Berne: 31-10-1924, NIJEHASKE
Ferstoarn: 22-07-1989, BEETSTERSWEACH
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Geart van der Zwaag groeide op yn syn berteplak Nijehaske. Syn âlden hiene dêr in meubelsaak. Nei de legere skoalle gie Geart nei de Ambachtskoalle, soks as tarieding op in takomst yn de saak fan syn âlden. Dêr hat er ek in tal jierren wurke, mar hy murk dat syn bestimming net yn it sakelibben lei.
Yn 1957 stapte er út de saak en sloech er oare wegen yn. Hy gie nei Hengelo (O) foar in stúdzje oan de Sosjale Academy, nei syn ôfstudearjen rekke er dêr oan de slach by de Gemeentlike Sosjale tsjinst. Dêrnei kaam er as maatskiplik wurker oan it wurk yn Stiens. Letter waard er yn Ljouwert bedriuwsmaatskiplik wurker by de PTT.
Van der Zwaag debutearre as dichter yn 1951 yn De Tsjerne mei it fers, ‘De beam by de poartedoar’. De jierren dêrop publisearre er yn in grut tal literêre blêden, sa as: De Golle en Quatrebras (beide blêden hat er sels mei oprjochte), Trotwaer, De Strikel en de Leeuwarder Courant.
As dichter wurdt Geart van der Zwaag rekkene ta de eksperimintelen, in streaming dy’t ûntstie nei de gaos fan de twadde wrâldoarloch doe’t alles dat dêrfoar fan wearde wie syn wearde en betsjutting ferlern hie. Dichters dy’t ta de eksperimintelen rekkene wurde, geaten in fers net mear yn in fêste foarm, sa as bygelyks in sonnet, mar lieten it fers de foarm bepale. Van der Zwaag wie ien fan de jonge eksperimentele dichters dy’t publisearren yn it jongereinnûmer fan De Tsjerne dat ferskynde yn 1967. Foar de Fryske poëzy jilde benammen 1967 as it jier fan de fernijïng, foaral om it grut tal jonge dichters dat doe foar it earst fan har hearre liet.
De literêre produksje fan Van der Zwaag yn boekfoarm is beheind bleaun. Syn earste bondel gedichten kaam út yn 1970 ûnder de titel Skiphok. De bondel wie ien fan earste útjeften fan de KU (Koperative Utjouwerij). Dy Koperative Utjouwerij wie yn datselde jier oprjochte troch in tal skriuwers dy’t it net iens wiene mei it belied fan de besteande útjouwerijen. Geart van der Zwaag wie ien fan de oprjochters, hy hat in tal jierren foarsitter fan de KU west. Yn 1975 ferskynde Twakear 25 quatrinen en yn 1983 Yn ‘t lêst fan de dagen. Fierders kaam der yn 1981 in poster út fan syn fers ‘Therapeutysk gedicht’. Hy wurke yn 1985 mei oan it Frysk Festival-projekt ‘Skipperslatyn’ dêr’t ek in grammofoanplaat fan útkommen is.
Van der Zwaag hat him altyd tige ynset om it skriuwklimaat yn Fryslân te ferbetterjen en om skriuwers en dichters in poadium foar publikaasje te jaan. Hy wie mei-oprjochter fan de dichterstelefoan ‘Opereasje fers’ yn 1968 en hat dêr ek in skoft redakteur fan west. Fierders hie er in sit yn de redaksje fan De Tsjerne en letter fan Trotwaer.
Yn 1990 ferskynde postúm de koarte roman It spoekskip. De novelle beskriuwt it wjerfarren fan twa skipper-broers yn it lêst fan de oarloch. Nei alle gedachten hat Van der Zwaag guon fan syn eigen erfarings as ûnderdûker yn it ferhaal ferwurke.
Geart van der Zwaag wie ek polityk aktyf; fan 1970 oant 1974 siet er foar D66 yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn ‘t lêst fan ’73 sleat er him oan by de FNP (Frysk Nasjonale Partij), mar hat syn tiid as steatelid foar D66 wol ôfmakke.
Wurk
Poëzy
1970: Skiphok
1975: Twakear 25 Quatrinen
1983: Yn ‘t lêst fan de dagen
Proaza
1990: It spoekskip: in oarlochsferhaal út it Wetterlân (ek opnaam yn De fergetten oarloch 2008)
Prizen
1965: Rely Jorritsmapriis foar it fers Skiphok
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)
©Tresoar, 30-10-2019