Yn 1959 skreau de auteur yn De Strikel: ‘Alle foarmen fan journalistike en net-journalistike skriuwerij hie ik sahwat by de hân hawn, útsein it skriuwen fan in roman en fan bernelektuer.’ In bernerubryk yn it Friesch Dagblad wie Tiny oanpraat en se hie der ek net folle fidúsje yn. Mar dat dat in ferkeard oardiel wie, die al gau bliken: se koe net mei de taseine oardel kolom ta. En de bern hellen har, sa’t se skreau, yn harren bernewrâld, dêr’t in ferteller mei fantasy tige wolkom is. Fan 1951 oant 1983 fersoarge se dy rubryk. It wie in twatalige rubryk, al stie it Frysk wol sintraal mei taalleskes en benammen yn de briefkerij mei har jonge lêzers. Se frege de bern materiaal foar de rubryk te leverjen yn de foarm fan ferhalen, ferskes en tekeningen. Dat se genôch stof leveren, docht wol bliken út in sammelbondel dy't yn 1976 ferskynde by it 25-jierrich jubileum fan de rubryk. It boekje belibbe sels noch in twadde printinge (1977).
- Troch Jant van der Weg