Berne: 25-02-1973, UTERT
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Henk Wolf is dosint taalkunde en Frysk by NHL Hogeschool yn Ljouwert en Grins. Hy stiet bekend as ‘taalprofessor’ troch syn rol yn de televyzjesearjes Praat mar Frysk en Skriuw mar Frysk op Omrop Fryslân. Henk Wolf publisearret geregeldwei yn de tydskriften Hjir,De Moanne, Arrivareizigersmagazine en Farskskrift (soms ûnder skûlnamme: J. Veenstra). Fierders makket er sawol oersettingen as dat er eigen wurk skriuwt.
Hy hâldt him ek dwaande mei de folgjende saken: ynsprekwurk by fideoproduksjes; columns skriuwe oer de Fryske taal yn blêden as De Moanne; oersetwurk (sawol fiksje as non-fiksje); ûndersyk nei en publikaasjes oer wurdfolchoarder en taalgebrûk; it meitsjen fan toetsmateriaal foar û.o. it CITO; kolleezjejaan op it mêd fan taalkunde en taalfeardigens yn it hbû; meiskriuwe by de ûntwikkeling fan ûnderwiismateriaal, benammen foar it Frysk.
Tematyk en resepsje
De bondel Wûnderaardichheden waard publisearre yn 2006. De dêryn opnommen ferhalen en rimen slute kwa motiven, pratende bisten en boppenatuerlike ferskynsels oan op de njoggentjinde iuwske folksliteratuer sa’t dy te finen is yn Rimen en Teltsjes fan de bruorren Halbertsma. Dêrby is de humor noait fier fuort. Abe de Vries konkludearre yn syn besprek: ‘Henk Wolf hat in ferrassende bondel skreaun, dy’t mei al syn boarterij en lichtfuottigens dochs ek gâns ambysje sjen lit. Mear as wolkom!’ [1]. Ek Liuwe Westra wie entûsjast oer sawol de ferhalen dy’t er priizge om har orizjinaliteit as it Fryske taalgebrûk: ‘Der mankearret neat oan, en dat sis ik samar net’. [2]
Ek yn 2006 ferskynde Youmir. Soan fan in túnslang. It ferhaal is in persiflaazje op de persoanskultus dy’t ûntstie om Youmir doe’t dy wat healwize útspraken die. As soan fan in túnslang wurdt him samar in religieuze status takend, kompleet mei godstsjinstige eleminten as it krús, foarsizzingen en genede, alles optsjinne mei in fikse poarsje humor. Jelle van der Meulen koe der wol respekt foar opbringe: ‘Wolf weet deze wonderbaarlijke geschiedenis in een levendige taal en goed gedoseerd te vertellen waardoor het quasi-historische verhaal echt overkomt en als een heerlijke satire op religieuze volksverlakkerij gelezen kan worden’. [3]
Yn 2015, op Peaskesnein, fleach in markol troch it foarrút fan Henk Wolf syn auto. Dêrby waard Wolf rekke yn it each, wat him in soad ellinde oplevere. Ynearsten like it der sels op dat er it sicht yn syn rjochtereach misse moast. Doe’t it letter dochs noch goed betearde, besleat Henk Wolf oer dit ûngelokkige foarfal in boek te skriuwen. Dat waard it Nederlânsktalige Een meerkoet in mijn oog, oars in boek mei in fikse flut Frysk deryn.
Boarnen foar dit stik
[1] Leeuwarder Courant, 26-05-2006
[2] Farsk, 2006
[3] Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Bibliografy
Proaza
2006: Wûnderaardichheden (teltsjes en rimen)
2006: Youmir, soan fan in túnslang
2016: Een meerkoet in mijn oog
Ferskaat (fiksje), in seleksje
2006: De loft yn (yn: E. Bruinsma & B. Wytsma (red.), It each fan de griffioen, Ljouwert: Utjouwerij Fryslân, p. 52-64)
2009: Goeie saak (yn Soepboer, A. & A. de Vries, Giftige zomer/Giftige simmer, Leeuwarden: Friese Pers Boekerij, p. 79-84)
2014: Flotgers (yn: E. Bruinsma (red.), Komt in man by syn frou, Ljouwert: Afûk, p. 75-80)
Oersettingen
2005: De fizioenen fan Mary (The vision fan Dean Koontz)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Eigen webside (mei ûnder oare in folsleine bibliografy)
Oer oersetting Koontz, LC 24-06-2005
Geert Veldstra, FD 06-12-2016 (fraachpetear n.o.f. Meerkoet in mijn oog)
Jan Ybema, FD 29-01-2021 (oer it Sealtersk)
©Tresoar, 03-03-2021