Berne: 24-12-1945, LJOUWERT
Ferstoarn: 01-10-2010, ARNHEM

Libben en wurk

Harmen Wind is berne op 24 desimber 1945 te Ljouwert, hy groeide op yn Aldeboarn. Yn Drachten folge er de ûnderwizersoplieding oan ’e kweekskoalle en dêrnei hat er yn Amsterdam Nederlânsk studearre.

Fan 1972 oant 1976 wie Wind learaar Nederlânsk op it Nassau Kolleezje op It Hearrenfean, dêrnei oan it Groen van Prinsterer College yn Doetinchem. Letter waard er beneamd as lid fan de direksje fan de learare-oplieding fan de Iselinge-Hogeschool yn dat plak. Hy wenne lang yn Doesburch.

Dichter
Yn de tiid doe’t er yn Amsterdam studearre begûn er mei it skriuwen fan gedichten yn it Hollânsk, guon dêrfan stjoerde er op nei it literêr tydskrift Spektator en ta syn fernuvering waarden se fuort pleatst. Mei skriuwen yn it Frysk begûn er nei’t er gedichten fan in jong ferstoarne omke lêzen hie. Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries (Leeuwarder Courant 25-09-1998) sei er dat er him dêrnei suver ferplichte fielde om yn de tradysje fan syn omke te stappen en ek Frysk te skriuwen. Sûnt dy tiid skriuwt Harmen Wind yn beide talen Hy debutearre yn it Frysk yn 1985 mei de bondel Ut ein, dêrnei kaam der fan him likernôch om de twa jier in Fryske en om de trije jier in Hollânsktalige bondel út. Hy is ien fan de meast produktive Fryske dichters, mar seit dat er nea foar ien taal kieze sil. Hy ferklearret syn driuw om te skriuwen út in ferlet om net spoarleas te bliuwen, hy wol merktekens efterlitte. Yn dy tekens is er dwaande om foar himsels in wei te finen nei it antwurd op de fraach nei de sin fan it libben, in antwurd dat alle minsken sykje mar dat hy it bêste op skrift ûnder wurden bringe kin. Poëzy jout him in kâns om as minske út te finen wêr’t er stiet, wat er fynt en hoe’t er tinkt. Yn syn fersen siket er antwurd op syn fragen nei flechtigens en fiksaasje, ivichheid en fergonklikheid. Takomstdreamen, de grutte leafde, it dichterskip, it leauwen, syn heit en it ferstjerren fan syn heit en mem binne ûnderwerpen dy’t yn de fersen fan Wind gauris weromkomme

Skriuwer
Hy debutearre as proazaskriuwer yn 1998 mei de histoaryske roman De izers fan ’e frijheid oer de Fryske frijheidsstrider Jancko Douwama, dy’t libbe fan 1482 oant 1533. Ien fan de boarnen dy’t er brûkt hat by it skriuwen fan de roman binne de mear as 700 siden oan deiboeken en memoires, dy’t Douwama sels neilitten hat (yn 1849 troch it Friesch Genootschap ûnder de titel Geschriften útjûn). Hy set Douwama yn it boek del as in held mei minsklike proporsjes, hy wikselet beskriuwingen fan syn dwaan en litten as frijheidsstrider ôf mei brieven dy’t er as finzene oan syn frou skreau.

Yn 2002 ferskynde syn earste Hollânsktalige roman Het verzet, in roman oer it ferset fan in heit tsjin de feroarings yn tsjerke en maatskippij en it ferset fan de soan tsjin de heit. De roman w aard tige goed ûntfongen troch lêzers en kritisy, hy krige der de Debutantenprijs 2003 foar. Yn 2004 kaam in Fryske oersetting/bewurking fan it boek út ûnder de titel It ferset, op 'en nij útjûn yn 2010

Yn 2001 set Harmen Wind de mânske roman Piksjitten op Snyp fan Josse de Haan oer, dy’t troch Meulenhoff útjûn waard ûnder de titel Kikkerjaren.

Yn 2008 ferskynden twa Fryske proazawurken, Lek en brek. fjirtich fabels en Om it libben. Foar mear oer it lêste, sjoch hjir .

Wurk

Dichtwurk
1985: Ut ein
1989: In wjirm mei in izeren rêchbonke
1992: Boppe wetter
1995: Op alle dagen
1996: Plak
1998: Wei
2000: Op sân
2002: By heech en by leech
2005: Ierdewurk
2005: Ta swijen - in hymne = Tot zwijgen - een hymne
2010: Heechtiid

Romans
1998: De izers fan 'e frijheid
2004: It ferset (bewurking fan Het verzet 2002; 2e pr. 2010)
2008: Om it libben
2012: Rekkenskip

Ferskaat
2003: In dynamyske diskusje
2008: Lek en brek - fjirtich fabels

Oersetwurk
2001: Josse de Haan, Kikkerjaren (oersetting fan Piksjitten op Snyp)
2004: Ernst Langhout en Johan Keus, Dylan yn it Frysk, measte teksten fan de CD
2005: idem, Dylan yn it Frysk II, measte teksten fan de CD

Foar in folslein oersjoch fan al Wind syn 40 boekepublikaasjes, mei ynbegryp fan it Nederlânsktalich wurk, kies de boppe oanjûne link nei de katalogus fan Tresoar. Klik dan yn de linkerkolom 'Filter' en kies 'Materiaalcode/Boeken'.

Prizen
1987: Fedde Schurerpriis foar Ut ein
2003: Debutantenprijs foar Het verzet
2006: Rink van der Veldepriis foar It ferset

Nominaasjes
2013: Shortlist Gysbert Japicxpriis mei Heechtiid

Mear ynformaasje
Skriuwerslibben, Omrop Fryslân,19-11-2000 (portret)
Teake Oppewal, Levensbericht Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde 2014, p. 195-207
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Wikipedia
Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)
Arjan Hut, De Moanne 01-10-2020 (oer dichtwurk Harmen Wind)

©Tresoar, 04-11-2020