Berne: 21-04-1963, GROU

Libben en wurk

Syds Wiersma is berne en opgroeid yn Grou. Nei de middelbere skoalle studearre er in skoftke oan de universiteit fan Wageningen. Dêr sleat er him oan by inkele jonge dichters en begûn er Fryske poëzy te skriuwen.

Hy debutearre yn literêr tydskrift Hjir (nû.5, 1987) mei de fersen ‘Alde Slinke’ en ‘Fryslân op syn iepenst’. Fan 1990 oant en mei 1994 makke er diel út fan de redaksje fan Hjir. Hy publisearre dêrnjonken fersen yn Fersefariaasje, jongereinblêd Sjederrr!!! en yn de Fryske Skriuwerskalinder.

Nettsjinsteande syn net-tsjerklike eftergrûn sleat er him oan by de R.K. tsjerke, nei ferskate reizen troch Súd-Europa. Hy begûn in stúdzje teology oan de Katholieke Theologische Universiteit Utrecht, dêr’t er yn 2003 ôfstudearre. Dêrnei die er promoasjeûndersyk nei de godtsjinstdebatten tusken joaden en kristenen yn de trettjinde iuw yn Spanje en it opkommend anti-judaïsme dêr. Yn 2015 promovearre er op in proefskrift oer it wurk fan de Katalaanske dominikaan Ramón Martí (1220-1285), de earste grutte kristlike hebraïst en arabist yn Europa.

Yn boekfoarm debutearre Syds Wiersma mei de bondel Alles wat ik net betinke woe (1992). De 30 fersen yn de bondel binne ûnderbrocht yn trije skiften; ‘Dreamen achter beammeswart’, ‘Folslein dysels’ en ‘Prisma’. In part fan de fersen stiene earst yn Hjir, allinnich hat de dichter de measten, mear of minder, oanpast en feroare foardat se yn de bondel kamen. De bondel waard troch de ferskate besprekkers posityf ûntfongen. Wiersma hâldt him net oan in fêste fersfoarm, de bondel befettet sonetten, frije fersen en inkelde haikû’s. De ûnderwerpen dêr’t er oer dichtet binne metafoaren fan it libben, in syktocht nei feiligens, leafde en it efterlitten fan de bernetiid. De wurden ‘hûs’ en ‘snie’ komme opfallend faak foar. In hûs stiet foar feiligens, mar alles is net sa’t it liket. Der binne dingen dy’t de feiligens trochbrekke; yn de pleats wurdt net mear buorke, heit en mem binne har eigen wegen gien. Yn it fers ‘Nachtrein’ beskriuwt er it sa: ‘Unbewenber is dit hûs/mei sigende fêstichheden/lekkende dreamen/kreakjend ferlet’. Neffens besprekker Jan Kooistra (Hjir, nû. 2, 1993) stiet it tema ‘snie’ by Wiersma foar it bedekken fan de dea, mar ek foar it grutte ûnbekende. Hy skriuwt fierder: ‘Faak stiet dit motyf net allinne, mar wurdt it kombinearre mei stilte, nacht, keale swarte beammen en it befêrzen wêzen fan ierde en gefoel’.

Tusken 1994 en 2009 publisearre Wiersma gjin poëzy. Yn twa Ljouwerter gelegenheidsbondels, Poëtisch Leeuwarden. Een wandeling in gedichten (2007, besoarge troch Arjan Hut) en de bondel oer de Hollanderwyk (2009), makke er syn ‘rebút’ mei twa gedichten yn it Nederlânsk.

Yn 2016 publisearre er Raffelwjok, in bondel mei âlder en ek mear resint wurk oer tema's as lânskip en leafde, besteande út koartrigelige fersen. Abe de Vries [1] seach ferrassende gedichten, mar wie tagelyk fan miening dat mei mear omtinken foar foarm en technyk noch hiel wat wûn wurde kin. Nei oanlieding fan dy fêststelling rjochte de dichter him fia sosjale media ta De Vries mei de opmerking dat de resinsint blykber net ûnderkend hie dat de keazen foarm dy fan de 'tanka' is, in Japanske dichtfoarm, in extended haiku mei 5-7-5-7-7 wurdlidden. Eppie Dam [2] sinjalearre in bondel mei 'fynbeslipe fersen', hy hie der fjouwer stjerren foar oer en sette de bondel yn syn jieroersjoch op it earste plak.

Yn 2017 folge Twintig liefdes een Saudade / Tweintich leafdes in Saudade, basearre op de bondel Veinte poemas de amor y una canción desesperada (Twintig liefdesgedichten en een wanhoopslied) fan Pablo Neruda. Neffens de begeliedende tekst giet it hjir om in Nederlânsktalige bondel dy't troch de dichter oerset is yn it Frysk. Elmar Kuiper [3] wie fan betinken dat it Nederlânsk Wiersma 'net sasear yn it bloed' sit, mar dat him by de minder persoanlike ûnderwerpen 'aardich' ôfgiet. Sa stelt Kuiper it úteinlik fêst: 'De taal fan de leafde bliuwt de taal fan it hert'. Hy hat wurdearring foar de metafoaren dy't Wiersma brûkt en ek foar de bondel as gehiel, dy't er fjouwer stjerren joech.

Yn 2019 folge Lân sûnder ljurk, in ôfwikseljende bondel mei in ferskaat oan fersfoarmen. Elmar Kuiper [4] hie wurdearring foar de lyryk en seach in pear baas gedichten. Tagelyk wie er fan betinken dat de retoaryk syn doel ek wolris wat foarbyskeat.

Oare aktiviteiten
Yn 2017 naam Wiersma is ynisjatyf ta it kollektyf Dichters fan Fryslân. Nei oanlieding fan feninige diskusjes oer de proseduere dy’t de Provinsje opsteld hie foar it beneamen fan de earste Dichter fan Fryslân stelden de Dichters fan Fryslân út om 24 dichters foar twa jier te beneamen: alle moannen in nije Dichter fan de Moanne. It foarstel waard net oernommen troch de Provinsje, mar it kollektyf gie yn 2018 fierder ûnder de namme RIXT [5], benammen ek út argewaasje oer it hast folslein ûntbrekken fan de Fryske literatuer en poëzy yn it kulturele haadstêdprogramma fan LF2018. Wiersma waard skriuwer fan de Stifting RIXT, it kollektyf bestiet ûnderwilens út mear as fyftich dichters.

Yn it deistich libben is Syds Wiersma koördinator [6] fan it Frysk Film Argyf, dat húsfêste is yn it gebou fan Tresoar. Hy hat ferskate artikels publisearre oer de Fryske filmskiednis.  

Boarnen foar dit stik
[1] Abe de Vries, FD 15-10-2016
[2] Eppie Dam, LC 07-10-2016
[3] Elmar Kuiper, LC 15-06-2018
[4] Elmar Kuiper, LC 13-12-2019 (besprek Lân sûnder ljurk)
[5] Webside Dichterskollektyf Rixt
[6] Webside Frysk Film Argyf

WURK

Poëzy
1992: Alles wat ik net betinke woe
2016: Raffelwjok
2017: Twintig liefdes een Saudade / Tweintich leafdes in Saudade
2019: Lân sûnder ljurk

Ferskaat
2018: It leafst bin ik in fûgel (mei oaren)

Prizen
2020: Rely Jorritsmapriis - It famke (gedicht)

Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 11-11-2016 (fraachpetear n.o.f. it ferskinen fan Raffelwjok)
Geart Tigchelaar, Ensafh. 12-04-2018 (fideobesprek Tweintich leafdes in Saudade)
Arjan Hut, FD 16-08-2019 (út de searje Poëzij Priuwe)
Edwin de Groot, Ensafh jiergong 11, nûmer 6 (besprek Lân sûnder ljurk)

Foto Tresoar -  Haye Bijlstra

©Tresoar, 08-08-2020