Berne: 29-07-1940, penjum
STOARN: 28-11-2009, ljouwert
-
BOEKEN, AV MATERIAAL, ARTIKELS
- DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Tryntsje van der Zee-de Boer fertaalde allinne en mei har man Pyt van der Zee (1915-1988) tal fan toanielstikken út it wrâldrepertoire neit it Frysk foar ûnder oare it profesjonele teäterselskip Tryater.
Libben en wurk
Tryntsje van der Zee-de Boer waard berne yn 1940 yn Penjum. Se kaam út in húshâlding fan trettjin bern. Har heit wie skoalmaster. Se groeide op yn in Frysksinnich fermidden. Se kaam yn 1976 te wurkjen (as sekretaresse) by toanielselskip Tryater dêr't har man Pyt van der Zee regisseur en artistyk lieder wie. Mei har beiden setten se tal fan stikken út it wrâldrepertoire oer nei it Frysk. Nei de dea fan har man gie se troch mei it oersetten fan wurk. Se sette sa'n sechtich Nederlânske en bûtenlânske toanielstikken oer nei it Frysk en in soad oare Fryske amateurselskippen, lykas it Burgumer Iepenloftspul. Se wurke ek as taalkorrektor en taalwacht foar Tryater.
Yn 2008 waard se foar har fertsjinsten beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Prizen
Yn 2008 krige Tryntsje van der Zee de Obe Postmapriis foar har oersettingen fan toanielstikken de lêste trije jier. Dat wiene acht, ûnder oare ‘Puntila’ (Bertolt Brecht), ‘Hertsear’ (Edward Albee), ‘De opera’ (Carlo Goldoni) en ‘In protte spul om neat’ (William Shakespeare).
Publikaasjes (seleksje)
1983: Begroetingen (Eugène Ionesco)
1992: It Kersehôf (Anton Tsjechov)
1994: De Mieu (Anton Tsjechov)
1998: De Dea fan in Hannelsreizger (Arthur Miller)
1998: De Hear fan Ocksefurd, of: Frijerij mei Tûkelteammen (Molière)
2003: Hjerst yn Riga (Aleksej Arbuzov)
2003: De Parvenu (Molière)
2004: Hamlet (William Shakespeare)
2005: In Protte Spul om Neat (William Shakespeare)
2005: Puntila (Bertolt Brecht)
2005: De Streken fan Skarlún (Molière)
2007: Trije Susters (Anton Tsjechov)
Prizen
2008: Obe Postmapriis foar meardere toanieloersettingen
Mear ynformaasje
LC 12-12-2008 (Obe Postmapriis)
Wikipedy
©Tresoar, 22-03-2021
Byld: Omrop Fryslân