omrop Fryslân 11-12-1994
Sietse de Vries, fraachpetear LC 09-01-2004
Hedwig Terpstra, fraachpetear op Ensafh, 27-05-2011
Sietse de Vries, fraachpetear LC 02-12-2016
Eigen webside
Skriuwerslibben op ynternet, Omrop Fryslân, 28-01-2001
Tsjomme Dijkstra, Ensafh 13-10-2021 (fraachpetear n.o.f. meidwaan Transpoesie)
Media
Picture poem: 'De Reizger'. Produksje: Metafoor Media, yn opdracht fan Tresoar
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.
©Tresoar, 13-09-2021