Berne: 20-03-1867, nij beets
Ferstoarn: 19-06-1954, hilversum
-
Boeken, AV materiaal, artikels
- DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Sjouke de Zee wie in skriuwer en propagandist fan it Frysk en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn dy funksje besocht hy yn 1914 as earste Frysk te praten yn in steatesitting, mar dat waard him ferbean.
Libben en wurk
Sjouke wie in meniste boeresoan dy't him as skriuwer dwaande hâlde mei toanielstikken, revu's (foardrachten) en gedichten. Op 16 april 1982 troude er mei Tryntsje Feenstra, se krigen ien bern.
Hy trede ek wol op as lekepreker en foardrager. Hy waard frege op gearkomsten fan menisten oant sosjalisten en drankbestriders. In skoftlang hat er yn Deinum wenne as tsiismakker. Letter wie er 'manufacturier' yn Jirnsum. Yn 1931 ferhuze er nei Hilversum. Hy bewearde dat er de pompeblêden fan de Fryske flagge yntrodusearre hie.
WURK
Publikaasjes (seleksje)
1917: Stimpers (novelle)
1927: Fen lang forlyn (gedichten)
1929: Myn twadde Amearikareis (reisferslach)
1930: Kleaster Easlum (skiedkundich ferslach)
Mear ynformaasje
Wikipedy