Berne: 31-12-1945, LIPPENHUZEN
Ferstoarn: 30-09-2020, Warns

Libben en wurk

Mindert Wijnstra waard op âldjiersdei 1945 berne te Lippenhuzen. Syn heit wie boer, en al hie Mindert as jonge gauris meiholpen op de pleats, hy woe syn heit net opfolgje. Syn doel wie om it ûnderwiis yn. Oan de kweekskoalle yn Drachten hat er de oplieding folge, mar hy kaam foarearst net foar de klas te stean.

Neidat er syn ûnderwizersoplieding ôfmakke hie, koe er oan 'e slach by it jeugd- en foarmingswurk yn Stiens. Dêr hat er fjouwer jier wurke. Doe krige er in beneaming as haad fan de ienmansskoalle te Warns, op dat stuit in skoalle mei tsien learlingen. Letter woeks dat tal oan, der kamen mear learlingen en inkelde kollega's by. Doe't Wynstra bekendheid krige as skriuwer en ferhaleferteller, begûn er him dêr mear op te rjochtsjen en luts er him foar in part werom út it ûnderwiis. Wynstra wie troud en heit fan twa dochters. De âldste dochter, Babs, is yllustratrise fan boeken. Sy hat de yllustraasjes makke by de berneboeken fan har heit, werûnder It hûs fol ferhalen (1992) dat datselde jiers bekroand waard mei de Simke Kloosterman-priis en foar de bondel mei, troch Wynstra bewurke folks- ferhalen, It kweade wiif fan Hylpen (1997).

Skriuwer
In priisfraach fan de provinsje begjin jierren santich, wie foar Mindert Wynstra in oantrún om  te skriuwen. Hy skreau in absurdistyske ienakter mei de titel 'Se wist net dat de wolf in ûndier wie' en krige dêr in earfolle fermelding foar. Syn debút yn boekfoarm wie yn 1982 mei it berneboek Kninekeutels yn it oerwâld. It ferhaal waard frij posityf ûntfongen, reden foar Wynstra om troch te gean. De stof foar syn twadde boek, Tante Ka en oare ferhalen (1986), helle er út de brieven, dy't in nei België ferhuze freondintsje fan syn dochter, har skreau. It boek waard dat jiers nominearre foar de Simke Kloostermanpriis, de, trijejierlikse literêre priis foar berne- en jongereinliteratuer yn Fryslân.

Hy skreau net allinne foar bern en jongerein, mar ek foar grutten. Ferhalen fan syn hân waarden publisearre yn de literêre tydskriften Hjir en Trotwaer. In ferhaal fan Wynstra dat opnaam wie yn it jongereinnûmer fan Hjir, wie foar de provinsje oanlieding om him te freegjen in jongereinboek te skriuwen. Dat resultearre yn de útjefte fan NUL-NUL (1988), in modern jeugdboek dat spilet yn twa hiel ferskillende miljeus. Wynstra hie yn dat boek ek it taalgebrûk oanpast oan de moderne tiid. Dat die er mei opsetsin, omdat er in boek skriuwe woe dat de hjoeddeiske jeugd oanspruts. Syn folgjende boek skreau er ek op fersyk. Diskear frege Durk Hibma, direkteur fan de stichting 'It Fryske Boek', Wynstra om it berneboekewikegeskink 1992 te skriuwen. Dat boek, foar it earst aksjeboek foar bern neamd, fersoarge er tegearre mei syn âldste dochter Babs. Mindert skreau de ferhalen en Babs makke de yllustraasjes. It boek, mei de titel It hûs fol ferhalen, wie in grut sukses. Heit en dochter waarden beleanne mei de Simke Kloostermanpriis.

Yn datselde jier waard Wynstra ek nominearre foar de Premio Europeo di Letteratura Giovanile, in ynternasjonale priis foar berneboeken, dy't yn Padua takend wurdt. Yn 1994 is It hûs fol ferhalen pleatst op de earelist dy't de IBBY (International Board on Books foar Young People) ynsteld hie. Mar dat wie net de iennige ynternasjonale erkenning foar it boek. It hûs fol ferhalen waard yn 1996 yn Japan útbrocht. Oerset troch frou Yukiko Kobayashi, op basis fan in spesjaal foar dat doel makke Ingelske oersetting fan Paul Biesta. Yn 1998 waard der nei de Japanske ek noch in Koreaanske oersetting útbrocht.

Mindert Wynstra hie yn 1987 de einredaksje fan it boek Heechterp en it geheim fan de stien. Dat boek, útkommen nei ôfrin fan in rige programma's foar de Fryske skoalleradio, dêr't skoalbern hieltyd suggestjes yn joegen foar it ferfolch fan it ferhaal, is troch ûnderskate berneboekeskriuwers útwurke.

Oan de boeken dy't Wynstra skreau, is in ûntjouwing ôf te lêzen fan de mear realistyske fertelling nei de fantastyske. Syn, yn 1997 ferskynde boek, It kweade wiif fan Hylpen: in ferhaletocht troch Fryslân oan 'e hân fan sechstich folksferhalen, wie dêr in dúdlik bewiis fan. Yn dat boek fertelt Wynstra besteande folksferhalen, sêgen en leginden, op syn eigen wize nei. Ek dat boek waard wer yllustrearre troch syn dochter Babs. Al yn 1998 kaam der in twadde printinge fan it boek út. Fan It hûs fol ferhalen, ferskynde yn 1999 de 3e printinge. Yn 2000 joech de Afûk it berneboek, Ast gelok hast, fan him út. By Bornmeer kaam yn 2004 Trije Sinten, trije ferhalen, yn it ljocht. Foar ynformaasjesintrum Mar en Klif skreau Wynstra yn 2005 yn it Nederlânsk, Het geheim van Elfbergen.

In folgjend projekt fan Wynstra wie in wurdboek foar pjutten en beukers, basearre op de earste tûzen wurden dy't bern har eigen meitsje yn de taal. It boek mei de titel Myn earste Fryske Van Dale, ferskynd april 2006. It wie de Fryske ferzje fan in Hollânsktalige útjefte fan útjouwerij Van Dale yn 'e mande mei De Friese pers. Yn it rynsk yllustrearre boek waard elk trefwurd mei in gedichtsje en in yllustraasje ferklearre. Dêrnei folge noch in hiele rige berneboeken, mei Jesse, dat mei help fan freon en skriuwer Thys Wadman koart foar syn ferstjerren útbrocht waard, as lêste.

Ferhaleferteller
Aardichheid oan toanielspyljen hie Mindert Wynstra altyd al hân. As jonkje mocht er graach toanielspylje en foardrage. By foardrachtwedstriden en letter by it 'Ferstifal', de foardrachts- kriich foar bern, foel er wol gauris yn 'e prizen. Syn heit skreau wolris in toanielstikje, miskien dat dy leafde fan dy kant kaam. Op de kweekskoalle skreau er foar de skoalkrante toanielresinsjes en in skripsje oer absurdistysk toaniel. Hy spile doe mei yn de toanielgroep om Roel Oostra hinne. Yn Stiens kaam er yn 'e kunde mei Pyt van der Zee en dy syn soan Johan, en fia har waard er belutsen by harkspullen foar de radio.

Mar it wie skriuwer Ype Poortinga dy't him op it spoar fan ferhaleferteller sette: by de feestlike oanbieding fan Poortinga syn bondel mei folksferhalen It gouden skaakspul, frege hy Wynstra om in pear ferhalen te fertellen. Dat wie in sukses en Wynstra krige hieltyd faker fersiken om ferhalen te fertellen. Nei in pear jier krige er it te drok en moast er ophâlde mei de fertellerij. Tsien jier letter kaam it iepenloftmuseum fan Arnhim mei de fraach oft er dêr in pear dagen as ferteller optrede woe. Dat foel der sa goed yn dat er betocht, dat it in goed idee wêze soe om dy ferhalen simmerdeis op lokaasje te fertellen. It idee sloech oan, de belangstelling wie oerweldigjend. Wynstra murk doe ek dat de belangstelling foar folksferhalen wer tanaam. It wiene net allinnich toeristen út de rest fan it lân dy't er op syn fytstochten troch de Súdwesthoeke meinaam, mar ek rûnom út Fryslân kamen de minsken wei. Dat wie foar him oanlieding om hieltyd mear syn ferhalen yn it Frysk te fertellen. Wynstra waard yn de rin fan de tiid in ferneamd ferhaleferteller, hy waard rûnom frege en koe der foar in part fan bestean.

Wijnstra skreau ek kollums foar ûnder oaren Omrop Fryslân. Sa lies hy ien kear yn de trije wiken in kollum foar yn it radioprogramma De Barraazje op freedtejûn en wie er kollumnist yn it programma It wapen fan Fryslân. Fierder wurke hy mei oan de skoalleradio- en skoaltelefyzjeprogramma's en hy wie de skriuwer fan de bernetelefyzjerige Fratsen (2012-2014) fan Omrop Fryslân dêr't ek de stim fan pake foar syn rekken naam.

Healwei septimber 2020 waard bekend dat Wijnstra slim siik wie, ein septimber yn datselde jier is er ferstoarn.

List fan belangrykste wurk

Berneboeken
1982: Kninekeutels yn it oerwâld
1986: Tante Ka en oare ferhalen : alve ferhalen oer twa famkes fan sân jier en ien fan fiif
1991: It hûs fol ferhalen (mei yllustraasjes fan Babs Wynstra) (2e printinge 1998-3e 1999)
1996: It hûs fol ferhalen (Japanske útjefte)
1996: Rik yn de loftballon
1998: It hûs fol ferhalen (Koreaanske útjefte)
1999: Ik krijg je nog wel (mei yllustraasjes fan Babs Wynstra) (Nederlânske útjefte, Bekadidact, Baarn)
2000: Ast gelok hast (mei yllustraasjes fan Babs Wynstra)
2007: De stilte fan Joachem (mei yllustraasjes fan Babs Wynstra)
2010: It geheim fan it taalfabryk (mei yllustraasjes fan Natascha Stenvert)
2011: Jancko Douwama: in soan fan Aldeboarn
2014: Mei losse hannen
2014: Gewoan gek op skiednis
2017: Beppe hat in aaipet (Sweltsje-rige)
2018: Bart & Bouke (mei Dolf Verroen)
2018: Sirkus PeM en de ûlewapper
2019: Wa fynt it? (Sweltsje-rige)
2020: Jesse

Jongereinboek
1988: Nul-nul

Folksferhalen
1997: It kweade wiif fan Hylpen: in ferhaletocht troch Fryslân oan 'e hân fan sechstich folksferhalen (mei yllustraasjes fan Babs Wynstra) (2de pr, 1998, 6de pr. 2010)
2006: It lân achter de heuvel (30 bisteferhalen mei yll. fan Babs Wynstra, ek op CD)
2009: Fan duveldrek oant Hoarnstreek (ferhalen út Frentsjeradiel, yn gearwurking mei Neeltje Bonnema en Jetske Bilker
2014: De seefrou

Toaniel
2004: De fiifde dei (foar Berne-iepenloftspul Easterwierrum

Oersettingen
2012: Karina Schaapman - It mûzehûs
2012: Karina Schaapman - It mûzehûs 2 (Sam en Julia yn it teater)

Ferskaat
1995: Nijefurd (foar de Stichting Beeldende Kunst-Friesland)
2004: Trije Sinten, trije ferhalen
2005: Het geheim van Elfbergen (foar it Informatiecentrum mar en Klif)
2007: Myn earste Fryske Fan Dale (foarlêswurdboek, mei yllustraasjes fan Paula Gerritsen)
2008: Myn twadde Fryske Fan Dale (foarlêswurdboek, mei yllustraasjes fan Paula Gerritsen)

Prizen
1992: Simke Kloostermanpriis foar: It hûs fol ferhalen
2005: Sulveren bledwizer fan de Berneboekesjuery foar it gedicht: Hampelman en Hampelfrou
2007: Bongelboekepriis fan de Pabûstudinten foar: It lân achter de heuvel
2008: Sulveren spjelde fan de berneboekesjuery foar it ferhaal It âld hynder

Nominaasjes
2010: Simke Kloostermanpriis, De stilte fan Joachem
2016: Rink van der Veldepriis, De seefrou
2022: Simke Kloostermanpriis foar Jesse

Mear ynformaasje
Eigen webside: http://www.mindertwijnstra.nl/
Wikipedy
Omrop Fryslân, 20-09-2020 (bekendmakking tastân Wijnstra)
Jacob Haagsma, LC 04-09-2020 (fraachpetear)
Kirsten van Santen, LC 02-10-2020 (ferstjerren Mindert Wijnstra)
De Moanne, 01-10-2020 (oersjoch fan publikaasjes n.o.f. syn ferstjerren)
Douwe Kootstra, FD 02-10-2020 (in memoriam)

©Tresoar, 04-11-2020