Berne: 29-06-1956, easterlittens
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy Nederlânsk
Libben en wurk
Ale Sietse van Zandbergen waard grut yn Easterlittens, syn heit wie slachter. Midden jierren tachtich waard er learaar wiskunde oan it ‘Magister Alvinus’ yn Snits, dêr’t er noch hieltyd wurket.
Yn in fraachpetear joech er oan dat er der yn Easterlittens wat útrûn. Sa wie er yn syn jeugd mear ien fan de piano en it postsegelsammeljen as fan it keats- en fuotbalfjild, hy draaide ‘Soft Machine’ en ried op in Puch, in pear fan de autobiografyske details dy’t er ferwurke yn syn debútroman Littenser merke.
Skriuwer
Fan 1979 oant 1986 levere Van Zandbergen geregeld bydragen oan Fryske periodiken, it meast oan De Strikel, it ‘moanneblêd foar Fryslân’. Yn neifolging fan Jan J. Bylsma – ek in Strikelman – begûn er syn twadde inisjaal S. konsekwint te brûken yn syn skriuwersnamme. Mei yngong fan 1984 folge er Rink van der Velde op yn de redaksje fan De Strikel. Hy wie trije jier redaksjelid mar skeide der mei út fanwegen drokten mei wurk, lytse bern thús en ek omdat er ûnder syn publyk de jongere garde miste. Om deselde reden loek er him werom út it bestjoer fan It Skriuwersboun.
Yn april 1988 sette er tegearre mei tekener Geart Gratama útein mei in strip yn it wykblêd Frysk en Frij, ‘Urbe en Orbe. It multifunksjoneel sintrum’. In priuwke is hjirûnder te finen. Yn twa jier ferskynden 82 ôfleveringen.
Letter pakte Van Zandbergen de útdaging op en set útein mei in roman. Yn fjouwer jier tiid skreau er it boek dêr't er yn 2013 mei debutearre: Littenser merke. Sa't er sels oanjoech [1] betocht er de tekst as er op de fyts nei syn wurk gie, fan Ljouwert nei Snits en werom, wêrnei't er de jûns alles fêstlei. Yn it boek binne twa ferhaallinen te ûnderskieden. De earste spilet om 1830 hinne mei dûmny Tinus Lauwman en syn frou Eeuwkje. It echtpear bliuwt sûnder bern, wylst de dûmny wrakselet mei syn leauwen. De oare line spilet yn de jierren sechstich en santich fan de tweintichste iuw. Hjir steane Liuwe, soan fan de pleatslike slachter, en Sabetheli, dochter fan in fegetariër, sintraal. Dy twa groeie stadichoan nei-elkoar ta. üteinlik ferbynt de skriuwer beide linen yn it slot.
Ernst Bruinsma [2] fûn benammen de twadde ferhaalline sterk, tagelyk hie er twifels by de ferbining fan beide lagen. Doeke Sijens [3] wie bot te sprekken oer de libbene útwurking fan de personaazjes mei in soad nijsgjirrige observaasjes. Alle resinsinten wiene it deroer iens dat Van Zandbergen in oanwinst foar de Fryske literatuer is, of sa't Henry Baron it sei: 'This new novelist has enriched the Frisian literary scene'. Foar mear besprekken: sjoch it boekprofyl op dizze side.
Yn febrewaris 2014 krige de skriuwer foar Littenser merke de Rink van der Veldepriis. Yn it sjueryrapport [4] wurdt oer it boek sein: ‘Van Zandbergen lit syn karakters wrakselje mei it feroarjen fan de tiid, en mei harren gefoelens en oertsjûgings, yn in sprankeljende taal en mei in skerp each foar tekenjende details en grutte gebearten allyk'. Yn maaie fan datselde jier krige er ek de Douwe Tammingapriis foar it bêste debút. De roman is opnommen yn de brosjuere 10 books from Holland [5] fan it Letterenfonds, makke mei it each op de Frankfurter Buchmesse fan oktober 2014. Ek by it lêzerspublyk foel it boek yn 'e smaak. Yn 'e hjerst fan 2014 ferskynde de fjirde printing, foar Fryske begrippen in útsûnderlik súkses.
Troch it fallyt gean fan syn útjouwer stapte Van Zandbergen oer nei útjouwerij Het Nieuwe Kanaal. Dêr publisearre er syn twadde roman Famke famke. Ek dizze roman bestiet út twa lagen. Yn beide stiet Haije Alkema, in learaar Nederlânsk, sintraal, yn de earste as puber, wylst de haadpersoan himsels as âldere man yn de twadde laach ûnder eagen komt. De foarfallen wurde út ferskillende perspektiven wei beljochte, û.o. Aam, in treflike learlinge foar wa't er geandewei mear fielen giet, en Saapke, in freondinne. Jaap Krol [6] wie net altyd wei fan de strakke komposysje dy't er wat forsearre oerkommen fûn. Tagelyk hie er wurdearring foar de linige manier fan fertellen, wylst er de sekssênes in 'ferademing yn it Frysk letterlân' neamde. Jelle van der Meulen [6] neamde de útwurking fan it ferskaat oan motiven 'behendig en interessant', mar beoardiele yn syn slotkonklúzje it boek as 'toch wat teleurstellend'.
Bronnen voor dit artikel
[1] Sietse de Vries, LC 28-06-2013 (fraachpetear)
[2] Ernst Bruinsma, Hooy & Gras 31-08-2013
[3] Doeke Sijens, LC 23-08-2013
[4] Juryrapport Rink van der Veldepriis
[5] Ten books from Holland, brochure
[6] Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Bibliografy
Roman
2013: Littenser merke
2017: Famke famke
Prizen
2014: Rink van der Veldepriis foar Littenser merke
2014: Douwe Tammingapriis foar Littenser merke
Nominaasjes
2015: Shortlist Gysbert Japicxpriis mei Littenser Merke
2019: Shortlist Gysbert Japicxpriis mei Famke famke
Mear ynformaasje
De Moanne 15-05-2015 (fraachpetear)
Media
Ale S. van Zandbergen oer Littenser merke :
Truus van Zandbergen, desimber 2013
Boek fan de moanne, april 2014
Foto Niels Westra 2015 / Wikimedia Commons
© Tresoar, 16-10-2019