Berne: 03-07-1915, stiens
STOARN: 21-06-1998, ljouwert

Pyt van der Zee wie toanieldosint, regisseur en oersetter. Hy wurke by toanielselskip Tryater dat ûnder syn liederskip in beropsselskip waard. Hy sette (mei syn frou Tryntsje van der Zee-de Boer) tal fan toanielstikken oer.

 

Libben en wurk
Pieter Johannes Cornelis (Pyt) van der Zee waard berne yn 1915 yn Stiens. Hy wurke earst as kapper. Nei in oplieding yn 1960 kaam er yn tsjinst fan de Nederlandse Amateur Toneel Unie om it Fryske amaterteäter te stimulearjen. Hy joech kursussen en fersoarge regys fan û.o. it iepenloftspul fan Jorwert. Fan 1976 oant 1980 wie er de earste artistyk lieder fan toanielselskip Tryater dêr't er ferskate regys foar die, lykas De fûke (1977) en Simson (1980).

Yn 1963 waard op inisjatyf fan it Frysk Nasionael Boun foar it earst in stik út it wrâldrepertoire yn it Frysk útfierd. It gie om In slet fan tsien dollar, in stik fan Jean-Paul Sartre, yn de oersetting fan Anne Wadman, troch heal-profesjonele en de bettere amateurspilers ûnder de profesjonele regy fan Pyt van der Zee. Nei dit sukses waarden noch twa stikken op deselde basis spile en yn 1965 waard de ‘Fryske Toanielstifting’ in feit. Neist it útfieren fan klassyk repertoire waarden ek mear tagonglike stikken spile. Yn 1969 krige de Stifting de namme Tryater. Fjouwer spilers krigen in fêst kontrakt. Fierdere profesjonalisearring krige foaral syn beslach yn it begjin fan de jierren santich. Under lieding fan Pyt van der Zee (by it selskip ek wol 'Pyt See' neamd) groeide Tryater út fan produksjekearn ta in folweardich toanielselskip. In ploech fan 13 spilers krige twa jier lang in yntinsive oplieding. Nei syn tiid as algemien lieder fersoarge Van der Zee noch tal fan gastregys en nei syn pensjoen regissearre er it iepenloftspul fan Menameradiel.

Hy sette (mei syn frou Tryntsje van der Zee-de Boer) ek tal fan toanielstikken oer, lykas wurk fan Noël Coward, Harold Pinter, Jean-Paul Sartre, Anton Tsjechov, William Shakespeare, August Strindberg en Arthur Miller.

Ut syn earste houlik hie er 3 bern. Ien fan har, Johan van der Zee (1942-2018) wie programmamakker by it telefyzjeprogramma 'Van Gewest tot Gewest'.

Priis
Nei Pyt van der Zee is de trijejierlikse priis foar amateurtëater neamd. Winners fan dy priis binne it berne-iepenloftspul (BIS) fan Easterwierrum, toanielskriuwer Bouke Oldenhof, akteur Jan Arendz, teätergroep SULT, aktrise Anny Veenstra en de Jeugdtheaterschool. 

Obe Postmapriis
Yn 1987 advisearre de advyskommisje fan de Obe Postmapriis om de priis ta te kennen oan Piter Boersma,  Harke Bremer, Jarich Hoekstra, Sybe Krol, Jan Schotanus, Romke Toering en Pyt van der Zee foar har oersettingen út ferskillende talen fan toanielstikken dy't troch Tryater spile wiene. Deputearre Steaten besleaten by einsluten om it advys net op te folgjen, mei as argumint dat it reglemintêr net mooglik wie om de priis ta te kennen oan in groep en omdat twa (Piter Boersma en Sybe Krol) de priis wegeren. Yn earste ynstânsje hie DS it 'groepsargumint' net jilde litten, en bûten it reglemint om de priis neffens it advys takend, mar doe't dêrnei twa beëage priiswinners wegeren, waard de takenning ynlutsen.

WURK

Publikaasjes (in seleksje):
1974: Deadedouns (fan August Strindberg)
1984: Wat in ferskining: in hokus-pokuseftige komeedzje yn trije bedriuwen (fan Noël Coward) 
1985: Dreame by Midsimmernacht (fan William Shakespeare) 
1992: It kersehôf (fan Anton Tsjechov) 
1994: Bedroch (fan Harold Pinter)
1995: Mei sletten doarren (fan Jean-Paul Sartre)
1996: Op hoop fan segen (fan Herman Heijermans) 
1998: In skelet yn Ierlan (fan Martin MacDonagh) 
1998: De dea fan in hannelsreizger (fan Arthur Miller) 

Mear ynformaasje

©Tresoar, 18-03-2021

Byld: Tresoar-kolleksje