Berne: 13-10-1944, HEECH
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Gryt van der Meer is berne yn Heech. Dêr hat se mar koart wenne, se is grut wurden yn Aldegea (W). Dêr wennet se noch. Se ferlear har mem doe’t se fjouwer jier âld wie. Op dat stuit wie se noch te lyts om begripe te kinnen wat der barde. Dat besef kaam krekt doe’t se sels de leeftyd hie as har mem doe’t dy ferstoar.
Ynteresse foar poëzy wie der by Gryt van der Meer al op jonge leeftyd. Thús waard in soad lêzen, dat hearde der gewoan by. Gryt begûn al op jonge leeftyd mei skriuwen, se hold in deiboek by mar skreau ek poëzy. Publisearje die se de gedichten net. Wol skreau se gelegenheidsfersen foar oaren, dy’t fakentiids foardroegen waarden. Mei it gedicht ‘‘k Wie trije jier’, wûn se in gedichte-wedstriid dy’t de Kulturele Ried fan Wymbritseradiel útskreaun hie (1989). By it winnen fan dy priis hearde ek in les yn poëzyskriuwen fan Bouke Oldenhof. Oldenhof trune har oan om mei har wurk nei bûten te kommen. Se folge de rie op en stjoerde har wurk nei literêr blêd Hjir, it blêd Frysk en Frij en de Skriuwerskalinder. Alletrije publisearren se dêrnei geregeld fersen fan har.
In kear yn har wurk kaam doe’t se healwei de fjirtich wie, de leeftyd werop’t har mem ferstoarn wie. Se koe doe einlings yn har fersen it ferlies fan har mem in plak jaan. In stimulâns foar har wie boppedat it takennen fan de Rely Jorritsma-priis foar poëzy, dy’t se yn 1996 krige foar har fers ‘Gearrin’.
Fan de fersen dy’t se yn dy perioade skreau binne tritich opnaam yn har debútbondel Prelude (1998). De útjefte wie in grut sukses, de bondel wie al nei trije dagen útferkocht. En de twadde trije moanne letter ek. Weromkommende tema’s yn de fersen binne jeugd, relaasjes en de natuer.
Gryt Witbraad is net allinnich feardich mei de pinne, se hâldt har ek dwaande mei it meitsjen fan skilderijen, akwarellen en pintekeningen. De yllustraasjes op it omkaft fan har dichtbondels binne dan ek fan har hân.
Har twadde bondel, mei de titel Dagen, ferskynde yn 2001. De dichteres beskriuwt yn har fersen de ferskillende fasen fan it minsklik bestean en de fergonklikheid fan it libben. De bondel waard troch de ferskillende besprekkers mear en minder posityf besprutsen: Pier Boorsma wie posityf en neamde it ‘meinimmende poëzy’ (Friesch Dagblad, 23-01-2002). Babs Gezelle Meerburg wie minder te sprekken en fûn dat Witbraad de ferwachtings dy’t se mei har eardere bondel oproppen hie, net wiermakke (Leeuwarder Courant, 22-02-2002).
In hiel oar projekt wie it boek dat se yn 2005 yn ’e mande mei har broer Pieter yn it ljocht joech. Yn dy útjefte, mei de titel Bôle mei fla der oer – portretten út Aldegea, binne koarte libbensferhalen opnaam fan santich ynwenners fan Aldegea (W). De byhearrende foto’s binne makke troch Pieter van der Meer (Grou). Mei twa útfierend muzikantes, Elly Tiesma en Jeanette Valkema, brocht Gryt Witbraad lange jierren in programma mei poëzy en muzyk, ûnder de titel ‘Kulturele Reis’, mei gedichten, fluit, gitaar & sang’, foar it fuotljocht.
Gryt Witbraad skriuwt alle moannen in kollum yn de Aldegeaster doarpskrante De Nijsljochter.
Wurk
Proaza
2015: Swije (novelle)
Poëzy
1998: Prelude
2001: Dagen
2005: Bôle mei fla deroer - portretten út Aldegea
2018:Poetic Potatoes (mei oaren)
Prizen
Rely Jorritsma-priis (foar fers ‘Gearrin’)
Rely Jorritsma-priis (foar fers ‘Simmersêne’)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)
YouTube, 27-09-2015 (Gryt Witbraad lêst foar út Swije)
©Tresoar, 16-10-2019