Op twa plakken yn Fryslân is in strjitnamme neamd nei Tiny Mulder. Ein april 2019 kaam der fanwege har fersetsferline yn de Frijheidswyk yn Ljouwert in ‘Tiny Mulder-plantsoen’. In jier earder, op 4 maaie 2018 waard yn har berteplak De Sweach it buordsje ‘Tiny Mulder-plein’ ûntbleate (foar De Buorskip oer). By dy lêste gelegenheid spriek Geart de Vries ûndersteande wurden.

Dochs no wer triennen, sleauwe?
Hoe lang is it lyn, in libben lang
En dochs samar wer triennen.
(…)

in libben lyn en altyd noch
dy frijheid en wer triennen.

Dit fragmint út it gedicht ‘Wer triennen’ fan Tiny Mulder is net opnommen yn har Samle Fersen. Se skreau dit fers spontaan doe’t se – it sil yn de betinkingstiid, ein april/begjin maaie, west ha -  foar de safolste kear wer dy bylden foarbykommen seach foar de telefyzje, de films en al dy programma’s oer oarloch en befrijing. Foar de biografy Foar alles is in tiid fertelde se my dat it achterôf miskien frjemd wie dat se noait sa bot gûld hie direkt nei de oarloch. Dêr hie oars alle reden ta west fanwege it ferlies fan safolle freonen en kunde út it ferset dy’t de ein fan de oarloch net belibbe hiene. Tiny hie yn de moannen nei de befrijing  noait net folle wekker lein fan wat der allegearre yn de besettingsjierren bard wie en wat har en al dy oaren oerkommen wie.

Se hat der de tiid net foar nommen en gyng feitlik direkt drok oan it wurk mei oare saken. Yn opdracht fan de eardere yllegaliteit wie se ûnder oaren aktyf as tolk, mar dêrnjonken begûn se as jongeling fan 24 jier mei har sjoernalistike karriêre by it Friesch Dagblad. It kin net genôch sein wurde: dat wie hiel útsûnderlik foar in frou yn dy tiid.
It wie ek in hiel nij fak foar har. “As sjoernalist bin ’k gewoan yn ’t djippe smiten en ik moast mar swimme.”

As ferslachjouwer waard se rûnom foar ynset. Yn septimber ’45 krige se in rûnlieding troch de minen yn Limburch, se wie yn novimber by it proses fan Anton Mussert, mei de krystdagen reizge se troch Ingelân en ein jannewaris ’46 wie se yn Londen by in wichtige, spesjale fergadering fan de krekt oprjochte Feriene Naasjes. Tiny Mulder stie altyd midden yn it libben, ek yn dy nei-oarlochske jierren; se bleau net yn de oarloch hingjen. Lykme allinne makke se yn 1947 har reizen nei Amearika en Kanada. Yn opdracht fan de krante makke se al fan de gelegenheid gebrûk om op besite te gean by de piloaten dy’t sy yn de oarloch holpen hie en ek socht se Fryske ymmigranten op.

De triennen kamen letter en tagelyk it besef dat it yndied net safolle skeeld hie of ek sy hie der net mear west. Dat fertelde se ek yn de biografy: der hie al folle earder in Tiny Mulder-strjitte of Tiny Mulder-plein wêze kind, yn de Ljouwerter Frijheidswyk bygelyks. De wyk dêr’t de strjitten neamd binne, yn earste ynstânsje nei omkommen kollega-fersetsstriders út de oarloch:, Annie Westland (in koerierster dy’t yn har plak wat fuortbringe moast en as gefolch fan ferrie arrestearre en fusillearre waard), Krijn van den Helm, de Ljouwerter drukkersfamylje Van der Weij. It wie tin iis dêr’t de minsken dy’t mei it ferset te krijen hiene op operearje moasten. Hiel wat fan har bêste freonen en kontakten út dy tiid, hiele jonge minsken faak, hat Tiny yn de oarlochsjierren ferlern.

“Ik ha ’t wurk as koerierster noait as in grut aventoer sjoen ek al wie ’t fansels aventoerlik om mei in ploechje piloaten ûnderweis te wêzen. Mar dat hearde derby. Ienkear ûnderweis koe ’k sa koel as in pak iis wêze. Hiest de ynstelling datst diest wat der dien wurde moast, ek it aldergefaarlikste, en datst dy fierders nergens mei bemuoidest”, fertelde Tiny my.

Nei de oarloch, yn de simmer fan ’45, waarden de Fryske fersetsminsken troch de gewestlike stêf fan de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten frege om te rapportearen oer harren wurk yn de oarloch. Ek al skreau Tiny: ‘Ik ben een terroriste in hart en nieren’, wa’t dan grutte spektakulêre ferhalen ferwachtet komt der bekaaid ôf.  
‘Ik hield ontzettend veel van het werk. Natuurlijk zijn er minder prettige dingen voorgevallen, vooral de laatste tijd, maar daar heb ik me steeds weinig aan gestoord en voor lief genomen. De ‘zaak’ was te groot, dan dat er een scheiding gemaakt kon worden tussen prettig en onprettig (…) Hoewel het ettelijke malen een narrow escape was, ben ik nooit gearresteerd geweest, gelukkig! Ik heb ‘de doos’ alleen van binnen bekeken, wanneer ik er kwam om inlichtingen te halen en pakjes te bezorgen. Bij mijn weten zijn er geen vrienden van mij door mijn werk gearresteerd. En, naar ik meen, is er ook niemand door mijn toedoen in de ‘pot’ geraakt of gedupeerd.’

Se hie har foarnommen om sa goed mooglik troch de oarloch hinne te kommen. Bot lêst fan de senuwen hie se noait hân. Opmerklik fûn ik dat se de oarlochstiid noait as de gloarjetiid fan har libben sjoen hat, lyk as safolle oare minsken. “It fersetswurk moast dien wurde en ik ha ’t folbrocht en oerlibbe”, dat wie har ynstelling. Sels hat se har noait as in grutte heldinne sjoen en har wurk as heldhaftich.

Doe’t se der op weromseach, wie se fan betinken dat it har allegearre min ofte mear oerkommen wie, fan it begjin ôf doe’t Piter Wijbenga - lieder fan it distribúsjekantoar fan Smellingerlân - har yn dy earste oarlochsdagen frege om by him op it kantoar te kommen. En dat dy stap safolle oare gefolgen hie: dat der minsken holpen wurde moasten en dat dy help fierder gyng as sljochtweihinne. En dat se sa stapke foar stapke in fersetsorganisaasje yn rûgele. Underdûkers te plak bringe op in feilich plak, soargje foar ferfalske papieren, soargje foar iten, drinken en klean. Jonges, manlju, helpe dy’t oproppen waarden om nei Dútslân ta om dêr te wurkjen. Joadske bern, lyk as har lettere pleechsuske Evelijn, ûnderbringe. Fan de hjerst fan 1943 ôf de help oan delstoarte piloaten. Se die al dat wurk ûnder ferskate falske nammen: Tiny Eringa, Rixt Inia, Anne Marie ten Oever en Helena Henderika van Straaten, maatskiplik wurkster. Fjouwer persoansbewizen hat se yn dy jierren fersliten.

Tiny Mulder plein3

Untbleating fan it buordsje. Foto: Drachtster Courant/Fokke Wester.

Se fertelde ek dat it der hiel linken oan ta gyng. En dat se by keuzes dêr’t se yn dy tiid foar stiene mei harren groep ek wol ris oars hannelen as men achterôf besjoen graach ha wollen hie. Tiny Mulder en har kantoargenoaten yn Smellingerlân ûndertekenen yn ’e hjerst fan 1940 bygelyks kreas it formulier dêr’t yn stie dat se gjin Joadske foarâlden hiene, de beruchte Ariërferklearring. Tiny hat rûn mei in bus fan de Winterhulp. Kieze út twa kweaden, sei se achterôf. Om mar gjin gedoch te krijen mei de besetter en dat se op harren plakje sitten bliuwe koene. Tiny hat har benammen op ferskate plakken besaud oer de ramp dy’t it ferset net tsjinhâlde koe: it fuortfieren fan it grutte tal Joaden út Nederlân wei. “It ferset hat faaks wol mear wollen, mar men kaam der al gau achter dat de mooglikheden om wat te dwaan net sa  grut wiene en dat der gauris wat mislearre.”

Froulju en ferset is in tema dat pas let serieuze oandacht krigen hat. De grutte skiedskriuwer fan de oarloch, Lou de Jong, hie yn syn magnus opus oer de jierren ’40-’45 amper omtinken foar fersetsfroulju. It wurk fan koeriersters wie stypjend en froulju spilen net mear as in rol op ’e achtergrûn, in byrol. Nammers: froulju rûnen fral yn it begjin fan de oarloch ek minder gefaar en koene mear har gong gean as fersetsstriders, omdat de Dútsers allinne mar in rol foar de frou seagen yn de húshâlding en miskien heechút yn klupkes fan woldiedichheid. Mar ferset: nee dat sochten se net direkt achter froulju.

Froulju wiene nammers meast net dwaande mei it grutte ferset, de spektakulêre aksjes lyk as oerfallen op distribúsjekantoaren, mar mear stypjend, mei soarch foar ûnderdûkers, mei it rûnbringen fan bonkaarten. Mei alle klisjeebylden dy’t om it wurk fan de koeriersters hinne hingje. En dan binne der altyd wer de inkelde útsûnderingen lyk as Hannie Schaft, ‘het meisje met het rode haar’, en de Achterhoekse Helena Kuipers dy’t wol nei foaren helle waarden troch De Jong en oaren. Tiny Mulder har namme wurdt net neamd by De Jong.

Folle letter wie it ien fan De Jong syn opfolgers by it Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie, Marjan Schwegman, dy’t skreau dat it ferset folle breder west hat  as it grutte spektakulêre wurk. Sy hie folle mear oandacht foar de rol fan de frou yn it ferset. Sy beneamde dat der gâns mear froulju in rol spile ha as de lettere manlike skiedskriuwers nei de oarloch ha woene.

Hoe’t Tiny Mulder har eigen rol seach, past ek wol wat yn dat patroan. Nochris: se woe harsels absolút net as heldinne en har wurk net as heldhaftich sjen. Mar de kar dy’t sy as jonge frou makke, se wie 20 jier yn 1941 – en ek al wie ’t miskien net altyd sa bewust – it wie fansels achternei besjoen wol deeglik bysûnder en heldhaftich. Want se moast gauris yn alle iensumheid selsstannich grutte beslissingen nimme yn gefaarlike en nuodlike sitewaasjes en se koe dêrby allinne weromfalle op har yntuysje. Altyd ûnderweis, fytse, fytse, fytse op dy âld rykrak. “Nei de oarloch woe ’k noait wer fytse,” hat se wol ris sein. En hieltyd ek wer dat ferhúzjen, want sy moast sels ek ûnderdûke: dan wer ris hjir wenje en dan wer dêr foar langere tiid. It lêste heal jier fan de oarloch hat se op mar leafst tolve adressen wenne.

Tiny hat út hiel wat (oare) rûnten wol deeglik eare en wurdearring krigen foar har wurk. Se komt foar yn de memoires fan ferskate piloaten dêr’t se nei de oarloch kontakt mei ûnderhâlde. ‘The girl with the green hat’ sa stie se bekend by de piloaten. Direkt nei de oarloch krige se ûnderskiedingen út Ingelân en Amearika: de King’s medal for courage in the cause of freedom en de Medal of Freedom mei de sulveren palm.

Mar pas 73 jier nei de oarloch waard der in plein nei Tiny Mulder neamd. Se soe it prachtich fûn ha dat soks yn har bertedoarp Beetstersweach as earste barde. Mei Tiny ha ’k hjir omrûn om oantinkens op te heljen foar it boek Foar alles is in tiid. Prachtige en waarme ferhalen oer har jeugd en oer opoe en omoe.

Nettsjinsteande Tiny har drokke libben wie de oarloch, seker letter yn har libben, gauris tichteby. ‘Wês wach, it kin sa wer barre,’ sei se altyd oan de ein fan har gastlessen op skoallen.

Dochs no wer triennen, sleauwe?
Hoe lang is it lyn, in libben lang
En dochs samar wer triennen.

Geart de Vries (Beetstersweach, 4 maaie 2018)

Tiny Mulder plein2

Geart de Vries jout de lêzing yn 2018. Foto: Drachtster Courant/Fokke Wester.

 Lês/harkje ek yn it dossier oer Tiny Mulder:
- 'Het vriendelijke gezicht van Canada', skreaun troch Abe de Vries.  
- 'Foardracht gedichten Tiny Mulder', studinten drage gedichten foar.
- 'Tiny Mulder skreau ek foar bern', skreaun troch Jant van der Weg.
- 'Oersettingen fan berneliteratuer troch Tiny Mulder', skreaun troch Jant van der Weg.
- 'It suksesresept fan "Tin iis"', troch Gerbrich de Jong.
- 'Tiny Mulder en de oarloch', troch Otto Kuipers, Tresoar.