Berne: 26-06-1801, bOALSERT
Ferstoarn: 22-08-1862, WOLSUM
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Rein Baukes Windsma is berne en opgroeid yn Boalsert. Dêr hat er op skoalle sitten en waard er letter skuonmakkersfeint. Hy troude yn 1824 mei Tryntsje Haagsma, se krigen tegearre fiif bern.Yn 1840 kaam ien fan de bern te ferstjerren en it jiers dêrop ferlear Windsma syn frou. Twa jier neitiid troude er mei Fettsje Piters fan Warkum. Mei har krige Windsma seis bern werfan’t ien as poppe stoar. Yn 1852 ferstoar Fettsje yn it kreambêd, Windsma bleau efter mei fiif lytse bern. Hy soe noch tsien jier as widner libje, yn 1862 ferstoar er te Wolsum.