Yn 1959 skreau de auteur yn De Strikel: ‘Alle foarmen fan journalistike en net-journalistike skriuwerij hie ik sahwat by de hân hawn, útsein it skriuwen fan in roman en fan bernelektuer.’ In bernerubryk yn it Friesch Dagblad wie Tiny oanpraat en se hie der ek net folle fidúsje yn. Mar dat dat in ferkeard oardiel wie, die al gau bliken: se koe net mei de taseine oardel kolom ta. En de bern hellen har, sa’t se skreau, yn harren bernewrâld, dêr’t in ferteller mei fantasy tige wolkom is. Fan 1951 oant 1983 fersoarge se dy rubryk. It wie in twatalige rubryk, al stie it Frysk wol sintraal mei taalleskes en benammen yn de briefkerij mei har jonge lêzers. Se frege de bern materiaal foar de rubryk te leverjen yn de foarm fan ferhalen, ferskes en tekeningen. Dat se genôch stof leveren, docht wol bliken út in sammelbondel dy't yn 1976 ferskynde by it 25-jierrich jubileum fan de rubryk. It boekje belibbe sels noch in twadde printinge (1977).

- Troch Jant van der Weg

De ynstjoerings fan de bern ynspirearren harsels om yn dy wyklikse rubryk fan Nine ferhalen ûnder har eigen namme te publisearjen. Wat se yn de krante publisearre, waard letter bondele, yn twa boeken, Juffer Kuorkebier (1957) en De túnkabouter en oare fytmannen (1980). Dy beide bondels foarmen in echte Fundgrube foar de jonge dielnimmers oan de foardrachtwedstriden, lykas dy sûnt 1941 yn Fryslân holden waarden. Mei dêrtroch is har wurk sa bekend wurden. Op de jierlikse Ferstival-manifestaasje, lykas dy foardrachtwedstriid sûnt 1962 neamd wurdt, waard lang wurk fan har foardroegen.

Freark Dam fertelde yn 2001 yn tydskrift Trotwaer (okt. 2001, s. 326) dat de auteur de earstneamde bondel earst Juffer Kirkenier neamde. No wenne der yn Beetstersweach in famylje èn in juffer mei dy namme. Dêrom waard de titelfiguer feroare yn Kuorkebier. Ek by de yllustraasjes wie de werklikheid tichteby: ien print fan Meinte Walta fan de titeljuffer like tige op in klant fan útjouwer Laverman yn NE-Fryslân!
De bondel De túnkabouter en oare fytmannen befettet neist saken út it bernelibben ek fantastyske ûnderwerpen.

Tiny Diet 2000

Tiny Mulder en Diet Huber. Foto: Jant van der Weg.

Foar dizze bondels ferskynde yn 1954 It boek foar de Fryske bern, dat se makke tegearre mei Jant Visser-Bakker en Diet Huber. It moaie is dat dizze trije nammen wichtich blieken te wurden yn 'e Fryske berneliteratuer. Hjir presintearje se har mei har trijen. Tegearre mei Jant Visser-Bakker levere Tiny Mulder âlde folksfersen, oanpaste folksferhaalmotiven ta koarte ferhalen en gedichten. Diet fersoarge de yllustraasjes. Alle trije hienen se in bernerubryk yn 'e provinsjale kranten: Jant Visser-Bakker yn 'e Leeuwarder Courant, Diet Huber yn 'e Heerenveense, letter Friese Koerier en Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad. Wy kinne wol stelle dat Diet Huber en Tiny Mulder in ynnovaasje ta stân brochten binnen de Fryske berneliteratuer. Se wiene minder moralistysk en anekdoatysk yn 'e poëzij foar bern as har foargongers. Al rillegau waard folle mear fan it bern út tocht lykas dat yn de Nederlânske berneliteratuer barde yn it wurk fan Han G. Hoekstra en Annie M.G. Schmidt. Dat ek Diet en Tiny yn har kranterubryk ynfloed ûnderfine fan dizze dichters is oannimlik. Fan Diet is bekend dat sy by Het Parool Annie MG opfolge. Ek Tiny kaam oer de grinzen lykas ûnder mear bliken docht út har oersettings. Beide dichters ûntdieken it boartsjen mei taal, dat se bewûnderen by Angelsaksyske auteurs as Lewis Carroll en Edward Lear út 'e Ingelske Gouden Iuw fan berneliteratuer. In prachtich foarbyld fan dit taalboartsjen is Tiny har gedicht oer de spin. Neist dy Britske ynfloed is dus de ynfloed fan 'e Nederlânske Annie M.G. Schmidt ek fan belang, hoewol’t Tiny Mulder dêr soms wolris genôch fan hie, sjoch de (auto)biografy Foar alles is in tiid (2006; Geart de Vries). Se seit dêr dat der wis ynfloed wie, mar dat se it in bytsje dom fûn, dat it hieltyd wer neamd waard. De ynfloed fan 'e niisneamde 19e-iuwske auteurs op it wurk fan har en Diet Huber is ommers minstens like wichtich, sa net wichtiger. Se ynspirearren Diet en Tiny en lieten sjen dat fantasy en taalboartsjen ek yn it Frysk mooglik wiene.

BP TM 2 spin

Ofbylding fan it gedicht oer de spin.

De poëzij foar bern fan Tiny Mulder is ek werom te finen yn sammelbondels, lykas yn Bzzz, ferhaaltsjes en ferskes út berneboeken 1-3 (1980). It is in blomlêzing dêr’t wurk yn opnommen is fan meardere auteurs, dat earder yn eigen bondels of yn tydskriften publisearre waard.

Neist gedichten skreau Tiny Mulder ek proaza foar bern. Yn 1959 waard In kibich span, in soarte fan Jip-en-Janneke-ferhaal oer Bouke en Iteke, publisearre foar de jongste groep lêzers. Omslach en yllustraasjes wiene fan de keunstner Meinte Walta. Yn 1981 krige it ferhaal op oanstean fan Berneboekepraat, in wurkgroep foar berneliteratuer fan it Skriuwersboun, noch in twadde, bewurke en aktualisearre printinge. Ommers, woartels jilde dan net mear fjouwer dûbeltsjes en bern geane ûnder de brûs, net mear yn ‘e tobbe. Ek yn 1959 waard it wat minder súksesfolle kabouterferhaal, Rare dokter Dingdong, publisearre.

Hoewol’t har boek Tin iis (1981) dat him ôfspile yn 'e Twadde Wrâldoarloch, presintearre waard as in jeugdroman, wie Mulder it net iens mei dy sjenredefinysje. Sy seach it boek mear as in roman foar folwoeksenen. Yn dit boek sitte in soad autobiografyske trekjes. Dochs hat de koerierster yn dit ferhaal – want dat wie Tiny yn de oarloch ek – net de haadrol. De auteur keas as ferteller in suske, dat noch te jong wie foar koerierstsjinsten en oare saken yn it ferset tsjin 'e besetter. Har âldere suster is de figuer dy't dat soarte wurk docht en dêr't sy as ik-ferteller oer rapporteart. It feit dat in adolesint famke as ferteller optreedt, jout de kâns om de emoasjes goed út te byldzjen. En dat docht de auteur ek. It boek makke yndruk, sjoen it feit dat yn 2004 de sechsde edysje ferskynde, sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Dêrom is it wat frjemd dat de Nederlânske útjouwer letter plannen foar in nije edysje ynloek. Krekt yn dizze tiid mei hurder wurdende stânpunten soe it goed wêze om nochris te lêzen oer de gefolgen fan oarloch en diskriminaasje.

Sa hat Tiny Mulder neist de literatuer foar folwoeksenen ek warber west op it mêd fan de berneliteratuer.

Tiny Jant

Tiny Mulder en Jant van der Weg by de tachtichste jierdei fan Mulder. Foto: Sikke van der Weg.

Lês/harkje ek yn it dossier oer Tiny Mulder:
- 'Het vriendelijke gezicht van Canada', skreaun troch Abe de Vries.  
- 'Foardracht gedichten Tiny Mulder', studinten drage gedichten foar.